Springe nei ynhâld

Dútske mark

Ut Wikipedy
Dútske mark
In bankbiljet fan 100 Dútske mark.
In bankbiljet fan 100 Dútske mark.
identifikaasje
ISO 4217
● koade DEM
lânseigen
   namme
Deutsche Mark (Dútsk)
symboal DM
gebrûk
sintrale bank Deutsche Bundesbank
off. brûkers Dútslân
ûnoff. brûkers Kosovo (1999-2002)
Montenegro (1999-2002)
Bosnje (1992-1998)
fêste
   wikselkoers
Bosnyske ynwiks. mark
Bulgaarske lev
skiednis
ynfierd 20 juny 1948
opheft 1 jannewaris 2002
ferfong ryksmark
ferfongen tr. euro
● yn  DM1,95583
ynflaasje 1,4% (des. 2001)
denominaasjes
1/100 Pfennig
symb. 1/100 pf
muntjild 1pf, 2pf, 5pf, 10pf, 50pf,
DM1, DM2, DM5
papierjild DM5, DM10, DM20, DM50,
DM100, DM200, DM500,
DM1000

De Dútske mark (Dútsk: Deutsche Mark; útspr.: ['dɔʏʧə 'maɐ̭k], likernôch: "daai-tsjuh maak" mei de Klaaifryske 'aai'; Lûdsfragmint beharkje), formeel ôfkoarte ta DM mar ek faak D-Mark neamd, wie de offisjele muntienheid fan it weriene Dútslân fan 1990 oant 2002, en dêrfoar fan West-Dútslân fan 1948 oant 1990. Dizze muntienheid waard ynfierd ûnder de Alliëarde besetting fan Dútslân nei de Twadde Wrâldoarloch, en kaam doe yn it plak fan 'e ryksmark. De Dútske mark ûntjoech him fan likernôch 1960 ôf ta ien fan 'e sterkste en stabylste muntienheden fan 'e wrâld, en it wie by banksaken nei de Amerikaanske dollar de meast brûkte ynternasjonale reservemunt. Yn 2002 waard de Dútske mark ferfongen troch de euro. De Dútske mark waard útjûn troch de Deutsche Bundesbank en wie ferdield yn hûndert pfennige oftewol peinjes.

Skiednis

Foarskiednis

De mark hie de muntienheid fan Dútslân west sûnt de Dútske Ienwurding fan 1871. Foartiid hiene de ûnderskate Dútske steaten allegear harren eigen muntienheid, hoewol't de measten dêrfan keppele wiene oan 'e ferieningsdaalder (Vereinsthaler), in sulveren munt dy't 162/3 g poer sulver befette. De earste mark wie de goudmark (Goldmark), dy't yn 1873 yntrodusearre waard. Hoewol't dy basearre wie op goud ynstee fan op sulver, bestie der in fêste wikselkoers fan 3 marken tsjin 1 ferieningsdaalder.

Doe't yn 1914 de Earste Wrâldoarloch útbriek, waard de goudmark loskeppele fan 'e goudstandert. Dêrtroch kaam er bekend te stean as de papiermark (Papiermark), fral doe't de ynflaasje nei nea earder foarkommen nivo's stige, en letter sels hyperynflaasje útbriek. Al it muntjild, dat neat mear wurdich wie, waard doe ôfskaft, sadat de goudmark inkeld noch út papierjild bestie. Yn novimber 1923 waard de papierrende goudmark hielendal ôfskaft en ferfongen troch earst de rintemark (Rentenmark, RM), en fan 1924 ôf troch de ryksmark (Reichsmark, ℛℳ).

Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard hiel Dútslân beset troch de Alliëarden. De earste pear jier slagge it de fjouwer besettingsmachten (de Feriene Steaten, de Sovjet-Uny, it Feriene Keninkryk en Frankryk) net om ta oerienstimming te kommen oangeande in Dútske falutaherfoarming. Dat kaam net inkeld om de Sovjet-Uny dwerslei; ek de Feriene Steaten woene yn 't earstoan net meiwurkje, om't it Amerikaanske besettingsbelied oant july 1947 útgie fan regel JCS 1067, wêryn't eltse stap ferbean waard dy't de Dútske finansjele struktuer fuortsterkje koe. Fan gefolgen waard yn elts fan 'e fjouwer besettingssônes in oar monetêr belied fierd en printe eltse besettingsmacht syn eigen besettingsjild.

Ynfiering

De Dútske mark waard formeel yntrodusearre op snein, 20 juny 1948 troch Ludwig Erhard, de direkteur-generaal fan Ekonomyske Saken fan it Bisônaal bestjoer (fan 'e Amerikaanske en Britske besettingssône). De âlde ryksmark en ek noch de rintemark waarden tsjin 'e nije muntienheid ynruile yn in ferhâlding RM 1 : DM 1, alteast wat leanen en oare essinsjele betellings oangie. Foar sparrekkens wie de ferhâlding RM 1 : DM 0,10, wêrby't de helte fan 'e banktegoeden boppedat in skoft beferzen waard, sadat net alles yn ien kear opnommen wurde koe. Grutte bedraggen yn kontanten waarden omwiksele yn 'e ferhâlding RM 10 : DM 0,65. Wol krige eltse Dútser in talage fan DM 60, dy't yn twa dielen útbetelle waard, earst DM 40 en letter nochris DM 20.

1-markbiljet út 'e earste searje fan 'e Dútske mark, út 1948.

In pear wiken letter liet Erhard, op 'e nij op snein, op eigen manneboet in edikt útgean dat in protte ekonomyske regels fan 'e nazys ôfskafte, dy't de Alliëarden gewurde litten hiene. Hy die dat op snein om't dan de kantoaren fan 'e Amerikaanske, Britske en Frânske besettingsmachten ticht wiene, sadat se him net tsjinhâlde koene.

De ynfiering fan 'e nije muntienheid wie bedoeld om West-Dútslân te behoedzjen foar in twadde weach fan hyperynflaasje, en teffens om 'e rûnombywêzige ruilhannel en swarte hannel (mei Amerikaanske sigaretten as muntienheid) tsjin te gean. Hoewol't de Dútske mark yn 't earstoan net yntrodusearre waard yn 'e Westerske besettingssônes yn Berlyn, dy't mei-inoar West-Berlyn foarmen, beskôge de Sovjet-Uny it likegoed as in bedriging. It late ta in krisis dy't ta in hichtepunt kaam yn 'e Blokkade fan Berlyn. Dy waard troch de Amerikanen en de Britten brutsen mei in loftbrêge, wêrnei't de Westerske besettingsmachten de Dútske mark ek yn West-Berlyn ynfierden. De Sovjet-Uny fierde dêrop yn syn eigen besettingssône, de lettere Dútske Demokratyske Republyk, de Eastdútske mark yn, dy't yn 'e folksmûle al rillegau de Ostmark kaam te hjitten.

Fierdere ûntwikkelings

Op 1 jannewaris 1957, doe't it Frânske Saarprotektoraat weromjûn en as Saarlân yn 'e Bûnsrepublyk Dútslân opnommen waard, bleau dêr de Saarfrank jildich. Dat wie in muntienheid dy't oan 'e Frânske frank keppele wie mei in ferhâlding 1:1. Oardel jier letter, op 9 july 1959, waard de Saarfrank ôfskaft en ferfongen troch de Dútske mark, mei in ferhâlding fan 100 Saarfrank : DM 0,8507.

De Dútske mark hie fan likernôch 1960 ôf de reputaasje ien fan wrâlds stabylste muntienheden te wêzen. Dat kaam troch it monetêr belied fan 'e Dútske sintrale bank, de Deutsche Bundesbank, dat (yn ferhâlding ta oare Jeropeeske muntienheden) 'hurd' wie as it gie om saken as ynflaasje en politike bemuoienis. De Dútske mark wie by banksaken, foar de ynfiering fan 'e euro, nei de Amerikaanske dollar de meast brûkte ynternasjonale reservemunt. De Jeropeeske Sintrale Bank waard letter fierhinne op deselde grûnslach fêstige.

By de Dútsk-Dútske weriening, yn 1990, spile de Dútske mark in wichtige rol. Hy waard yn july fan dat jier as muntienheid ynfierd yn East-Dútslân (oftewol de DDR), en ferfong dêr de Eastdútske mark (Mark der DDR). Dat barde noch foàr de eigentlike weriening fan 'e beide lannen op 3 oktober 1990. Eastdútske marken koene ynwiksele wurde tsjin Dútske marken mei in ferhâlding 1:1 foar de earste 4.000 mark en mei de ferhâlding 2:1 foar alle hegere bedraggen. It Dútske regear en de Deutsche Bundesbank rekken oer dy wikselkoers bot deilis. Dêropta krige eltse ynwenner fan 'e DDR foarôfgeande oan 'e weriening in Begrüßungsgeld ("begroetingsjild") fan DM 100 yn kontanten útbetelle.

Efterkant (kopkant) fan 'e gouden 1-markmunt dy't yn 2001 yn beheinde oplaach slein waard.

Fan 1992 oant en mei 1998 waard de Dútske mark ek yn Bosnje-Hertsegovina brûkt as muntienheid, foar't dêr de Bosnyske ynwikselbere mark ynfierd waard. Fan 1999 oant 2002 wie de Dútske mark fierders de muntienheid fan Kosovo ûnder it UNMIK-bestjoer fan 'e Feriene Naasjes, en teffens fan Montenegro, dêr't oant 2000 njonken de mark ek de Joegoslavyske dinar wetlik betelmiddel wie.

Oergong op 'e euro

Yn 1992 besleaten de measte lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny by it Ferdrach fan Maastricht ta de ynfiering fan in mienskiplike muntienheid, wêrfan't de namme yn 1995 as 'euro' fêstlein waard. Yn Dútslân wie in protte ferset tsjin 'e nije munt, mei't in soad Dútsers ferknotte wiene oan 'e Dútske mark. Nettsjinsteande dat besleat it Dútske regear dochs troch te setten. Op 31 desimber 1998 stelde de Ried fan 'e Jeropeeske Uny de wikselkoers fan 'e Dútske mark mei de euro fêst op DM 1,95583 : €1.

Yn 1999 waard de Dútske mark ferfongen troch de euro, hoewol't it munt- en papierjild yn omrin bleau (fan dat stuit ôf omskreaun yn termen fan euro's) oant de fysike ynfiering fan 'e euro op 1 jannewaris 2002. Dy deis waarden mei-iens alle markmunten en -biljetten ûnjildich, yn tsjinstelling ta de sitewaasje yn guon oare lannen fan 'e eurosône, dêr't de euro en de âlde munt ferskate moannen njonkeninoar jildich wiene. Nettsjinsteande dy wetlike sitewaasje waard it beteljen mei Dútske marken yn Dútslân yn 'e praktyk noch oant 28 febrewaris 2002 tastien.

De Deutsche Bundesbank hat garandearre dat alle munt- en papierjild yn Dútske marken altyd noch omwiksele wurde kinne ta euro's. Dat kin by eltse fêstiging fan 'e Bundesbank en men mei it ek oer de post nei de Bundesbank opstjoere. Yn 2012 waard rûsd dat der noch foar DM 13,2 miljoen yn omrin wie. By in opinypeiling út itselde jier wie in lytse mearderheid fan 'e Dútsers foar de ôfskaffing fan 'e euro en de werynfiering fan 'e Dútske mark.

Denominaasjes

Muntjild

ôfbylding denominaasje jildich gearstalling efterkant (kop) foarkant (munt)
1 pfennig 19482001 19481949: ferbrûnze stiel
19502002: ferkopere stiel
denominaasje
tusken roggestâlen
iketwiich
2 pfennig 19502001 19501968: brûns
19682002: ferbrûnze stiel
denominaasje
tusken roggestâlen
iketwiich
5 pfennig 19492002 fergielkopere stiel denominaasje
tusken roggestâlen
iketwiich
10 pfennig 19492002 fergielkopere stiel denominaasje
tusken roggestâlen
iketwiich
50 pfennig 19492002 koper-nikkellegearring denominaasje frou dy't in
ikebeamke plantet
DM 1 19502002 koper-nikkellegearring denominaasje
tusken ikeblêden
Dútske earn
DM 2 19511956 koper-nikkellegearring denominaasje tusken
roggestâlen en druven
Dútske earn
19571971 koper-nikkellegearring Max Planck Dútske earn,
denominaasje dêrûnder
19692002 koper-nikkellegearring 19691987: Konrad Adenauer
19701987: Theodor Heuss
19791993: Kurt Schumacher
19882002: Ludwig Erhard
19902002: Franz Josef Strauss
19942002: Willy Brandt
Dútske earn,
denominaasje dêrûnder
DM 5 19511974 sulver-koperlegearring denominaasje Dútske earn
19752002 koper-nikkellegearing denominaasje Dútske earn

Papierjild

4e searje (1989)
ôfbylding ôfmjittings wearde yn haadkleur omskriuwing datum fan
efterkant foarkant efterkant foarkant 1e printinge ynfierd ynlutsen
122×62 mm €2,56 grien Bettina von Arnim, histoaryske gebouwen fan Berlyn Brandenburger Tor 01/08/1991 27/10/1992 31/12/2001
130×65 mm €5,11 pears Carl Friedrich Gauss, histoaryske gebouwen fan Göttingen sekstant 02/01/1989 16/04/1991 31/12/2001
138×68 mm €10,23 akwa Annette von Droste-Hülshoff, histoaryske gebouwen fan Meersburg guozzefear en bûkebeam 01/08/1991 20/03/1992 31/12/2001
146×71 mm €25,56 oliifgrien Balthasar Neumann, histoaryske gebouwen fan Würzburg diel fan 'e Residinsje fan Würzburg 02/01/1989 30/09/1991 31/12/2001
154×74 mm €51,13 blau Clara Schumann, histoaryske gebouwen fan Leipzig fleugelpiano 02/01/1989 01/10/1990 31/12/2001
162×77 mm €102,26 oranjeread Paul Ehrlich, histoaryske gebouwen fan Frankfurt am Main mikroskoop 02/01/1989 01/10/1990 31/12/2001
170×80 mm €255,65 read Maria Sibylla Merian, histoaryske gebouwen fan Neurenberch hynsteblom, rûp, flinter 01/08/1991 27/10/1992 31/12/2001
Ofbyld:1000 DM Serie4 Vorderseite.jpg 178×83 mm €511,29 brún Wilhelm en Jacob Grimm, histoaryske gebouwen fan Kassel it Dútsk Wurdboek 01/08/1991 27/10/1992 31/12/2001

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.