Max Planck

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Max Planck om 1930 hinne
Hantekening fan Max Planck

Max Karl Ernst Ludwig Planck (Kiel, 23 april 1858Göttingen, 4 oktober 1947) wie in Dútske natuerkundige op it mêd fan de teoretyske natuerkunde. Hy krige de 1918 Nobelpriis foar de Natuerkunde yn 1919 [1] foar de ûntdekking fan in konstante yn in fûnemintele natuerkundige ferliking, de Konstante fan Planck, dy 't yn alle ferlikingen fan de kwantummeganika foarkomt.

Nei syn stúdzjes yn München en Berlyn folge Planck yn 1885 earst in oprop om nei Kiel te gean, wêrnei't er yn 1889 nei Berlyn ferhuze. Dêr wurke Planck oan de strieling fan swarte lichems en yn 1900 koe er in formule presintearje dy't letter nei him ferneamd waard, Plancks strielingsformule, dy't dy strieling foar it earst korrekt beskreau. Dêrmei lei er de basis foar de moderne kwantumfysika.

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Max Planck


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: