Stedhûs fan Sleat
Stedhûs fan Sleat | ||
bouwurk | ||
It âlde stedhûs fan Sleat | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
De Fryske Marren | ||
plak | Sleat | |
adres | Hearewâl 48 | |
koördinaten | 53° 53' 41" N 5° 38' 44"E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | stedhûs | |
boujier | 1759 (ferfong in âlder stedhûs) | |
boustyl | klassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33851 [1] | |
kaart | ||
It Stedhûs fan Sleat is nei de gemeentlike weryndieling yn 1984 in earder stedhûs út 1761 yn de stêd Sleat. Yn it gebou sit no it Museum Stedhûs Sleat, dêr't de Laterna Magica, in samling tsjoenderslantearnen fan Peter Bonnet, yn ûnderbrocht is. It is ek in troulokaasje.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Stedhûs fan Sleat waard yn 1759 yn klassisistyske styl boud en ferfong in âlder stedhûs. It stedhûs hat oant de gemeentlike weryndielings fan 1984 stjinst dien. Doe gie de gemeente Sleat op yn de nije gemeente Gaasterlân-Sleat, dy't yn 2014 wer opgie yn de fúzjegemeente De Fryske Marren. It iennige dat noch weromtinkt oan de tiid dat it in stedhûs wie, is dat it noch hieltyd in offisjele troulokaasje is.
It gebou is trije traveeën breed. It hat in folsleine ferdjipping ûnder in dwerstek tusken topgevels mei in topskoarstien dêr't in skoarstienboerd op pleatst is. De foargevel en de súdlike sydgevels binne boud mei brúnread mangaanstien mei tinne kalkspeesjefoegen. De noardergevel dy't mear ynboud is, is makke fan reade bakstien.
Boppe de yngong yn it timpaan is it wapen fan Sleat oanbrocht mei de letters SPQS, in ôfkoarting fan de Latynske wurden Senatus Populesques Slotensis itjinge "Bestjoer en Folk fan Sleat" betsjut.
De riedseal en de fertrekseal binne op de earste ferdjipping wylst de boargemasterkeamer op de grûnferdjipping is.
Nijsgjirrich is it plasterwurk yn de riedseal dy't yn 1791 yn Loadewyk XIV-styl oanbrocht waard troch Johan Bernard Logeman (1748-1814). Logeman kaam út út Waardenburg yn it greefskip Aldenburch, mar learde it plasterjen yn Hollân. Logeman wie in plasterwurker, dy't fan plaster muorre- en plafondsiersels meitsje koe. Plaster is in mingsel fan gips, moarmerpoeier en lymwetter dy't fluch hurd wurdt. Doe't er 26 jier âld wie, fêstige er yn Grins, en trochdat yn de achttjinde iuw ynterieurkeunst ûnder Frânske ynfloed populêr waard, hie er genôch wurk. In soad fan syn wurk is yn Noard-Nederlân te bewûnderjen. Ferskate rike keaplju lieten harren balkeplafond fuortwurkje benefter glêde plasterplafonds mei siersels dêryn. Dochs is syn wurk gâns oars. Logeman krige yn syn Hollânske leartiidrek (1765-1775) te krijen mei de styl dy't yn de moade wie: rokoko mei swierige siersels, dochs folge er in nije metoade fan it strakkere neoklassisisme mei syn motiven út de Klassike Aldheid.[2]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Stedhuzen yn Fryslân | ||
---|---|---|
Boalsert • Dokkum • Drylts • Frjentsjer • Harns • Hylpen • Ljouwert • Sleat • Snits • Starum • Warkum | ||
· · |