PC 2021
PC 2021 | ||||
Algemien | ||||
lân | Nederlân | |||
provinsje | Fryslân | |||
gemeente | De Waadhoeke | |||
plak | Frjentsjer | |||
fjild | Sjûkelân | |||
org. troch | Permaninte Kommisje fan de Frjentsjerter Balferkeatsersdei | |||
Data | ||||
Datum | 4 augustus 2021 | |||
Edysje | 168 | |||
Finale | Partoer 3 Bergsma - Partoer 13 Zijlstra | |||
Winners | Gert-Anne van der Bos Taeke Triemstra Erwin Zijlstra | |||
Kening | Erwin Zijlstra | |||
Navigaasje | ||||
foarrige edysje | PC 2019 | |||
folgjende edysje | PC 2022 | |||
offisjele webside | ||||
pc-franeker.nl | ||||
|
De PC fan 2021 waard op woansdei 4 augustus ferkeatst. It wie neffens de nûmering fan 'e PC-organisaasje de 168e edysje fan it evenemint (hoewol't de 167e edysje, yn 2020, eins net spile wie omreden fan 'e koroanafiruspandemy). It evenemint fûn plak by sinneskynwaar ôfwiksele mei wat lichte bewolktens. Der hearsken oangename temperatueren. Oan 'e talitting fan publyk wiene beheinings steld y.f.m. de noch altyd hearskjende koroanapandemy. De winners fan 'e PC 2021 wiene Gert-Anne van der Bos fan Mantgum, Taeke Triemstra fan Sint-Jabik en Erwin Zijlstra fan Easterlittens. Erwin Zijlstra waard ta kening keazen.
Koroanabeheinings
Yn it ramt fan 'e noch altyd hearskjende koroanafiruspandemy gouwen der by de PC fan 2021 in protte maatregels dy't fersprieding fan it firus foarkomme moasten. Sa wie de tagong beheind ta in publyk fan krapoan 5.000 minsken, wylst oare jierren altyd tusken de 8.500 en 9.000 belangstellenden op it Sjûkelân talitten waarden. Alle oanwêzigen waarden fierders strang kontrolearre en moasten oan 'e hân fan in QR-koade oantoane dat se òf folslein faksinearre wiene, òf dat se maksimaal 24 oeren foar it begjin fan 'e PC op koroana test wiene, mei negatyf resultaat.
Eins hie it sa wêze moatten dat lju dy't net oer sa'n (boppedat funksjonearjende) QR-koade beskikten, net talitten waarden. Mar de organisaasje striek de hân oer it hert foar in stikmannich âldere keatsfans mei in útprinte QR-koade (om't se net oer mobile tillefoan beskikten) dy't troch de scanapparatuer net oppikt waard. Ek inkele Belgen mei in yn Nederlân eins net jildige Belgyske QR-koade waarden dochs talitten. Foar lju dy't wol fuortstjoerd waarden, wie yn Grand Café De Doelen, oan 'e Bredepleats, in trijekoppige helpdesk ynrjochte om te besykjen it spul dochs noch op 'e rails te krijen.[1]
Earste list
nû. | partoer | útslach | nû. | partoer |
---|---|---|---|---|
1. | Tsjerk Elsinga Kevin Jordi Hiemstra Johannes van der Veen |
5 – 2 6 – 4 |
2. | Sip Jaap Bos Riemer Hoekstra Lieuwe van der Werff |
3. | Marten Bergsma Dylan Drent Hendrik Kootstra |
5 – 2 6 – 4 |
4. | Jouke Bosje André van Dellen Willem Heeringa |
5. | Renze Hiemstra Tjisse Steenstra Hans Wassenaar |
5 – 4 6 – 0 |
6. | Sjoerd de Jong Pieter Jan Plat Bauke Triemstra |
7. | Allard Hoekstra Laas Pieter van Straten Peter van Zuiden |
5 – 2 6 – 4 |
8. | Haye Jan Nicolay Evert Pieter Tolsma Jelte Visser |
9. | Jorn Lars van Beem Thomas Dijkstra Steven Koster |
3 – 5 2 – 6 |
10. | Gerben de Boer Paul Dijkstra René de Haan |
11. | Jelle Attema Pieter Jan Leijenaar Gabe van Popta |
1 – 5 4 – 6 |
12. | Auke Boomsma Hyltje Bosma Patrick Scheepstra |
13. | Gert-Anne van der Bos Taeke Triemstra Erwin Zijlstra |
5 – 1 6 – 0 |
14. | Jelte-Pieter Dijkstra Youri de Groot Hendrik Jan van der Velde |
15. | Remmelt Bouma Bauke Dijkstra Thomas van Zuiden |
3 – 5 4 – 6 |
16. | Enno Kingma Kees van der Schoot Menno van Zwieten |
Twadde list
nû. | partoer | útslach | nû. | partoer |
---|---|---|---|---|
1. | Tsjerk Elsinga Kevin Jordi Hiemstra Johannes van der Veen |
1 – 5 6 – 6 |
3. | Marten Bergsma Dylan Drent Hendrik Kootstra |
5. | Renze Hiemstra Tjisse Steenstra Hans Wassenaar |
5 – 2 6 – 2 |
7. | Allard Hoekstra Laas Pieter van Straten Peter van Zuiden |
10. | Gerben de Boer Paul Dijkstra René de Haan |
5 – 4 6 – 4 |
12. | Auke Boomsma Hyltje Bosma Patrick Scheepstra |
13. | Gert-Anne van der Bos Taeke Triemstra Erwin Zijlstra |
5 – 2 6 – 6 |
16. | Enno Kingma Kees van der Schoot Menno van Zwieten |
Heale finale
nû. | partoer | útslach | nû. | partoer |
---|---|---|---|---|
3. | Marten Bergsma Dylan Drent Hendrik Kootstra |
5 – 1 6 – 4 |
5. | Renze Hiemstra Tjisse Steenstra Hans Wassenaar |
10. | Gerben de Boer Paul Dijkstra René de Haan |
3 – 5 6 – 6 |
13. | Gert-Anne van der Bos Taeke Triemstra Erwin Zijlstra |
Finale
nû. | partoer | útslach | nû. | partoer |
---|---|---|---|---|
3. | Marten Bergsma Dylan Drent Hendrik Kootstra |
2 – 5 6 – 6 |
13. | Gert-Anne van der Bos Taeke Triemstra Erwin Zijlstra (kening) |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|