De Omgong fan Frankryk (Frânsk: Tour de France Femmes) is in hurdfytswedstriid fan meardere dagen foar froulju yn Frankryk. Tusken 1984 en 2009 wiene der ferskate wedstriden dy 't sjoen waarden as de Omgong fan Frankryk foar froulju. Fan 2014 oant en mei 2021 waard ûnder de Omgong fan Frankryk foar manlju in wedstriid fan ien dei foar froulju (La Course) organisearre troch de ASO. Fan 2022 ôf is der wer in etappekoers fan mear dagen.
Skiednis
Yn 1955 waard foar ien kear in Omgong fan Frankryk foar froulju ferriden, dêr 't 41 fytsters oan meidiene. De wedstriid bestie út fiif etappen en waard wûn troch Millie Robinson.
Tour de France féminin & Tour de la CEE féminin
Fan 1984 oant en mei 1989 waard de wedstriid ûnder de namme Tour de France féminin hâlden, op deselde dagen en oer itselde parkoers as de manlju. Direkteur Jean-Marie Leblanc besleat nei de wedstriid fan 1989 op te hâlden om't it neffens him ekonomysk net rendabel wie. De wedstriid waard fan 1990 ôf net mear gelyk mei de manlju ferriden en hjitte oant en mei 1993 Tour de la CEE féminin. Dêrnei hold de wedstriid op, om't der problemen wiene mei it oanlûken fan sponsoaren en gaststêden, wêrtroch't der faak lange ferpleatsingen wiene tusken de etappen.
La Grande Boucle féminine
Tagelyk waard fan 1992 ôf de Tour cycliste féminin yn augustus organisearre troch Pierre Boué], in konkurrint fan Société du Tour de France. Yn 1998 moast de wedstriid fan namme feroarje, omdat de namme tefolle like op de Omgong fan Frankryk en hjitte fan doe ôf La Grande Boucle féminine (nei La Grande Boucle, de bynamme fan de Omgong fan Frankryk). Mei troch de Festina-affêre by de manlju yn de Tour fan 1998 waard it oanlûken fan sponsors allinnich mar dreger. Yn 2004 waard de wedstriid net hâlden. Foarhinne telde de omgong tusken de 10 en 15 etappes, mar sûnt 2005 noch mar fiif (yn ien regio) en dêrtroch waard de Omgong net mear klassifisearre troch de UCI en krige it in benammen nasjonaal dielnimmersfjild. Yn 2008 telde de wedstriid sân etappes op seis dagen en yn 2009 bestie de lêste edysje noch út mar fjouwer etappes troch it annulearjen fan de earste trije etappes yn Bretagne. De winneres fan de lêste edysje, Emma Pooley, grapte dat it noch mar in Petite Boucle wie yn stee fan in Grande Boucle. Nei't de Tour de l'Aude in 2010 en de Route de France yn 2016 ophold te bestean, wie de Giro Donne de iennige oerbleaune Grutte Omgong foar froulju.
La Course
Nei in petysje fan Marianne Vos, Emma Pooley, Kathryn Bertine en Chrissie Wellington waard der op 27 july 2014, de lêste dei fan de Omgong fan Frankryk foar manlju, in wedstriid fan ien dei mei de namme Omgong fan Frankryk foar froulju yntrodusearre. Vos wûn de earste edysje. De earste trije jier waard riden op de Champs Élysées yn Parys. Yn 2017 en 2018 wie de wedstriid yn de Alpen, mei oankomst op respektyflik de Col d'Izoard en Le Grand-Bornand. Beide edysjes waarden wûn troch Annemiek van Vleuten. Yn 2019 wie Pau de gast stêd mei wer Vos as winneres. De lêste twa edysjes waarden ferriden by de start fan de Tour yn Nice en Bretagne. De lêste edysje yn 2021 waard wûn troch Demi Vollering.
Tour de France Femmes
Op 12 maaie 2021 makke de ASO bekend dat der yn 2022 wer in Omgong fan Frankryk foar froulju wêze sil mei de namme Tour de France Femmes 2022. It definitive parkoers waard yn oktober 2021 bekend makke: de omgong sil acht dagen duorje, mei de start op de lêste dei foar de manlju op 24 july yn Parys en de slotrit finisht op La Planche des Belles Filles.
Winners
Winners Tour de France féminin 1984-1989
Winners Tour de la CEE féminin 1990-1993
Winners Tour cycliste féminin 1992-1997
Winners La Grande Boucle féminine 1998-2009
Winners La Course 2014-2021
Winners Tour de France Femmes
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|