Betlehim
Betlehim بيت لحم בית לחם | ||
Betlehim | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Palestina | |
gûvernemint | Betlehim | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 28.591 (2017) | |
Oerflak | 10,611 km² | |
Befolkingsticht. | 2.700/ km² | |
Hichte | 765 m | |
Oar | ||
Stifting | om 1400 f.Kr. hinne | |
Tiidsône | UTC+2 | |
Koördinaten | 31° 42' 11" NB, 35° 11' 44" EL | |
Offisjele webside | ||
Webstee fan de Gemeente Betlehim | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
De rin fan de muorre by Betlehim |
- Dizze side giet oer de stêd yn de westlike Jordaanouwer. Foar oare betsjuttings, sjoch: Bethlehem (betsjuttingsside).
Betlehim of Betlehem (Arabysk: بيت لحم, Bayta Laḥm, "fleishûs"; Hebriuwsk בית לחם, Bet Leḥem, "breahûs") is in Palestynske stêd yn it Westjordaanlân. Betlehim hie 28.591 ynwenners yn 2017. It oanswettende Beit Jala en Beit Sahour hawwe efterelkoar 13.000 en 12.000 ynwenners. De flechtlingekampen Dheisheh, Aida en Beit Jebreen binne wilens yn Betlehim opnaam: earmoedige wenwiken, dy't it meast hawwe moatte fan help fan de FN.
Betlehim leit likernôch 10 kilometer besuden Jeruzalem en 765 meter boppe seenivo (30 meter heger as Jeruzalem).
Skiednis
Iere skiednis
Sa as de namme ferwiist wie it gea fan Betlehim in fruchtber gea. Betlehim waard foar it earst neamd yn de Amarnabrieven út it Alde Egypte fan 1350-1330 f.Kr. It plak waard doe bewenne troch Kanaäniten. Yn de Tenach wurdt sprutsen fan dat Betlehim it berteplak fan kening David wie en dat de stêd it plak wie dêr't er as kening fan it feriene keninkryk Israel salve waard. Ek wurdt der sprutsen dat Betlehim in fersterke stêd dy't troch Rechabeäm, de earste kening fan it keninryk Juda, oplutsen waard. Yn it Alde Testamint wurdt Betlehim neamd yn Genesis 35:20 en 48:7, dêr't stiet: "Efrath, dat is Betlehim", itjinge fruchtber lân betsjutte. Ek Rachel, de twadde frou fan Jakob soe dêr ferstoarn wêze. Yn it boek Ruth wurdt Betlehim neamd en yn Micha stiet dat Betlehim it berteplak fan in nije hearsker wêze soe.
Yn it Nije Testamint, neffens de evangeeljes fan Mattéus en Lukas, wurdt sprutsen dat Betehim it berteplak fan Jezus fan Nazaret is. Under Romeinsk gesach waard Betlehim troch keizer Hadrianus ferwoastge yn it ramt fan it delslaan fan de Joaden yn de Bar Kochba-opstân. Helena, mem fan keizer Konstantyn de Grutte seach der op ta dat Betlehim weropboud waard. Yn opdracht fan Konstantyn de Grutte waard op it berteplak fan Jezus yn 327 de Bertetsjerke boud. Yn 529 rekke de tsjerke swier skeind troch de Samaritanen yn de Samaritaanske opstannen. Nei't it Byzantynske Ryk de opstannen delslein hie, waard de tsjerke yn 565 troch keizer Justinianus de Grutte weropboud.
Midsiuwen
Yn 637 waard Betlehim oermastere troch moslimlegers. Omar ibn al-Chattab, de twadde kalyf, sei ta dat de Bertetsjerke bewarre bliuwe soe foar kristlik gebrûk. Njonken de tsjerke waard in moskee, tawijd oan Omar, boud. Yn de achtste iuw kaam Betlehim yn hannen fan it kalifaat fan de Omajaden en yn de njoggende iuw fan de Abbasiden. In Perzyske geograaf naam yn de mid njoggende iuw waar dat der in goed bewarre bleaune tsjerke, dêr't in soad yn fereare waard, yn de stêd stie. Yn 985 makke in Arabyske geograaf in besite oan Betlehim en ferwiisde nei syn tsjerke as de "Basilyk fan Konstantyn". Yn 1099, oardere de sechsde kalyf fan de Fatimiden, Al-Hakim bi-Amr Allah, it ôfbrekken fan de Bertetsjerke, dochs pleatslike moslims kamen yn ferwar, omreden se tastien wiene en brûk it súdlike transept fan de tsjerke.
Oant 1099 holden de moslims de macht oer de stêd, doe't it troch de Krúsfarders oermastere waard. Dy bouden in nij kleaster oan de noardkant fan de Bertetsjerke. De Gryksk-Otterdokse geastlikheid waard ferfongen troch Latynske (Rooms-katolike) geastliken. Oant doe ta wie de Gryksk-Otterdokse Tsjerke de offisjele kristlike tsjerke yn de kontreien. Op krystdei yn 1100 waard kening Boudewyn I, de earste kening fan it Frankyske Keninkryk Jeruzalim kroane, en in jier letter waard de earste Latynske bisdom yn Betlehim stifte.
Yn 1187 oermastere sultan Saladin fan Egypte Betlehim fan de Krúsfarders. De Latynske geastliken waren twongen fuort te gean, en de Gryksk-Otterdokse geastliken mochten weromkomme. De hannelrûte fan de pilgrims nei Betlehim rekke dêrtroch wei, om't it tal Jeropeeske pilgrims fluch tebekrûn. Greve Willem IV fan Nevers hat de kristlike biskoppen fan Betlehim tasein dat as Betlehim yn de hannen fan de moslims falle soe, hy harren wolkom hjitte soe yn de lytse stêd Clamecy yn Boergonje. De biskop fan Betlehim ferfear yn 1223 yndie nei Clamecy en dat stedsje bleau oant de Frânske Revolúsje yn 1789 it sit fan it bisdom Betlehim. Yn 1229 waard tusken keizer Freark II fan it Hillige Roomske Ryk en sultan Al-Kamil fan de Ajjûbiden in tsjienjierrich bestân sletten tsuken de Ajjûbiden en de Krúsfarders, oangeande Betlehim, Jeruzalim, Nazaret en Sidon, dy't tydlik oan it Keninkryk Jeruzalim ôfstien wurde soene. Yn 1239 einige it bestân en waard Betlehim yn 1244 fannijs troch de moslims oermastere. Doe't yn 1250 de stêd yn hannen fan de Mammelukken kaam, waard de tolerânsje foar kristenen oer gâns minder. Geastliken lutsen út de stêd wei en yn 1263 waarden de stedsmuorren ferneatige. De Latynske geastliken kamen de folgjende iuw werom yn it kleaster njonken de Bertetsjerke. De Gryksk-Otterdoksen mochten it behear oer de basilyk hâlde en dielden it behear oer de saneamde "Molkhoale" mei de Latinen en de Armenen. Dy Molkhoale wie de hoale dêr't Marije mei Joazef en Jezus harren yn ferskûle hawwe soene by de bernemoard yn Betlehim troch kening Herodus de Grutte, oant in ingel fan de Heare Joazef yn in dream de opdracht joech en flechtsje nei Egypte (Mattéus 2:13-20).
Ottomaanske tiid
Nei de kriich tusken de Mammelukken en it Ottomaanske Ryk yn 1516 en 1517 kaam de stêd yn hannen fan de Ottomanen. Yn dy snuorje wie der in grut skeel tusken de Gryksk-otterdoksen en Roomsk-katoliken. De kristenen foarmen noch hieltyd in gruttere befolkingsgroep as de moslims yn Betlehim. Betlehim bestie yn dy tiid út sân wiken, dêr't der trije fan moslims fan wiene. De moslims en kristenen waarden pleatslik bestjoerd troch harren eigen mienskippen, elts mei harren eigen lieders. Oan de ein fan de sechstjinde iuw wie Betlehim ien fan de grutste plakken yn Palestina, mei in befolking fan 1.435 wie er it trettjinde grutte plak yn dy tiid. Betlehim betelle belestings foar weet, garst en druven yn dy tiid. Neffens Ottomaanske belestingsdokuminten wie de kristlike mienskip mear gegoede as de moslims, alteast hja ferbouden mear nôt as druven, dêr't nôt mear wurdich by wie as druven.
Fan 1831 oant 1841 rekke Palestina ûnder de hearskippij fan de Mohammed Ali-dynasty fan Egypte. Yn dy snuorje waard de stêd troch in ierdskodding troffen. Yn 1834 waard in moslimwyk troch Egyptyske troepen ferwoastge as wraakaksje foar de moard op in loyalist fan Ibrahim Pasja, de soan fan Mohammed Ali. Yn 1841 kaam Palestina fannijs ûnder Ottomaansk bestjoer, dat oant de ein fan de Earste Wrâldkriich duorje soe. Yn dat tiidrek wie der in grutte druk op de befolking fan Betlehim lykas hege wurkleazens, ferplichte miltêre tsjinst, hege belestings dy't der ta late dat minsken yn grutte oantallen emigrearren, benammen nei Súd-Amearika. In Amerikaanske sindeling skreau yn de 1850-er jierren in befolking fan ûnder de 4.000 ynwenners dy't hast allegear ta de Grykske Tsjerke hearden. Hy naam ek waar dat in brekme oan wetter it waaksen fan de stêd behindere.
De Switser Albert Socin dy't de kontreien besocht, seach op in Ottomaanske doarpslist dat Betlehim in befolking fan 179 moslims yn 59 hûzen, 979 "Latinen" yn 256 hûzen, 824 "Griken" yn 213 hûzen en 41 "Armenen" yn 11 hûzen, mei in totaal fan 539 hûzen. De folkstelling befette lykwols allinnich manlju.
Moderne tiid
Nei de Earste Wrâldkriich ferlearen de Ottomanen it gesach oer Betlehim oan it Britske Ryk. Palestina waard ûnder Britsk mandaat pleatst. Yn 1917 waard mei de Balfour-ferklearring de Sionistyske wrâldorganisaasje tasein dat de Joaden in "nasjonaal thús" yn Palestina hawwe soene. Fan dy tiid ôf setten grutte migraasjes fan Joadske sionisten útein dy't harren yn Palestina nei wenjen setten. It Britske mandaat soe yn 1948 ophâlde. Yn it Ferdielingsplan fan 1947 fan de Feriene Naasjes oangeande it ferdielen fan it Mandaatgebiet Palestina yn in Joadske steat (Israel) en in Arabyske steat (Palestina) waard Betllehim ynparte by de enklave Jeruzalim dy't ûnder ynternasjonaal bestjoer bliuwe soe. Israel karde it plan goed wylst de Arabyske lieders it plan fersmiten. Doe't de sionistyske lieders yn maaie 1948 iensidich de ûnôfhinklike steat Israel útropten, begûn de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948, dêr't Transjordaanje it Westjordaanlân by besette. Palestynske flechtlingen út Israel kamen foar it grutste part terjochte yn it Westjordaanlân, dêr't se, ûnder oaren ek yn Betlehim, yn flechtlingekampen ûnderbrocht waarden. Troch de komst fan de flechtlingen waarden de moslims de mearderheid fan de Betlehimske befolking ynstee fan de kristenen.
Yn 1967 besette Israel yn de Seisdagekriich it gânse Westjordaanlân. Nei de kriich kaam Betlehim ûnder Israelysk bestjoer.
Op 21 desimber 1995 lutsen Israelyske troepen harren werom út Betlehim en trije dagen letter kaam de stêd ûnder it bestjoer fan de Palestynske Autoriteit neffens de Oslo-akkoarten. Dy akkoarden moasten der ta liede dat yn fiif jier neffens in stappeplan Israel it bestjoer yn it besette Westjordaanlân en de Gazastripe stadichoan oan de Palestinen oerdrage soe. Troch erchtinkendheid oan beide kanten kaam der net al tefolle fan telâne. Troch ûntefredenens bruts de Twadde Intifada (2000-2005) út. De ynfrastruktuer en toeristesektor yn Betlehim krigen dêr bot fan te lijen. Yn 2002 bedarre Betlehim suver yn in slachfjild nei in oanfal fan de Israelyske Ferdigeningskrêften (IDF). De IDF belegere de Bertetsjerke, dêr't tsientallen Palestynske militanten harren taflecht yn sochten. De belegering hat 39 dagen lang duorre. Ferskate militanten kamen dêrby om it libben. It einige mei in oerienkomst en lit 13 militanten nei it bûtenlân ferbalje.
Hjoed-de-dei is de stêd omkringe troch rûnwegen foar Israelyske kolonisten, dêr't de ynwenners fan Betlehim tusken 37 Joadske enklaven ynklamme sitte, dêr't in fearns part fan alle kolonisten fan it Westjordaanlân, rûchwei 170.000, wenje. Betlehim is hast alhiel besingele troch in acht meter hege ôfskiedingsmuorre, dêr't Betlehim fan Jeruzalim ôfsnien wurdt.
Kristlike famyljes dy't generaasjes lang yn Betlehim wenne hawwe, wurde twongen fuort te gean om't harren lân yn Betlehim yn beslach nommen wurdt en hûzen platskood wurde om paad te meitsjen foar it bouwen fan tûzenen nije Israelyske wenten. It yn beslach nimmen foar Israelyske koloanjes hawwe it bouwen fan in nij sikehûs foar de bewenners fan Betlehim behindere. Ek tsientallen Palestynske famyljes wurde fan harren lânbougrûn en kristlike mienskippen fan harren gebedshûzen skaat.
Geografy
Betlehim leit yn it Judeäberchtme op in hichte fan 775 meter boppe seenivo, 30 meter heger as it njonkenlizzende Jeruzalim. Betlehim leit 73 km noardeastlik fan Gaza en de Middellânske See, 75 km westlik fan Amman, haadstêd fan Jordaanje, 59 km súdeastlik fan Tel Aviv en 10 km súdlik fan Jeruzalim. Stêden om Betlehim hinne binne Beit Safa en Jeruzalim noardlik, Beit Jala noardwestlik, Husan westlik, al-Khadr en Artas súdwestlik en Beit Sahour eastlik. Beit Jala en Beit Sahour foarmje in stêdekloft mei Betlehim. De flechtlingekampen Aida en Azza lizze binne de gemeentegrinzen.
Yn it sintrum fan Betlehim is de âlde stêd. De âlde stêd bestiet út acht wiken dy't yn mozaïke styl om it Kribbeplein hinne lizze. De wiken binne de kristlike an-Najajreh, al-Farahiyeh, al-Anatreh, al-Tarajmeh, al-Qawawsa en Hreizat. Al-Fawaghreh is de iennige moslimwyk. De measte kristlike wiken binne neamd nei Arabyske Ghasaniden dy't harren dêr nei wenjen setten. Al-Qawawsa waard yn de achttjinde iuw troch Arabyske kristlike emigranten fan it tichteby lizzende stedsje Tuqu stifte. Der is ek yn Assyryske wyk yn de âlde stêd, fan Assyrjers dy't út it hjoeddeistige Syrysk-Turkske grinsgebiet komme. De âlde stêd hat likernôch 5.000 ynwenners.
Klimaat
Betlehim hat in Mediterraan klimaat mei waarme en drûge simmers en sêfte wiete winters. Jannewaris is de kâldste moanne, mei temperatueren tusken 1 en 13° C, wylst augustus de waarmste moanne is mei temperatueren fan 30° C. De trochsneed delslach is 700 mm, mei 70% dêrfan fan novimber oant en mei jannewaris.
Betlehim wurdt beynfloede troch oan iene kant de Middellânske Seewyn dy't ornaris yn it midden fan de dei oanwêzich is, dochs oan oare kant ek troch jierlikse weagen hjitte, drûge, sânige en stofwyn fan de Arabyske Woastyn fan april oant en mei mid-juny.
Demografy
Neffens Ottomaanske belestingsdokuminten bestie de Betlehimske befolking yn de iere sechstjinde iuw foar 60% út kristenen, wylst de kristenen en moslims yn de mid-sechstjinde iuw heal om heal wie. Oan 'e in fan dy iuw waarden der lykwols gjin moslims teld, om't der in befolking út 287 belesting beteljende manlju bestie. Kristenen, lykas alle oare net-moslims yn it Ottomaanske Ryk moasten de dzjidza-belesting betelje.
Yn 1948 bestie de befolking út 85% kristenen, dêr't de measten Gryksk-otterdoksen en Roomsk-katoliken fan wiene, en 13% moslims. Yn in sensus, dy't troch Isreal yn 1967 dien waard, hie Betlehim 14.439 ynwenners, dêr't 53,9% moslims en 46,1% kristenen fan wiene. Yn 1997 neffens in sensus fan it Palestynske Buro foar de Statistyk hie de stêd 21.670 ynwenners, dêr't in totaal fan 6.570 flechtlingen fan wiene, dus 30,3% fan de totale befolking.
It besjen wurdich
De wichtichste toeristyske attraksje fan Betlehim is de Bertetsjerke dêr't in soad kristlike pilgrims hinne gean te besykjen. De basilyk wurdt troch alle kristlike denominaasjes brûkt en stiet oan it Kribbeplein yn it midden fan de stêd dy't boppe in hoale, dy't de "Hillige Krypt" neamd wurdt, stiet. Yn dy hoale moat Jezus fan Nazaret berne wêze. Dêrnjonken, súdlik fan de Bertetsjerke, is de Molkhoale mei syn kapel, dêr't de Hillige Famylje yn ferskûle wie by de bernemoard yn Betlehim fan kening Herodes de Grutte. Dêrnjonken is de hoale dêr't de hillige Hieronymus tritich jier lang wurke oan de Fulgata. De Sint-katarinatsjerke is in Roomsk-katolike tsjerke dy't noardlik tsjin de Bertetsjerke oanboud is.
Ek oan it Kribbeplein stiet de Moskee fan Omar, de iennige moskee yn Betlehim. Fierders yn dy omkriten binne der in ferskaat oan sûvenirswinkels.
Ek tichteby stiet de Luterske Krysttsjerke.
Yn de stêd is ek it Grêf fan Rachel, in religieus bouwurk dy't op it plak dêr't Rachel, de frou fan Jakob, de aartsfaar fan Israel, begroeven wêze moat, sa't it beskreaun stiet yn Genesis 35:16-20.
Stêdebannen
- Abu Dhabi, Feriene Arabyske Emiraten
- Assisi, Itaalje
- Atene, Grikelân
- Barranquilla, Kolombia
- Brescia, Itaalje
- Burlington, Vermont, Feriene Steaten
- Capri, Itaalje
- Catanzaro, Itaalje
- Chartres, Frankryk
- Chivasso, Itaalje
- Civitavecchia, Itaalje
- Concepción, Sily
- Cori, Itaalje
- Creil, Frankryk
- Cusco, Perû
- Częstochowa, Poalen
- Dakhla, Westlike Sahara
- Este, Itaalje
- Faggiano, Itaalje
- Florence, Itaalje
- Gallipoli, Itaalje
- Għajnsielem, Malta
- Glasgow, Skotlân, Feriene Keninkryk
- Greccio, Itaalje
- Grenoble, Frankryk
- Keulen, Dútsklân
- Lourdes, Frankryk
- Monterrey, Meksiko
- Montevarchi, Itaalje
- Montpellier, Frankryk
- Natal (Brazylje)|Natal]], Brazylje
- Pratovecchio Stia, Itaalje
- Sint-Petersburch, Ruslân
- Sarpsborg, Noarwegen
- Steyr, Eastenryk
- Villa Alemana, Sily
- Zaragoza, Spanje
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bethlehem fan Wikimedia Commons. |