Emiraat Transjordaanje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Transjordaanje)

It Emiraat Transjordaanje (Arabysk: إمارة شرق الأردن ʾImārat Sharq al-ʾUrdun, Ingelsk: Emirate of Transjordan), ek wol it Eastjordaanlân neamd, wie it eastlike part fan it Britske mandaatgebiet Palestina, dat troch it Folkebûn makke wie nei de Earste Wrâldkriich. Winston Churchill stelde 1921 op de konferinsje fan Kaïro út om it mandaatgebiet yn twaen te brekken de rivier de Jordaan en de Golf fan Akaba bylâns. July 1922 doe't de mandaattekst fêststeld waard hearde de krite beästen de Jordaan ek by it Palestynske mandaat.

Op 25 maaie 1923 waard Abdûllah fan Jordaanje ynearsten ta emir fan Transjordanië beneamd. De oerienkomst hâlde ek yn dat Abdoellah ek emir wurde mocht yn Syrje at it Feriene Keninkryk Frankryk oerhelje koe om Syrje op te jaan. It earder ûnthjit oer ûnôfhinklikens foar de Arabieren waard lykwols troch it Feriene Keninkryk net neikaam. De Palestynske mandaatkrite waard bestjoerlik spjalte.

Op 25 maaie 1946 waard Transjordanië ûnôfhinklik ûnder de namme Hasjemitysk Keninkryk.

Op 24 april 1950 wie de formele anneksaasje fan it besette Westjordaanlân en East-Jeruzalem troch Transjordaanje. Doe waard de namme Transjordanië (oarekant de Jordaan) feroare yn Jordaanje, om't it lân no oan beide kanten fan de Jordaan lei. Allinne it Feriene Keninkryk en Pakistan erkenden dy anneksaasje, wylst de measte Arabyske lannen der neat fan hawwe moasten.