Kleaster fan Neuzelle
Kleaster fan Neuzelle | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Brandenburch | |
lânkring | Oder-Spree | |
plak | Neuzelle | |
adres | Stiftsplatz 7 | |
koördinaten | 52° 05'N 14° 39'E | |
Kleastergegevens | ||
oarde | Sistersjinzers | |
opheffing | 1817 | |
Ynformaasje bou | ||
boustyl | Gotyk, barok | |
monumintale status | Kulturdenkmal | |
Webside | ||
zisterzienserkloster-neuzelle.de | ||
Kaart | ||
It Kleaster Neuzelle (Latynsk: Monasterium Nova Cella) is in sistersjinzersk kleaster yn Neuzelle yn de Dútske dielsteat Brandenburch. De eardere abdij waard yn de 13e iuw troch it Hûs Wettin stifte en bestie oant 1817, doe't it troch it regear fan Prusen sekularisearre waard. It kleasterbesit waard troch de oerheid konfiskearre en yn in troch de oerheid bestjoerd Stift Neuzelle ûnderbrocht, dat oant de nasjonalisaasje yn 1955 bestie. Yn 1996 waard de Stiftung Stift Neuzelle as publyksrjochterlik lichem op 'e nij oprjochte. De kleastertsjerke Marije-Himelfeart is in beafeartstsjerke en parochytsjerke.
Op 2 septimber 2018 waard it Konvint fan it Prioraat Neuzelle oprjochte. It prioraat falt ûnder it Eastenrykske Stift Heiligenkreuz en waard troch bruorren út dy abdij befolke.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan it kleaster giet werom op in stifting fan 12 oktober 1268 troch Hindrik III van Meissen út it Hûs Wettin, ta neitins fan syn twa dagen earder ferstoarne frou Agnes. It wie it doel om it delsettingsgebiet fan de Sorben foar it Kristendom te ûntsluten, ekonomysk te ûntwikkeljen en te brûken. It kleaster wie in úthôf fan it kleaster Altzella (Cella) by de stêd Nossen yn Saksen. In konvint bestie sûnt 1281.
It kleasterkompleks waard tusken 1300 en 1330 op in útrinner fan in berch yn it leechlân fan de Oder boud, dy't foar dat doel earst egalisearre waard. De trijeskippige halletsjerke fan de abdij waard yn de styl fan de foar dy kontrijen karakteristike bakstiengotyk boud.
Yn 'e midsiuwen foelen mear as 30 doarpen ûnder de abdij. Ek inkelde doarpen yn de Mark Brandenburch mei har ynkomsten en hearetsjinsten hearden ta it kleaster. It stedsje Fürstenberg oan de Oder en de boarch Schiedlo oan de mûning fan de Neisse foelen ûnder ek ûnder de hearlikheid fan it sistersjinzerske kleaster. Yn 1429 foel yn de tiid fan de Hussitekrigen in Boheemsk leger it lân binnen en ferneatigen njonken de stêd ek it kleaster Neuzelle. Om't de muontsen wegeren de lear fan de reformator Jan Hus oan te nimmen waarden se tamtearre, fermoarde of deportearre. Sûnt wurde se as martlers fereare, benammen abt Petrus (1408–1429). Under abt Nikolaas II fan Bomsdorf (1432–1469) fûn de weropbou plak, wêrfoar't in tal hearrige doarpen ferkocht wurde moasten.
Reformaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neuzelle is it iennige kleaster yn Niederlausitz dy't de tiid fan de reformaasje oerlibbe. It kleaster wie in katolyk eilân wurden yn in gebiet dat folslein protestantsk wurden wie. De nije oanwaaks fan it kleaster kaam no benammen út Noard-Bohemen en it katolike Oberlausitz en studearren oan it novisiaat oan de Karel-Universiteit fan Praach. It kleaster waard yn de Boheemske oarderprovinsje fan de sistersjinzers yndield. Doe't Niederlausitz yn 1636 yn it ramt fan de Frede fan Praach yn 1636 troch de katolike Habsburgers oan it Saksyske en protestantske Hûs Wettin ôfstien wurde moast, waard der foar it kleaster in regeling opsteld, wêryn't de karfoarsten it fuortbestean fan it kleaster garandearren.
Yn de rin fan de Tritichjierrige Kriich rekke it kompleks slim skeind. Twa jier nei de Westfaalske Frede kamen yn 1650 de muontsen werom. De weropboude gebouwen waarden tusken 1655 en 1658 yn opdracht fan abt Bernardus troch Italjaanske keunsters fan fresko's en stúkwurk dekorearre. Syn opfolger liet it kompleks yn de Súd-Dútske barok feroarje, wêrby't de boustruktuer gjin grutte feroarings ûndergyng. Hast alle noch besteande gebouwen fan it kleasterkompleks binne it risseltaat fan dy barokke feroarings of waarden yn dy tiid boud. De kleastertsjerke wurdt beskôge as it tsjerkegebou mei it rykste ynterieur fan Niederlausitz.
19e iuw oant hjoed-de-dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it Wener Kongres foel Niederlausitz oan Prusen ta. Kening Freark III liet it kleaster ûnteigenje en joech it in publike funksje. De gebouwen en it lân fan it kleaster waarden fanôf doe as it Stift Neuzelle troch de oerheid bestjoerd. De eardere kleastertsjerke bleau lykwols katolyk en waard yn 1947 de "Beafeartstsjerke fan Us-Leaffrouwe" foar it Dútske diel dat oerbleau fan it aartsbisdom Breslau, dat troch de feroare grinzen nei de Twadde Wrâldkriich ôfsnien wie fan de tradisjonele beafeartsplakken yn Sileezje. Sûnt wurde alle jierren op de snein nei Pinkster beafearten foar de jongerein organisearre. Op de earste snein fan septimber is de tsjerke it doel fan de beafeart fan it bisdom Görlitz.
De eardere katolike Parochytsjerke fan it Hillich Krús (Pfarrkirche zum Heiligen Kreuz), boud tusken 1730 en 1740 as tsjerke foar it gewoane tsjerkefolk, waard yn 1817 oerdroegen oan de protestanten oerdroegen nei't yn ien fan de kleastergebouwen in protestantsk seminarium ûnderbrocht waard.
Op 2 septimber 1892 waard it kleaster troffen troch brân. Alhoewol't it fjoer al oan de tsjerke ta wie bleau it gebou sparre foar ferneatiging. Yn 1945 lei de tsjerke trije moannen yn de frontliny fan it naderjende Reade Leger, mar op 'e nij waard de tsjerke sparre foar ferneatiging.
It Stift Neuzelle waard yn 1955 troch de kommunisten nasjonalisearre en tsjinne oant 1985 as leararenoplieding. Yn 1996 waard it kompleks oan in stifting oerdroegen, wylst trije jier earder al útein set waard mei in grutte renovaasje fan it kleasterkompleks. Yn 2004 waard de barokke kleastertún en de oranjerie nei in rekonstruksje op 'e nij iepene.
Op fersyk fan de biskop fan Görlitz, Wolfgang Ipolt, naam de abdij Heiligenkreuz yn Eastenryk it beslút om fanút harren mienskip it kleaster Neuzelle op 'e nij libben yn te blazen. Dat barde noch foar it fieren fan it 750-jierrich jubileum fan it kleaster yn 2018. De earste fjouwer muontsen kamen yn augustus 2017 yn Neuzelle oan. Op 2 septimber 2018 waard it Prioraat Neuzelle kanonyk stifte. In de kommende jierren sil by Neuzelle in nij kleaster boud wurde.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It goatyske ynterieur gyng al yn de Tritichjierrige Kriich ferlern. Under de bewarre goatyske gewelven waard yn 1654-1658 in tonferwulft ynbrocht. De gewelven, pylders en muorren waarden doe mei rike stúkdekoraasjes fersierd fan Johann Bartholomäus Cometa. Ek krigen de skippen yn dy tiid fresko's mei foarstellings út it Alde- en Nije Testamint. De boppedielen fan de beide sydskippen waarden dekorearre mei foarstellings út it libben fan Kristus. Yn de earste helte fan de 18e iuw folge it beskilderjen fan de gewelven fan it koer (1740), de foarhal (1725-1730), de koepel fan de Joazefkapel (1735), it muorrediel fan it sydskip ûnder de finsters (1728-1731) en it plafond fan de sakristy (1730)
It heechalter (1740-1741) fan stúkmoarmer hat in byldenrike opbou mei in Emmaüsgroep oan it tabernakel. Ut deselde tiid datearret it skilderij fan Michael Willmann oan it heechalter, dat de Himelfeart fan Marije foarstelt. De alve sydalters binne fan stúkmoarmer of hout en ûnstiene yn de jierren 1730-1740. Yn it Marije-alter is in letgoatysk byld fan in Madonna út de 15e iuw ferwurke. It neamen wurdich is ek it doopalter út 1730 fan ferguld hout.
De preekstoel datearret fan 1728.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oargelgalerij mei oan de balustrade seis musisearjende putti-figueren stamt út de earste helte fan de 18e iuw. It front fan it grutte oargel is makke troch Andreas Nerse en datearret út 1806. It hjoeddeiske ynstrumint boude Wilhelm Sauer út Frankfurt an de Oder yn 1906. It hat 24 registers op twa manualen en pedaal. It klankbyld fan it oargel wurdt as letromantysk-symfoanysk omskreaun. Tusken 1999 en 2001 waard it oargel restaurearre, wêrby't it oargel mei it ferwiderjen fan neobarokke feroarings troch Sauer yn 1954 yn de oarspronklike steat werom brocht.
Kleaster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ôfsletten diel fan it kleaster, de klausuer, grinzget oan de noardlike kant fan de tsjerke. De gebouwen omslute in fjouwerhoekige binnenhôf. Foar it midden fan de noardlike fleugel fan de kleastergong is in boarnehûs mei stjerferwulft. De kearn fan it boarnehûs datearret út it ein fan de 13e oant it begjin fan de 14e iuw. De eastlike fleugel stamt út de 14e iuw. Nei in brân yn 1429 waard de noardlike fleugel mei rike netferwulften yn de eardere refter en kapittelseal op 'e nij ynrjochte. De westlike fleugel mei stjer- en netgewelven datearret fan 1450.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kloster Neuzelle
|