Springe nei ynhâld

Indianapolis

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 nov 2022 om 21.41 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kaart yn ynfoboks set, yn ferbân dêrmei foto-yndieling oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Indianapolis
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Indiana
County Marion County
Sifers
Ynwennertal 829.718 (2010)
Oerflak 963,5 km² (ynkl. wetter)
945,6 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 861 / km²
Stêdekloft 1.756.241 (2010)
Hichte 218 m
Oar
Stifting 1821
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Koördinaten 39°46′07″N 86°09′29″W
Offisjele webside
www.indy.gov
Kaart
De lizzing fan Indianapolis (read) yn Marion County en yn 'e steat Indiana.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Indiana. Foar oare betsjuttings, sjoch: Indianapolis (betsjuttingsside).

Indianapolis, gauris ôfkoarte ta Indy, is sawol de haadstêd as de grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Indiana. Dêrnjonken is it ek it haadplak fan Marion County. De ynwenners fan Indianapolis binne Indianapolitanen, en it byhearrende eigenskipswurd is Indianapolitaansk. Indianapolis leit sintraal yn 'e steat, oan 'e Wite Rivier en de Fall Creek, yn in prêrjegebiet dat de namme draacht fan 'e Central Till Plains ("Sintrale Lânbouflakten"). Dat is in frijwol flak gebiet dat út en troch licht gloait. Bestjoerlik sjoen is Indianapolis in konsolidearre stêd-county, wat sizze wol dat it stedsbestjoer fan Indianapolis ek it countybestjoer is fan Marion County. Dy county omfiemet lykwols njonken Indianapolis ek noch ferskate oare, folle lytsere gemeenten dy't op lokaal nivo harsels bestjoere. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie Indianapolis doe krapoan 830.000 ynwenners, wêrmei't it yn grutte de trettjinde stêd fan 'e Feriene Steaten wie. As alle foarstêden en it heal ferstedske plattelân deromhinne meirekkene wurde, komt Indianapolis as agglomeraasje út op in befolking fan hast 1,8 miljoen minsken.

Foar't de kontreien dêr't Indianapolis no leit, kolonisearre waarden, wennen der de Majêmy- en Delawêr-Yndianen, mar dy wiene tsjin 'e 1820-er jierren út it gebiet ferdreaun. Indianapolis waard yn 1821 stifte yn in frijwat sompige krite oan 'e Wite Rivier, pal yn 'e midden fan 'e steat Indiana, as de nije steatshaadstêd (fanôf de talitting fan Indiana ta de Amerikaansk Uny, yn 1816, hie Corydon de haadstêd west). Alexander Ralston, in learling fan 'e Frânske arsjitekt Pierre Charles L’Enfant, de ûntwerper fan Washington, D.C., waard hjitten om 'e plattegrûn fan Indianapolis te ûntwerpen. De yndieling fan 'e stêd dy't neffens dy plattegrûn oanlein waard, hie mar ien inkeld plein, persiis yn 'e midden fan 'e stêd, mar dat wie 3 km² grut. Oant 1857 stie oan dat plein de amtswente fan 'e gûverneur fan Indiana. Hjoed-de-dei stiet op dat plak it Soldate- en Matroazemonumint.

De Wite Rivier yn Indianapolis.

It neijier fan 1847 gie it spoar fan 'e Madison and Indianapolis Railway iepen, wat Indianapolis op it Amerikaanske nasjonale spoarnetwurk oansleat. Dat hie in sterke befolkingsgroei ta gefolch. Yn 'e neifolgjende tsientallen jierren waard Indianapolis ien fan 'e drokste transportknooppunten fan it Midwesten, mei spoarlinen nei Chicago, Louisville, Cincinnati, Kolumbus, Detroit, Cleveland en Sint-Louis, sadat it wol "it Krúspunt fan Amearika" neamd waard.

De groei fan Indianapolis gie troch oant healwei de tweintichste iuw, mei troch de fynst fan oalje en gas yn 'e omkriten fan 'e stêd. Fan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch ôf begûnen dielen fan 'e binnenstêd stadichoan te ferpauperjen, earst fanwegen tanimmende wurkleazens, dy't feroarsake waard troch de postyndustriële krisis dy't alle grutte yndustrystêden yn it noardeasten fan 'e Feriene Steaten trof, en letter trochdat lju út 'e middenklasse nei de bûtenwiken en de foarstêden teagen. Mei't de middenklasse fral út blanken bestie, en de efterbliuwende, earmere binnenstedsbefolking fral út swarten en Latino's, soarge dit proses ek foar rasiale spannings yn Indianapolis. Fan 1990 ôf sette it stedsbestjoer útein mei renovaasjeprojekten om fan it stedssintrum wer in gaadlik plak te meitsjen om te wenjen en te wurkjen.

Indianapolis leit yn it yndustriële part fan it Amerikaanske Midwesten dat de Manufacturing Belt neamd wurdt en dat fan New York oan Chicago ta rikt. Nettsjinsteande dat besiket Indianapolis him op in ferskaat oan ekonomyske gebieten te ûntjaan en sa in regionaal sakesintrum en toeristyske trekpleister te wurden. De grutste sektors fan 'e pleatslike ekonomy binne de swiere yndustry, sûnenssoarch, tsjinstferliening en detailhannel.

Op it mêd fan toerisme en besjensweardichheden hat Indianapolis û.m. it Steatsmuseum fan Indiana, it Indianapolis Museum of Art en it Eiteljorg Museum fan Amerikaansk-Yndiaanske en Westernkeunst. Fierders is der ek de yn 1988 oprjochte Indianapolis Zoo, mei 360 soarten bisten. De grutste publykslûker is lykwols de jierlikse Indianapolis 500-autorace (better bekend as de Indy 500). En ta einbeslút is de stêd de thúsbasis fan it Amerikaansk footballtiim de Indianapolis Colts (dy't foar it lêst de Super Bowl wûnen yn 2006), it basketbaltiim de Indiana Pacers en it fuotbaltiim de Indy Eleven.

It Steatskapitoal fan Indiana.

De lofthaven fan Indianapolis, Indianapolis International Airport, is it grutste fleanfjild yn 'e steat Indiana, en leit 11 km súdwestlik fan 'e stêd. Jiers komt der 985.000 ton fracht lâns en betsjinnet de lofthaven likernôch 7½ miljoen passazjiers. Frachtferfierder FedEx hat op it Indianapolis International Airport syn op ien nei grutste filiaal (nei it haadkertier yn Memfis).

It Indiana Central Canal, yn it sintrum fan Indianapolis.

Heger ûnderwiis kin yn Indianapolis folge wurde oan in ferskaat oan universiteiten en hegeskoallen, wêrûnder de Universiteit fan Indianapolis, de Butler Universiteit en de Indiana University-Purdue University Indianapolis (in ûnderdiel fan 'e gruttere Purdue Universiteit). De Butler Universiteit is de âldste, en waard stifte yn 1855 as in kristlike skoalle, mar is no net mear oan in beskate religy bûn. It Ivy Tech Community College of Indiana, in technyske hegeskoalle, is mei sa'n 12.000 studinten it grutste ynstitút foar heger ûnderwiis yn 'e stêd. It leger en middelber ûnderwiis yn Indianapolis wurdt fersoarge troch ferskate skoaldistrikten. It grutste dêrfan wurdt foarme troch de Indianapolis Public Schools, wêroan't 79 skoallen ferbûn binne, mei benei 40.000 learlingen.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Indianapolis 11,1% âlder as 65 jier en 25,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 39,7% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 11,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 48,0% blanken; 27,2% swarten; 10,0% Latino's; 2,1% Aziaten; 12,7% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fanwegen grutskalige emigraasje ûnder de Joegoslavyske Oarloggen, yn 'e earste helte fan 'e njoggentiger jierren, wenje der tsjintwurdich yn Indianapolis mear as 10.000 minsken út it eardere Joegoslaavje.

It tinkteken foar de slachtoffer fan 'e Twadde Wrâldoarloch.
Massachusetts Avenue, yn it sintrum fan Indianapolis.

Berne yn Indianapolis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Indianapolis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Indianapolis hat in fochtich lânklimaat, mei fjouwer dúdlik ûnderskate jiertiden, hjitte en fochtige simmers en kâlde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 29,4 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 2 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C op 25 july 1954 en –27 °C op 19 jannewaris 1994. Indianapolis kriget jiers trochinoar 1.077 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 66½ sm snie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.