John Hiatt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
John Hiatt yn Austin Texas, (2010)

John Hiatt (20 augustus, 1952, Indianapolis, USA) is in Amerikaanske rock gitarist, pianist, sjonger en lieteskriuwer. Hy spile in grienmank oan muzykstilen, werûnder New Wave, blues en country. Hiatt is ferskeidene keren nominearre foar in Grammy Award, al wûn er dy nea. Wol wûn er in ferskaat oan oare prizen út de muzykwrâld.

Hiatt wurke as komponist foar Tree International, in muzyklabel yn Nashville dêr't syn song "Sure As I'm Sittin' Here" opnaam waard troch de Amerikaanske band Three Dog Night. It waard dêr in top 40 hit en levere Hiatt in platekontrakt op by Epic Records. Sûnt dy tiid produsearre John Hiatt 18 studio albums en twa live albums.

De kariêre fan Hiatt hie in tige drege start. Syn earste albums soargen, nei in tal positive kritiken en optredens yn ûnder oaren Paradiso, yn Nederlân foar in stevige basis, mar it soe oant 1987 duorje eart er ek yn Amearika in hit skoarde mei it nûmer 'Bring the Family' dat ek yn Nederlân de hitlisten helle.

Yn 1992 makke John Hiatt mei Nick Lowe, Ry Cooder en Jim Keltner diel út fan de as superband lansearre groep Little Village. De band waard lykwols nei krapoan in jier al wer opdoekt.

De lieten fan Hiatt binne troch in ferskaat oan artysten opnommen, wêrûnder Bob Dylan, Willy DeVille, Linda Ronstadt, Bonnie Raitt, Eric Clapton, B.B. King, Willie Nelson, Three Dog Night, Joan Baez, Paula Abdul, Buddy Guy, the Desert Rose Band, Jimmy Buffett, Mandy Moore, Iggy Pop, Emmylou Harris, Rodney Crowell, Dave Edmunds, Nick Lowe, The Nitty Gritty Dirt Band, Rosanne Cash, Suzy Bogguss, Jewel, Aaron Neville, Jeff Healey, Keith Urban, Joe Cocker en ferskeidene oaren. De Nederlânske sjongeres Ilse DeLange makke it album "Dear John" mei njoggen lieten fan Hiatt.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hangin' Around the Observatory, Epic Records (1974)
  • Overcoats, Epic Records (1975)
  • Slug Line, MCA Records (1979)
  • Two Bit Monsters, MCA Records (1980)
  • All of a Sudden, Geffen Records (1982)
  • Riding with the King, Geffen Records (1983)
  • Warming Up to the Ice Age, Geffen Records (1985)
  • Bring the Family, A&M Records (1987)
  • Slow Turning, A&M Records (1988)
  • Stolen Moments, A&M Records (1990)
  • Perfectly Good Guitar, A&M Records (1993)
  • Walk On, Capitol Records (1995)
  • Little Head, Capitol Records (1997)
  • Crossing Muddy Waters, Vanguard Records (2000)
  • The Tiki Bar is Open, Vanguard Records (2001)
  • Beneath This Gruff Exterior, New West Records (2003)
  • Master of Disaster, New West Records (2005)
  • Same Old Man, New West Records (2008)
  • The Open Road, New West Records (2010)
  • 2012 - Mystic Pinball (New West NW 6260)
  • 2013 - My Kind of Town (Goldfish GOLF 003)
  • 2013 - Here to Stay - The Best of 2000-2012 (New West NW 6300)
  • 2014 - Terms of My Surrender (New West NW 6284)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]