Springe nei ynhâld

De Bilt (gemeente)

Ut Wikipedy
De Bilt
Lângoed "De Jagtlust", it hjoeddeistich gemeentehûs yn Bilthoven
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
boargemaster Sjoerd Potters (VVD)
sifers en geografy
haadplak De Bilt en Bilthoven
grutste plak Bilthoven
ynwennertal 43.506 (31 jannewaris 2022)
befolkingstichtens 658 / km²
oerflak 67,13 km²
● wêrfan lân 66,12 km²
● wêrfan wetter 1,01 km²
tal doarpen 5
ferkearsieren ,
skiednis
oprjochte 2001
oar
netnûmer 030, 0346
postkoade 3615, 3720-3723, 3730-3732, 3737-3739
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.debilt.nl
Topografyske gemeentekaart fan De Bilt

De Bilt is in gemeente middenyn de provinsje Utert. De gemeente hat 43.506 ynwenners (2022) en in oerflak fan ± 67 km² (wêrfan amper wetter). It doarp De Bilt hat 10.925 ynwenners (1 jannewaris 2021).

Skiednis

De hjoeddeiske gemeente De Bilt is op 1 jannewaris 2001 ûntstien út in gearfoeging fan de gemeente De Bilt (De Bilt en Bilthoven) en de eardere gemeente Maartensdijk (Maartensdijk, Westbroek, Hollandsche Rading en Groenekan).

De Bilt hat 66 ryksmonuminten.

Kearnen

De gemeente hat de neikommende doarpskearnen: De Bilt, Bilthoven, Groenekan, Hollandsche Rading, Maartensdijk en Westbroek.

Kearn Ynwenners (2021)[1]
De Bilt 10.925
Bilthoven 22.885
Groenekan 1.935
Hollandsche Rading 1.575
Maartensdijk 4.880
Westbroek 1.165

Ferfier

De gemeente hat twa spoarstasjons. Stasjon Bilthoven oan it spoar Utert-Amersfoort en stasjon Hollandsche Rading oan it spoar Utert-Hilfertsom. De autodiken A28 en A27 rinne ek lâns of troch de gemeente.

Ekonomy

It Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút sit al sûnt 1897 ten suden fan it plak De Bilt. In oare grutte wurkjouwer yn de gemeente is it RIVM.

Geografy

In diel fan de gemeente (De Bilt en Bilthoven) is ûnderdiel fan de agglomeraasje Utert. De gemeente grinzget yn it noarden oan Hilfertsom (NH), yn it noardeasten oan Baarn, yn it easten oan Seist, yn it súdwesten oan Utert en yn it noardwesten oan de gemeente Stichtske Fecht.


De Bilt moat net betize wurde mei de Fryske gemeente en streek It Bilt.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
De Bilt
Doarpen:
BilthovenDe BiltGroenekanHollandsche RadingMaartensdijkWestbroek
Buorskippen:
Achttienhoven
· · Berjocht bewurkje
Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden
· · Berjocht bewurkje