RIVM

Ut Wikipedy
Logo
Logo - Ingelske fariant
RIVM

It Ryksynstitút foar Folkssûnens en Miljeu (Nederlânsk en offisjeel: Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Mileu, ôfkoarte ta RIVM) is in Nederlânsk Ynstitút dat yn opdracht fan de oerheid ûndersyk docht op it mêd fan folkssûnens, miljeu en natoer. It is in selsstannich ûnderdiel fan it ministearje fan Folkssûnens wolwêzen en Sport, en sit yn Bilthoven.

It ûndersyk en de advystaak fan it RIVM betreffe:

  • de ûntwikkeling fan de folkssûnens en de sûnenssoarch,
  • de effekten fan fieding en oare konsuminteprodukten op de sûnens,
  • miljeu- en natoerfraachstikken,
  • tariedings, maatregels en neisoarch dy't nedich binne by kalamiteiten en rampen.

It ynstitút is neffens de Wet op it RIVM ûnôfhinklik: de direkteur wurdt beneamd troch de minister fan VWS (art. 2) en fioar it ûndersyksprogramma moat oerlein wurde mei en goedkarring krigenwurde fan de trije ministers (art. 4), mar de minister fan VWS mei net fertelle hoe oft dat ûndersyksprogramma útfierd wurde moat (art. 5).

Histoarje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It RIVM hat in skiednis dy't weromgiet oant 1909. It is yn Utert begûn as lyts Sintraal Laboratoarium foar de ynspekteurs fan de folkssûnens. De Spaanske gryp, libbensmiddelsûndersyk, diftery, tuberkuloaze, tyfus en syfilis, mar ek wetterfersmoarging spile doe al in rol. Yn 1953 waard útwykt nei in Bilthoven om genôch romte oan it personiel, it wurk én de proefbisten te bieden.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]