Springe nei ynhâld

The Matrix (franchise)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 jul 2022 om 20.54 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
The Matrix
betinker de Wachowski's
eigner Warner Bros.
lân Feriene Steaten
begjinjier 1999
films
langspylfilms The Matrix
The Matrix Reloaded
The Matrix: Revolutions
The Matrix: Resurrections
koarte films The Animatrix
dokumintêres The Matrix Revisited
spultsjes
fideospultsjes sjoch hjirre
literatuer
strips sjoch hjirre
muzyk
soundtracks sjoch hjirre
offisjele webside
whatisthematrix.warnerbros.com (argivearre)

The Matrix ("De Matrys") is in Amerikaanske mediafranchise dy't betocht en kreëarre waard troch it senarioskriuwers- en regisseursduo de Wachowski's. De rige begûn mei de film The Matrix, út 1999, wêryn't haadpersoan Neo ûntdekt dat de wrâld dêr't er syn hiele libben yn libbe hat, eins neat oars is as in reuseftige simulearre reäliteit, dy't 'de Matrys' neamd wurdt. The Matrix heart ta it science fiction-subsjenre fan 'e cyberpunk en is eigendom fan filmstudio Warner Bros. Der binne fjouwer dielen fan 'e filmsearje makke, en de rest fan 'e frachise bestiet út in animaasjefilm, in efter-de-skermendokumintêre, en ferskate soundtrackalbums, fideospultsjes, strips en boeken.

Oarspronklike trilogy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side The Matrix (film).

The Matrix spilet yn in post-apokalyptyske, dystopyske takomst, wêryn't de minskheid ûnbewust fêst kommen is te sitten yn 'de Matrys', in simulearre reäliteit dy't makke is troch yntelliginte masines om 'e minsken ôf te lieden wylst se harren lichems brûke as enerzjyboarne. As kompjûterprogrammeur en hacker Neo (Keanu Reeves) dat ûntdekt, rekket er behelle yn in opstân tsjin 'e masines mei oare lju dy't befrijd binne fan 'e Matrys, ûnder wa Trinity (Carrie-Anne Moss) en Morpheus (Laurence Fishburne).

The Matrix waard regissearre troch de Wachowski's nei in senario fan harrensels. De film gie op 31 maart 1999 yn premiêre, en brocht $463,5 miljoen op tsjin in budget fan $63 miljoen. The Matrix wûn fjouwer Oscars, twa BAFTA's en twa Saturn Awards en wie in daverjend kritysk en kommersjeel súkses.

The Matrix Reloaded

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side The Matrix Reloaded.

Yn The Matrix Reloaded wurdt de ûndergrûnske stêd Zion, it lêste ûntwyk fan 'e minsken dy't noch frij binne fan 'e Matrys, bedrige troch in oanfal dy't op hannen is fan in leger fan masines. Om 'e oanfal ôf te slaan en Zion te rêden, moatte Neo (Reeves), Trinity (Moss) en Morpheus (Fishburne) de boarne fan 'e Matrys sjen te berikken.

The Matrix Reloaded waard op 'e nij regissearre troch de Wachowski's nei in senario fan harrensels. De film gie op 7 maaie 2003 yn premiêre, en brocht $739,4 miljoen op tsjin in budget fan $150 miljoen.

The Matrix: Revolutions

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side The Matrix: Revolutions.

Yn The Matrix: Revolutions fjochtsje Neo (Reeves) en Trinity (Moss) en harren meistanners troch om Zion, en dêrmei de minskheid, te rêden. Yn 'e striid tusken minsken en masines docht him in ûnberekkenber ferskynsel foar yn 'e foarm fan agint Smith (Hugo Weaving), dy't Neo al lang lyn ferslein tocht te hawwen. Ynstee blykt Smith troch syn nederlaach yn 'e striid tsjin Neo losmakke te wêzen fan 'e Matrys, sadat er no in selsstannich funksjonearjend kompjûterprogramma mei in eigen aginda wurden is. En dy aginda beslacht folsleine ferwoastging, sawol fan 'e simulearre reäliteit fan 'e Matrys as fan 'e echte wrâld.

The Matrix: Revolutions waard ek wer regissearre troch de Wachowski's nei in senario fan harrensels. De film gie op 5 novimber 2003 yn premiêre, en brocht $427,3 miljoen op tsjin in budget fan $150 miljoen.

Letter ferfolch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de Wachowski's harren oarspronklik neat te loovjend útlieten oer it idee om in fjirde film te meitsjen yn it ramt fan The Matrix, waard yn 2017 troch it tydskrift The Hollywood Reporter bekendmakke dat der dochs in nije ferfolchfilm yn preproduksje nommen wie. Dat waard yn augustus 2019 formeel befêstige troch Warner Bros. De nije film soe regissearre en skreaun wurde troch Zak Penn sûnder bemuoienis fan de Wachowski's, hoewol't Lilly Wachowski doe oanjoech dat de produksje har folsleine goedkarring hie. Letter waard bekendmakke dat de film fan Penn ien fan twa nije Matrix-projekten wie, en dat Lana Wachowski belutsen wie by it oare. Uteinlik gie it projekt fan Lana Wachowski troch en dat fan Penn net.

The Matrix: Resurrections

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side The Matrix: Resurrections.

The Matrix: Resurrections spilet sechstich jier nei The Matrix: Revolutions. Neo (Reeves) libbet in skynber normaal bestean as in ûntwikkeler fan fideospultsjes, mar hat ûnderwilens muoite om fantasij fan 'e reäliteit útinoar te hâlden. In groep rebellen befrijt Neo, holpen troch in programmearre ferzje fan Morpheus (Yahya Abdul-Mateen II), fan in nije ferzje fan 'e Matrys. Se wolle syn help hawwe by it befjochtsjen fan in nije fijân, dy't Trinity (Moss) finzen hâldt.

The Matrix: Resurrections waard regissearre troch Lana Wachowski nei in senario fan harsels, David Mitchell en Aleksander Hemon. De film gie op 18 desimber 2021 yn premiêre, en brocht $190 miljoen op tsjin in budget fan $156,6 miljoen.

De Wikipedy hat ek in side The Animatrix.

The Animatrix is in Japansk-Amerikaanske anime-tekenfilm, dy't bestiet út njoggen ûnderskate koarte films basearre op 'e oarspronklike The Matrix-trilogy. Fjouwer fan 'e koarte films waarden skreaun troch de Wachowski's. Mei-inoar jouwe de njoggen dielen it eftergrûnferhaal fan The Matrix wer. Sa wurdt de oarspronklike oarloch tusken minsken en masines beljochte dy't late ta de kreaasje fan 'e Matrys troch de masines. Oaren fan 'e njoggen koarte films binne sydferhalen dy't it universum fan The Matrix fierder útwreidzje.

The Animatrix waard regissearre troch sân ûnderskate regisseurs, en der wiene ek sân ferskillende senarioskriuwers by belutsen. De film waard op 3 juny 2003 direkt-op-fideo útbocht.

De Wikipedy hat ek in side The Matrix Revisited.

The Matrix Revisited is in dokumintêre fan spylfilmlingte oer de produksje fan 'e film The Matrix. Dizze efter-de-skermendokumintêre waard op 20 novimber 2001 direkt-op-fideo útbrocht troch Warner Bros. De film waard regissearre troch Josh Oreck en produsearre troch Eric Matthies.

Yn it ramt fan The Matrix binne de folgjende soundtrackalbums útbrocht:

Yn it ramt fan The Matrix binne de folgjende fideospultsjes útbrocht:

Foar in folsleine en byholden list fan alle boeken dy't yn it ramt fan en oer The Matrix ferskynd binne, sjoch dizze list op 'e Ingelske Wikipedy.

The Matrix Comics binne in rige stripferhalen yn it ramt fan The Matrix, dy't tusken 1999 en 2003 fergees te lêzen wiene op 'e webside fan 'e franchise. Ien dêrfan waard yn 1999 yn printe foarm weijûn yn bioskopen by wize fan promoasjemateriaal foar de earste film. De measten waarden letter werpublisearre troch Burlyman Entertainment, wêrby't inkele nije ferhalen tafoege en âlden by de tiid brocht waarden. Yn 2003 en 2004 waarden se útbrocht yn twa paperbackalbums, en yn 2019, foar it tweintichjierrich jubileum fan 'e franchise, yn in hardcoveralbum.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Matrix (filmsearje)
The Matrix (1999) • The Matrix Reloaded (2003) • The Matrix: Revolutions (2003) • The Matrix: Resurrections (2021)