Willem-Alexander fan de Nederlannen
Willem-Alexander fan de Nederlannen (Utert, 27 april 1967), folút Willem-Alexander Claus George Ferdinand van Oranje-Nassau, Kening fan de Nederlannen, Prins fan Oranje-Nassau, Jonker fan Amsberch, is de âldste soan fan Prinsesse Beatrix en sûnt 30 april 2013 de kening fan Nederlân.
Komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Willem-Alexander wie it earste bern fan Prinsesse Beatrix en Prins Claus. Hjirmei wie er, nei syn mem, de troanopfolger. Doe't syn mem yn 1980 keninginne waard, krige er, as kroanprins, de titel fan 'Prins fan Oranje'. By syn famylje hjit er Alexander.
Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kening gong nei de middelbere skoalle yn Baarn en yn De Haach. Syn tsjinstplicht die er by de Marine. Hy studearre oan it Atlantic College yn Llantwit Major yn Wales, dêr't er it ynternasjonaal bakkelaureaat helle. Doe gong er nei de Universiteit fan Leien dêr't er skiednis studearre; hy studearre dêr yn 1993 ôf. Yn syn oplieding foar it keningskip folgen doe noch kursussen by de oare parten fan it leger: de Loftmacht en de Lânmacht.
Kroanprins
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As kroanprins ferskynde Willem-Alexander likernôch fyftich kear jiers by offisjele gelegenheden. Hy hat him dwaande hâlden op it mêd fan de rjochterlike macht, fan it binnenlânsk bestjoer en fan it bedriuwslibben. Fierders hat er him, op útstel fan syn heit, spesjalisearre op it mêd fan wetterbehear.
Kening
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 28 jannewaris 2013 makke doe noch Keninginne Beatrix bekend dat hja op 30 april fan dat jier ôftrede soe. Op 30 april 2013 is hy yn Amsterdam ynhuldige as kening fan de Nederlannen.
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kening is in sportleafhawwer. Hy docht sels oan ferskate sporten. Yn 1985 ried er ûnder de namme fan W.A. van Buren de Alvestêdetocht, en yn 1992 rûn er de Maraton fan New York. Hy is ek faak as taskôger by wichtige wedstriden. Under oaren wie er oant 1998 as taskôger oanwêzich by de Olympyske Spullen yn syn funksje fan beskermhear fan it Nederlânsk Olympysk Kommitee. Fan 1998 oant 2013 wie er lid fan it Ynternasjonaal Olympysk Kommitee.
Húshâlding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 2 febrewaris 2002 boaske de prins mei Máxima Zorreguieta. De twa wienen dúdlik fereale, mar foar in soad minsken wie it in probleem dat de heit fan Máxima, Jorge Zorreguieta, part west hie fan de diktatuer yn Argentynje. Uteinlik waard dochs tastimming jûn foar de boask. Hjirút is op 7 desimber 2003 in famke berne, Prinsesse Catharina-Amalia. Op 26 juny 2005 waard in twadde famke berne, Prinsesse Alexia. In tredde famke, Prinsesse Ariane, waard berne op 10 april 2007.
- Kening fan Nederlân
- Prins fan Oranje
- Prins fan Oranje-Nassau
- Markys fan Feare en Flissingen
- Greve fan Bueren en Leardaam
- Greve fan Fianden
- Greve fan Katzenelnbogen
- Greve fan Kulemboarch
- Greve fan Nassau-Dietz
- Greve fan Spiegelberg
- Boarchgreve fan Antwerpen
- Baron fan Beilstein
- Baron fan Breda
- Baron fan Dyst
- Baron fan Grave en it Lân fan Cuijk
- Baron fan Herstal
- Baron fan Iselstein
- Baron fan Kranendonk en Eindhoven
- Baron fan Liesveld
- Erf- en frijhear fan it Amelân
- Nederlânsk politikus
- Ridder Grutkrús yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Nederlânsk persoan fan Deensk komôf
- Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Eastenryksk komôf
- Nederlânsk persoan fan Frânsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Nederlânsk persoan fan Hugenoatsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Ingelsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Litousk komôf
- Nederlânsk persoan fan Poalsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Russysk komôf
- Nederlânsk persoan fan Skotsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Sweedsk komôf
- Hûs Oranje-Nassau
- Persoan berne yn 1967