Springe nei ynhâld

Stapelmoor

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 des 2021 om 04.16 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (oanfolling)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Stapelmoor
De Krústsjerke fan Stapelmoor
De Krústsjerke fan Stapelmoor
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Weener
Sifers
Ynwennertal 1.129 (31 desimber 2017)
Oerflak 15,6 km²
Befolkingsticht. 122 / km²
Hichte 5 m
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente Weener
Kaart fan it Reiderlân
De Stins Drakemond
De mûne yn Stapelmoor

Stapelmoor is in doarp yn East-Fryslân oan de Iems yn it Dútske diel van Reiderlân. It doarp hie op 31 desimber 2009 1116 ynwenners en foarmet in Stadtteil fan de stêd Weener. Ek it plakje Stapelmoorerheide falt dêrûnder.

It doarp heart ta de âldste delsettings fan East-Fryslân en waard al foar de jiertelling bewenne. Yn de 19e iuw binne fynsten út de Brûnstiid opgroeven. Yn 1424 waard it kerspel Stapelmoor foar it earst yn in skriflike boarne neamd.

Op 1 jannewaris 1973 waard Stapelmoor bestjoerlik by de stêd Weener foege.

De âlde pastorije

Neffens in sage hawwe der yn Stapelmoor sân stinzen stien. De reden foar it grutte tal stinzen is om't it plak tichteby de grins fan it Prinsbisdom Múnster lei. In wichtige hannelswei fan Múnster nei Emden rûn troch Stapelmoor hinne, en dêrom wie Stapelmoor fan grut belang by it ferdigenjen fan Eastfryslân tsjin de biskoppen fan Múnster. De foaroansteande lagen famyljes, dy't lykwols noch gjin haadlingen wiene, lieten stinzen bouwe. Dêrmei wie Stapelmoor mooglik de foarrinner fan de justjes fierder lizzende letter boude Dielerskâns. De stins oan de Großen Stiege (Grutte Stege), de Sprikkenborg en de stins oan de Gasthuslohne binne der hjoed-de-dei net mear. Allinnich de stins Drakemond oan de Kleinen Stiege (Lytse Stege). De eigeners fan dy stinzen wiene idintyk oan dy fan de Stins Bunderhee. Buwo von Aylingweer fererve yn 1475 syn eigendom, dêr't ek Drakemond ta hearde. Parten fan de boarch hearden tenei oan ferskate haadlingsfamyljes. Fan 1726 ôf waard it besit fan de stins fannijs feriene ûnder de famylje Von Heteren. Yn 1834 ferkochten se it oan de hjoeddeistige eigeners.

De Krústsjerke (Dútsk: Kreuzkirche) waard yn it tredde fearn fan de 13e iuw boud. De ûngewoane plattegrûn yn de foarm fan in Andreaskrús soarget der foar dat it gebou gjin rjochten hoeken hat. Yn de tsjerke binnen grutte stikken muorre mei midsiuwske beskilderingen bewarre bleaun. It doopfonte út de iere jierren fan de 13e iuw is út Bentheimer sânstien houwd. De kânsel waard om 1600 hinne makke.

It tsjerkoargel stiet yn in histoaryske kast en waard yn klassyk Frânske styl boud troch Bartelt Immer, Reinalt Johannes Klein en Claude Jaccard. It hat 23 registers ferdield oer trije klavieren en pedaal. It foarbyld fan dit oargel wie it ferneamde Clicquot-oargel yn it Frânske Houdan (1734).

De pastorije waard neffens in ynskrift boppe de doar yn 1429 boud. It is ien fan de âldste noch bewenne pastorijen yn Dútslân.

De mûne fan Stapelmoor, in muonts, wurdt alle jierren troch likernôch 5000 minsken besocht.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Weener
Haadplak: Weener
Doarpen: BeschotenwegDieleDielerheideHalteHolthusenHolthuserheideKirchborgumMöhlenwarfSankt GeorgiwoldStapelmoorStapelmoorerheideTichelwarfVellageWeenermoor
· · Berjocht bewurkje