Springe nei ynhâld

Holthusen (Weener)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 des 2021 om 03.11 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (tss)
Hulthusen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Weener
Sifers
Ynwennertal 1.129 (31 desimber 2017)
Oerflak 9,23 km²
Hichte 6,90 m boppe NAP
Oar
Postkoade 26826
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente Weener
Holthusen yn it Reiderlân

Holthusen is in Ortsteil fan de stêd Weener yn it Eastfryske Reiderlân.

De yn 1882 boude neogoatyske herfoarme tsjerke fan Hotlhusen

Geology

Holthusen leit op in hichte fan krekt wat ûnder NAP oant 6,9 meter boppe NAP op in geast westlik fan Weener en eastlik fan de A31 op 'e hichte fan de Autobahntrijesprong Bunde tusken Stapelmoor en Beschotenweg. Yn it westen grinzget Holthusen oan in heechfeangebiet, yn it noarden en easten oan de sângrûn fan de geast.

Skiednis

Fynsten út de stientiid wize op in iere bewenning fan it plak. Archeologyske fynsten út oar tiidrekken meitsje it oannimlik dat it plak permanint bewenne west hat. Yn 1472 wurdt Holthusen foar it earst yn in oarkunde neamd. De namme is platdútsk fan oarsprong en letterlik betsjut it "houten huzen" of "wâldhuzen" en ferwiist nei it bosk, dat hjir eartiids yn de omkriten stien hat.

Yn 'e midsiuwen makke Holthusen part út fan it Reiderlân, mar nei't it greefskip Eastfryslân de macht hjir konsolidearre, foegen de Sirksena's it by de fâdij Weener yn it amt Leerort. Nei de besetting fan East-Fryslân troch Nederlânske en letter Frânske troepen, hearde Holthusen sûnt 1807 by it kanton Jemgum yn it arrondissement Winschoten fan it Département Ems-Occidental. Nei't Napoleon ferslein wie, waard Holthusen wer by de fâdij Stapelmoor yn it amt Weener yndield, dat yn 1885 it Kreis Weener waard. Sûnt de opheffing fan it Kreis Weener yn 1932 makket Holthusen diel út fan it Landkreis Leer.

Sûnt 1 jannewaris 1973 is Holthusen in Ortsteil fan de stêd Weener.

Keppeling om utens

Weener
Haadplak: Weener
Doarpen: BeschotenwegDieleDielerheideHalteHolthusenHolthuserheideKirchborgumMöhlenwarfSankt GeorgiwoldStapelmoorStapelmoorerheideTichelwarfVellageWeenermoor
· · Berjocht bewurkje