Nord (departemint)
Nord | |
---|---|
Lokaasje fan it departemint Nord (read) yn Frankryk. | |
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | departemint |
lân | Frankryk |
regio | Hauts-de-France |
haadplak | Lille |
grutste plak | Lille |
departemintsnûmer | 59 |
sifers | |
ynwennertal | 2.606.234 (2018) |
oerflak | 5.743 km² |
befolkingstichtens | 454 / km² |
oar | |
stifting | 1790 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 50°37′ N 3°1′ E |
webside | lenord.fr |
Nord is in Frânsk departemint yn de regio Hauts-de-France. De namme fan it departemint is ûntliend oan de lokaasje yn it lân; it is it meast noardlike departemint fan Frankryk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nord is ien fan de 83 departeminten, dy't oprjochte waarden yn de tiid fan de Frânske Revolúsje. It departemint waard út it Frânske diel fan Flaanderen, it Frânske diel fan Henegouwen en de Cambrésis (it gebiet fan de biskop fan Cambrai) gearstald.
De Yndustriële Revolúsje fan de 19e iuw fûn al ier plak. Yn de Earste Wrâldkriich waard der slim en lang fochten yn de streek. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it gebiet op 'e nij in wichtich ekonomysk sintrum. Tsjintwurdich hat de regio folgjend op it sluten fan minen en de tekstylfabriken te lijen ûnder sosjale, ekonomyske, kulturele en miljeu problematyk.
Fan 1960 oant 2015 hearde it departemint Nord by de regio Nord-Pas-de-Calais, dy't yn 2016 yn de regio Hauts-de-France opgyng.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It departemint Nord dielt yn it noardeasten de súdlike grins fan Belgje. Yn it westen grinzget it departemint oan Pas-de-Calais, Aisne en in pear kilometer oan it departemint Somme. It Kanaal grinzget oan it noardwestlike diel fan Nord.
It is in lang en smel departemint en hat as haadstêd Lille, dy't tegearre mei Roubaix, Tourcoing en Villeneuve-d’Ascq mei mear as in miljoen ynwenners it yndustriële hert fan it departemint foarmet. De gemeenten Boursies, Doignies en Mœuvres foarmje in eksklave fan it departemint en lizze geografysk yn it departemint Pas-de-Calais.
De wichtichste rivieren fan it departemint binne de Lys, de Sambre, de Scarpe, de Skelde en de Izer.
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It departemint Nord is ûnder te ferdielen yn 6 arrondisseminten, 41 kantons en 648 gemeenten
Arrondissemint | Ynwenners 01.01.2018 | Oerflak (km²) | Ynwenners/km² | Kantons | Gemeenten |
---|---|---|---|---|---|
Avesnes-sur-Helpe | 228.395 | 1.413,19 | 162 | 4 | 151 |
Cambrai | 161.111 | 905,05 | 178 | 3 | 116 |
Douai | 245.549 | 478,19 | 513 | 4 | 64 |
Dunkerque | 374.966 | 1.448,85 | 259 | 7 | 111 |
Lile | 1.244.589 | 884,70 | 1.407 | 17 | 124 |
Valenciennes | 351.624 | 637,69 | 551 | 6 | 82 |
Departemint Nord | 2.606.234 | 5.767,67 | 452 | 41 | 648 |
Befolkingsûntwikkeling departemint Nord sûnt 1962
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2008 | 2015 | 2018 |
Ynwenners | 2.294.066 | 2.418.847 | 2.511.478 | 2.520.526 | 2.531.855 | 2.555.020 | 2.564.959 | 2.605.238 | 2.606.234 |
Boarnen: Cassini en INSEE |
Stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutste gemeenten yn it departemint neffens ynwennertal binne:
Stêd | Ynwennertal | Arrondissemint |
---|---|---|
Lille | 233.098 | Lille |
Tourcoing | 97.442 | Lille |
Roubaix | 98.089 | Lille |
Dunkerque | 86.865 | Dunkerque |
Villeneuve-d’Ascq | 662.727 | Lille |
Valenciennes | 43.405 | Valenciennes |
Wattrelos | 40.885 | Lille |
Douai | 39.634 | Douai |
Marcq-en-Barœul | 38.570 | Lille |
Cambrai | 32.501 | Cambrai |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nord (departemint) fan Wikimedia Commons. |