Springe nei ynhâld

Oarsprong fan religy

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 jan 2021 om 10.48 troch PieterJanR (oerlis | bydragen) (Link gelijk aan linktext)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De oarsprong fan religy as ferskynsel by Homo sapiens, de moderne minske, is net folle mei wissichheid oer te sizzen. De reden dêrfoar is, dat dy oarsprong yn 'e prehistoarje leit, it tiidrek dat foarôfgie oan it bestean fan skriftlik oerlevere boarnen. Sadwaande is alles dat oer it ûntstean fan it ferskynsel religy bekend is, basearre op it tapassen fan logika of byinoar puzele út 'e summiere stikjes ynformaasje dy't troch de jierren hinne mei argeologysk ûndersyk byinoar fandele binne. It stiet bûten kiif dat religy yn it Neolitikum al bestie. Hoefier't it dêrfoar yn 'e tiid tebek giet, kin net mei ienige foarm fan wissichheid sein wurde. Argeologyske opgravings út it Paleolitikum en waarnommen foarmen fan hâlden en dragen by apen en oare bisten wurde sjoen as oanwizings foar it antwurd op dy fraach. Fierders liket it oannimlik dat de ûntwikkeling fan 'e minsklike harsens, it minsklik tinkfermogen en it minsklik spraakfermogen der in grutte ynfloed op hân hat, mei't religy yn hege mjitte in ferbaal ferskynsel is.

Ynterpretaasjes fan religieus hâlden en dragen by oare libbensfoarmen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De neiste biologyske sibben fan 'e minske binne de gewoane sjimpansee en bonobo (of dwerchsjimpansee), mei wa't de minske in mienskiplike foarâlder dielt dy't tusken seis en acht miljoen jier lyn libbe. Dy beide soarten primaten wurde dêrom troch wittenskippers sjoen as it bêst beskikbere surrogaat foar dy mienskiplike foarâlder. Gewoane sjimpansees en bonobo's binne net (waarnimber) religieus, mar se fertoane wol hâlden en dragen dat nedich is foar it ûntwikkeljen fan religiositeit, lykas yntelliginsje, selsbewustwêzen, maatskiplike noarmen en wearden en in fermogen foar symboalyske kommunikaasje.

By sjimpansees binne foarmen fan hâlden en dragen waarnommen dy't útlein wurde kinne as rou foar deagiene troepgenoaten. Teffens merke se dingen op dy't inkeld estetyske wearde hawwe, lykas in moaie sinne-ûndergong. Beide binne dat dingen dy't oer it algemien beskôge wurde as ûnderdielen fan religy of alteast spiritualiteit.

Bisten dy't it tichtst yn 'e buert fan religieus hâlden en dragen komme, binne oaljefanten, benammen Afrikaanske oaljefanten, dy't gauris waarnommen rituelen hawwe om ferstjerren en dea hinne. Sa nimme se lange perioaden fan stilte yn acht en lykje se fertriet te fielen as ien fan harren deagiet. Ek keare se geregeldwei werom nei it plak dêr't oaljefanten dy't se kennen hawwe, deagien binne, om 'e bonken te berûken en befielen. Guon ûndersikers ynterpretearje dat as in foarm fan rou, wat hiel ticht by religiositeit komt.

Oare minskeftigen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestiet bewiis dat de neändertaler, in minskeftige dy't oant likernôch 40.000 jier lyn yn Jeropa libbe, beskate begraffenisrituelen foar syn deaden hold. It hâlden fan begraffenisrituelen wurdt algemien beskôge as bewiis foar religieuze aktiviteit. Yn it gefal fan 'e neändertaler wurdt it bewiis foar de rituelen lykwols troch guon ûndersikers as tige oertsjûgjend beskôge, wylst oaren der neat fan witte wolle.

Stappen yn 'e ûntwikkeling fan religiositeit

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e teoryen oer de oarsprong fan religy is in ferstân dat it fermogen hat ta it fielen fan religiositeit ien fan 'e gefolgen fan harsens dy't grut genôch binne om religieuze en filosofyske ideeën te formulearjen. Yn 'e minsklike evolúsje fertrijefâldigen de harsens fan hominiden yn grutte, wêrby't likernôch 500.000 jier lyn de hjoeddeistige grutte berikt waard. It grutste part fan dy groei fûn plak yn 'e neokorteks, wêrfan't oannommen wurdt dat it it diel fan 'e harsens is dat ferantwurdlik is foar de neurologyske prosessen dy't de grûnslach foarmje fan yngewikkelde ferskynsels as waarnimming, tinken, taal, oandacht, beweging en alteast in diel fan it ûnthâld.

Neffens de wet fan Dunbar stiet de grutte fan 'e neokorteks by in soarte streekrjocht yn ferbân mei it nivo fan sosjale kompleksiteit dat dy soarte yn syn hâlden en dragen sjen lit. Ta yllustraasje: by sjimpansees beslacht de neokorteks 50% fan 'e harsens, wylst er by minsken 80% fan 'e harsens beslacht. Neffens de Britske antropolooch Robin Dunbar wie it kritike punt yn 'e ûntwikkeling fan 'e neokorteks it ûntstean fan 'e iere Homo sapiens, dat likernôch 500.000 jier lyn plakfûn hawwe soe. Hy wol hawwe dat de minsklike neokorteks pas neitiid grutternôch wie om yngewikkelde sosjale ferskynsels as taal en religy te ferwurkjen.

Gebrûk fan ark

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de Súdafrikaanske biolooch Lewis Wolpert soene oarsaaklike ferbannen dy't fuortkamen út it gebrûk fan ark fan krúsjaal belang west hawwe foar de ûntwikkeling fan religiositeit. Foar it meitsjen fan in kompleks stik ark is nedich dat men foarôf, as it noch net bestiet, in mentaal byld fan in foarwerp hat dat fan natuere net foarkomt. Dêrnjonken moat men yn 't foar ek foar it ferstân hawwe hoe't sa'n stik ark wurkje sil, wat in begryp fan kausaliteit nedich makket. Sadwaande kin men neffens Wolpert it nivo fan ferfining fan stiennen ark brûke om it fermogen ta oarsaaklik tinken te mjitten.

Undersyk út 2008 hat lykwols fêststeld dat it fermogen om kausale ferbannen te begripen net in unyk minsklik ferskynsel is. Beskate sjimpansees, bygelyks, binne ûntsnapt út ynslútplakken dy't mei ferskate waarlen en skoattels ôfsletten wiene, wêrfan't men tocht dat inkeld minsken de wurking útfigelearje koene om't dêrfoar ferlet wie fan in begryp fan kausaliteit. It ferskil yn dat begryp tusken minsken en sjimpansees blykt lykwols ien fan gradaasje te wêzen.

Untwikkeling fan it spraakfermogen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't religy foar in grut part in ferbaal ferskynsel is, hat men dêrfoar ferlet fan in systeem fan kommunikaasje, lykas taal, sadat gedachten en ideeën sekuer fan it iene yndividu op it oare oerbrocht wurde kinne. Neffens de Amerikaanske taalkundige Philip Lieberman stypje "de minsklike religieuze gedachte en syn gefoel foar noarmen en wearden dúdlik op in kognityf-taalkundige basis." Dêrfan útgeande stelt de Britske publisist Nicholas Wade dat it minsklik spraakfermogen omtrint 50.000 jier lyn pas syn ûntwikkeling ta in "moderne, artikulearre taal" foltôge, en dat dêrom ek religy pas om dy tiid hinne ûntstien wêze kin.

In oare sjenswize makket ditoangeande ûnderskie tusken yndividuele religieuze oertsjûgings en mienskiplik religieus leauwe. Foar it lêste is dúdlik in foarm fan kommunikaasje nedich, lykas spraak. Mar dat giet net op foar yndividuele oertsjûgings. Yn acht nommen dat de minsklike harsens 500.000 jier lyn al by steat wiene ta sokke tinkprosessen, moat de konklúzje wêze dat religiositeit, alteast op yndividuele basis, de ûntwikkeling fan it spraakfermogen lang foarôfgie.

Redens foar de ûntwikkeling fan religiositeit

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De minske hat in oeraktyf systeem foar it waarnimmen fan oarsaken fan foarfallen, wêrby't de niging bestiet om te konkludearjen dat foarfallen feroarsake binne troch yntelliginte entiteiten sels as dat net sa is. Dat is in systeem dat evoluëarre wêze kin as ferdigeningsmeganisme tsjin bedrigings yn in tiid dat de primitive foarâlden fan 'e moderne minske noch 'yn it wyld' libben en bejage waarden troch gefaarlike rôfdieren. Immen dy't yn sa'n sitewaasje oeral yntelliginte en potinsjeel gefaarlike wêzens seach, libbe grif langer as immen dy't gjin acht sloech op 'e eventuele oanwêzigens fan sokke wêzens.

Minsken hingje der fierders ek ta oer om teleologysk te tinken troch betsjutting ta te kennen oan harren om-en-by. Dat is in karaktertrek dy't liede kin ta it leauwen yn in skepper-god. Psychologen hawwe it derop dat dy niging ûnwikkele is as byprodukt fan 'e minsklike sosjale yntelliginsje, it fermorgen om gewaar te wurden wat oare minsken tinke.

It is in stik wierskynliker dat ferhalen oer moetings mei boppenatuerlike wêzens ûntholden, trochferteld en moaier makke wurde, as ferhalen oer gewoane moetings mei oare minsken, dêr't neat bysûnders oan is. Sokke ferhalen bliuwe jin by fanwegen de beskriuwing fan gewoane ontologyske kategoryen (persoan, bist, plant, foarwerp, ensfh.) mei anty-yntuïtive eigenskippen (minsken dy't ûnsichtber binne, bisten dy't prate, ensfh.). Doe't it leauwe yn it bestean fan godheden him fersprate, kinne minsken antropomorfe gedachteprosessen oan harren takend hawwe: "as ik dizze god wie, wat soe ik dan wolle dat lju dogge dy't yn my leauwe?" Soks kin laat hawwe ta it idee om goaden te ferearjen troch offers oan harren te bringen en gebedens oan harren te rjochtsjen.

Fierdere ûntwikkeling fan religy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wurkwize fan ûndersyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it algemien binne der twa sjenswizen by it ynterpretearjen fan kennis oer de ûntwikkeling fan 'e iere religiositeit by de minske, ôflaat út argeologyske fynsten. De earste is it brûken fan oerienkommende modellen dy't basearre binne op godstsjinsten fan skriftleaze folken sa't dy hjoed de dei noch beliden wurde, de natoerreligyen. De twadde is de ôfwizing fan elts model, en dêrmei dus ek fan eltse ynterpretaasje, om't der net genôch ynformaasje is. Sadwaande is de earste wurkwize, al hoe ûnfolmakke en spekulatyf oft dy ek wêze mei, de iennichste wurkwize dy't resulltaten opsmyt. Dêrby jildt wol dat alle teoryen dy't op basis dêrfan ûntwikkele binne, deselde ûnbewiisberens diele.

De Himelgod en de Memmegoadinne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op basis fan 'e bestudearring fan natoerreligyen hawwe teologen en oare godstsjinstûndersikers ferskate teoryen foarme oer de ûntwikkeling fan religiositeit by de minske. Ien fan 'e bekendste teoryen is dat de iere minskheid in primityf monoteïsme belide, troch ien inkele god te oanbidden dy't as de skepper en hear fan alle dingen beskôge waard. Dizze Himelgod wie sa machtich dat er meitiid te fier fan 'e minsken ôf kaam te stean en stadichoan op 'e eftergrûn rekke.

Yn syn plak kaam de Memmegoadinne, dy't foarsteld waard as in neakene, wielderige frou dy't swier wie. Hja wie de ferpersoanliking fan 'e fruchtberens dêr't hiel it libben fan ôfhong. It tinken is dat de Memmegoadinne mooglik ferskate milennia de wichtichste godheid wie, ear't se yn it Mesolitikum opgie yn in grutter, polyteïstysk panteön. Foarmen fan sawol de Himelgod as de Memmegoadinne komme rûnom foar yn 'e sawol de heidenske mytologyen út 'e Aldheid as yn 'e moderne natoerreligyen yn Afrika, Aazje, Oseaanje en de Amearika's.

Organisearre religy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Organisearre foarmen fan religy geane tebek op 'e Neolityske Revolúsje dy't 11.000 jier lyn yn it Midden-Easten begûn, mar op oare plakken yn 'e wrâld ûnôfhinklik dêrfan plakfûn hawwe kin. Dat barren draaide om 'e útfining fan it ferbouwen fan planten, in ûntwikkeling dy't de minsklike maatskippij sa't dy doe bestie, op syn kop sette en yn fruchtbere gebieten soarge foar in oergong fan in faak nomadyske jager-sammelderlibbenswize nei in sedentêre boerekultuer.

Fanwegen de gruttere en betrouberdere itensfoarrieden dy't dat opsmiet, gie de Neolityske Revolúsje mank mei in befolkingseksploazje en teffens mei in ferflugging fan 'e technologyske ûntwikkeling. Mei't groepen minsken fan dy tiid ôf yn fêste mienskippen op in fêst plak libben en genôch rykdom hiene om tiid oan oare dingen te besteegjen as it sykjen nei iten, ûntwikkelen har doe al rillegau mienskiplike foarmen fan religy, dy't behalven spirituele wissichheid har folgelingen ek sosjale stabiliteit beaen.

Letter, doe't it proses fan steatsfoarming op gong kaam, ûntstiene riken lykas it Alde Egypte, it Akkadyske Ryk en it Keizerryk Sina, dy't eins teokrasyen wiene, mei in monarch oan it haad dy't himsels op ien hichte stelde mei de goaden, en dêrmei foaroanman wie op sawol maatskiplik as religieus mêd. Antropologen hawwe fêststeld dat yn frijwol alle steatsmaatskippijen út 'e hiele wrâld de hearsker syn wrâldske macht rjochtfeardige troch dêrnjonken ek oanspraak op religieus gesach te meitsjen. Dat suggerearret in lange skiednis fan it brûken fan religy foar politike doelen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.