Der Is Gjin Dêr, Dêre
Der Is Gjin Dêr, Dêre | ||
De omslach fan it boekje, dat yn 2003 útjûn waard troch Steven Sterk en Utjouwerij Bornmeer. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | (gjin Nederlânske titel) | |
auteur | Ronald Giphart | |
taal | Nederlânsk | |
foarm | koart ferhaal | |
skreaun | 2003 | |
1e publikaasje | (net yn it Nederlânsk publisearre) | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Der Is Gjin Dêr, Dêre | |
publikaasje | 2003, Utert | |
útjouwer | Steven Sterk, Utjouwer / Utjouwerij Bornmeer | |
oersetter | Steven Sterk | |
ISBN oers. | 9 07 37 89 052 (ynbûn) 9 07 37 89 060 (paperback) |
Der Is Gjin Dêr, Dêre is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e Nederlânske skriuwer, publisist, kollumnist, senarioskriuwer en presintator Ronald Giphart (1965). It ferhaal is skreaun fanút it ik-perspektyf en fertelt koartsein oer in famkesskouwe jonge dy't by in brulloft yn Wâldsein troch in frije en swiere jongfaam oer syn skrutenens hinne holpen wurdt. It boekje fan 44 siden waard yn 2003 yn Fryske oersetting útjûn troch Steven Sterk, te Utert, en ferskynde nea yn it Nederlânsk.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ik-persoan, dy't himsels foarsteld as "in echte bûtenstanner, in leek, in taskôger, koartsein in skriuwer", belânet mei frijwat tsjinnichheid op in brulloft fan in âld maat fan sines te Wâldsein. Hy hat ea wat in trauma oprûn yn 'e omgong mei froulju, en wit sadwaande net hoe't er it mei de oare sekse oanlizze moat, mar Teaske, in flirtsjend fanke dat seis moanne hinne is, wit him yn in sylboat en de Sleattemer Mar op te loadsjen, dêr't se oerenlang yngeand mei-inoar petearje. As bliken docht dat se it paad werom net mear fine kinne, bedarje se yn it hûske op in (fiktyf) eilân yn 'e mar, dêr't se de tegearre de nacht trochbringe en de leafde bedriuwe.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der Is Gjin Dêr, Dêre waard yn 2003 troch útjouwer Steven Sterk te Utert, útbrocht as de Fryske oersetting fan in wurk fan Ronald Giphart. (De reden dêrfoar skynt in weddenskip tusken Giphart en Sterk west te hawwen, dy't Sterk wûn hie.) De skriuwer ferplichte him doedestiden om mei de publikaasje fan it Nederlânsktalige orizjineel in beskate perioade te wachtsjen, om 'e ferkeap fan 'e Fryske ferzje net yn 'e tsjillen te riden, mar dy Nederlânske útjefte kaam der nea fan, en it boekje is oant hjoed de dei ta (mids 2015) inkeld yn it Frysk te krijen.
Mei dêrtroch, nei't men oannimme mei, rûn de ferkeap fan 'e Fryske oersetting as in trein, sasear sels, dat útjouwerij Bornmeer (dêr't Steven Sterk, Utjouwer tsjin dy tiid yn opgien wie) úteinlik in twadde printinge op 'e merk brocht. De oersetting is fan 'e hân fan Steven Sterk sels, wylst Eeltsje Hettinga de einredaksje oer it projekt hie. De mannen hawwe fan Giphart syn noveltsje, dat wierskynlik gewoan yn 'e Nederlânske sprektaal skreaun wie, in tekst yn prachtich geef Frysk makke, sels wat de útspraken fan 'e personaazjes oanbelanget. Sjoch foar in útinoarsetting oer de "wûnderlike" njonkeninoarpleatsing fan 'e "superhjoeddeiske Giphart" en "it âlderwetsk oandwaande geeffrysk" de resinsje fan Jetske Bilker hjirûnder by de boarnefernijing.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Sekundêre boarne
|