Springe nei ynhâld

Lytse Rots

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 okt 2020 om 14.57 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Libben: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Lytse Rots
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hōhǎnǐno’o
oare namme Little Rock
nasjonaliteit Sjajinsk
berne ±1805
berteplak op 'e súdlike Grutte Flakten
   (Feriene Steaten)
stoarn 27 novimber 1868
stjerplak oan 'e Washita (Yndiaansk Terr.)
etnisiteit Súdlik Sjajinsk
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de
   Súdlike Sjajinnen
jierren aktyf ±18501868

Lytse Rots (Sjajinsk: Hōhǎnǐno’o, útspr.: [hohanɪnoʔo], likernôch: "ho-han-nin-noö"; Ingelske oersetting: Little Rock; op 'e súdlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), ±1805 – oan 'e Washita (Oklahoma), 27 novimber 1868) wie in opperhaad fan 'e Súdlike Sjajinnen, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wie in bûnsgenoat fan it bekendere opperhaad Swarte Tsjettel, en in grut foarstanner fan frede mei de Feriene Steaten. Lytse Rots kaam om by it Bloedbad fan 'e Washita, wêrby't de Amerikaanske kavalery it doarp fan Swarte Tsjettel oanfoel en ferrinnewearre.

Lytse Rots waard omtrint 1805 berne yn it súdlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wie it opperhaad fan 'e Wutapiu-troep fan 'e Súdlike Sjajinnen, en it iennichste lid fan 'e Ried fan Fjouwerenfjirtich dat Swarte Tsjettel, de lieder fan 'e fredespartij ûnder de Súdlike Sjajinnen, trou bleau nei it Bloedbad fan Sand Creek, yn 1864.

Yn 1867 wie Lytse Rots ien fan 'e opperhaden dy't it Ferdrach fan Medicine Lodge mei it regear fan 'e Feriene Steaten sleaten. Yn augustus 1868 waard er yn Fort Lyon befrege troch de Yndiaansk agint Edward W. Wynkoop, oangeande oerfallen dy't in grutte groep Súdlike Sjajinske krigers útfierd hie op delsettings fan blanke kolonisten oan 'e rivieren de Saline en de Solomon, yn 'e Amerikaanske steat Kansas. Dêrby joech Lytse Rots Wynkoop ynformaasje oer de krigers dy't by dy oerfallen belutsen west hiene, en stimde er deryn ta om te besykjen om oare Sjajinske troepen oer te heljen en leverje dy krigers oan 'e Amerikanen út, dêr't se ûnder it Ferdrach fan Medicine Lodge ta ferplichte wiene. Yn ruil dêrfoar frege Lytse Rots Wynkoop om him en syn famylje yn beskerming te nimmen as it him net slagge om 'e oangeande krigers útlevere te krijen, en Wynkoop stimde der mei yn.

Op 27 novimber 1868 waard it winterkamp fan Swarte Tsjettel en Lytse Rots oan 'e rivier de Washita by moarnsdage oanfallen troch it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. By dat Bloedbad oan de Washita foarme Lytse Rots mei de froulike Sjajinske kriger Wolvinne en in besiker, de Kajowa-kriger Folget-de-Fijân, in efterhoede om 'e by de rivier lâns fuortflechtsjende froulju en bern te beskermjen tsjin in groep oanfallende kavaleristen, dat wierskynlik in detasjemint ûnder majoar Joel H. Elliott west hat. Dêrby kaam Lytse Rots om. Hy waard likernôch 63 jier. Ek Swarte Tsjettel oerlibbe de oanfal op it kamp net.

Doedestiden waard de 'Slach oan de Washita' yn 'e Feriene Steaten beskôge as in wichtige oerwinning en de earste stap op 'e wei nei de ûnderwerping fan 'e opstannige Súdlike Sjajinnen. Tsjintwurdich wurdt it lykwols frij algemien as in oarlochsmisdie sjoen. Boppedat hie it in averjochts effekt, mei't de fredespartij ûnder de Sjajinnen troch de dea fan Lytse Rots en Swarte Tsjettel oansjenlik ferswakke waard, wylst de oarlochspartij, oanfierd troch de fanatike Hûnskrigers, troch it bloedbad krekt fuorsterke waard.

Lytse Rots syn frou Stjonkdierfrou, syn dochter Maitydsgers, syn mem, syn suster Wite Bizon en noch in oare suster oerlibben it Bloedbad fan 'e Washita. Dêrfan hearden syn mem en syn dochter Maitydsgers ta de 53 Sjajinske froulju dy't troch de Amerikanen kriichsfinzen nommen waarden. De doe santjinjierrige Maitydsgers waard neitiid bekend trochdat hja in seksuële relaasje hân hawwe soe mei George Armstrong Custer, dêr't ien of mooglik twa bern út fuortkamen. Guon moderne histoarisy binne fan miening dat dy bern wierskynlik oanset wiene troch Custer syn jongere broer Thomas (dy't ek yn it 7e Kavaleryrezjimint tsjinne), mei't Custer sels steryl west hawwe soe nei't er yn syn tiid as kadet te West Point gonorroe oprûn hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.