Ålâneilannen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ålandseilannen)
'Landskapet Åland'
Flagge fan Ålâneilannen Wapen fan Ålâneilannen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Ålâneilannen
Offisjele taal Sweedsk
Haadstêd Mariehamn
Steatsfoarm Autonoom gebiet binnen Finlân
Gebiet
% wetter
13.346,5 km²
88,5­%
Ynwenners (2009) 27.734
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 9 juny
Lânkoade ALA
Ynternet .ax
Tillefoan +358-18

De Ålâneilannen foarmje in arsjipel yn de Baltyske See. De eilannen lizze oan de yngong fan de Botnyske Golf en foarmje in autonoom, demilitarisearre, ientalige Sweedske regio fan Finlân. De arsjipel foarmet de lytste regio fan Finlân, mei mar 0,49% fan it oerflak fan it lân en mar 0,50% fan de Finske populaasje.

Ålân omfiemet it Fasta Åland (it Haadeilân, mei 90% fan de ynwenners fan Ålân), en in arsjipel besteande ut likernôch 6.700 skearen en eilannen. Fasta Åland is skieden fan de kust fan Sweden troch 38 kilometer iepen wetter nei it westen ta. Yn it easten leit de Ålânarsjipel tsjin de Finske Skearesee oan. Ålâns ienige lângrins leit op de ûnbewenne skear Märket, dy't dield wurdt mei Sweden.

Autonomy fan Ålân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In topografyske kaart fan Ålân.

De autonome status fan de eilannen waard fêstlein troch in beslissing fan it Folkebûn yn 1921, dêr't de Ålânkrisis op folge. It waard op ‘e nij befêstige yn it ferdrach wêryn Finlân by de Europeeske Uny kaam te hearren. Ålân is by wet neutraal en folslein demilitarisearre, ynwenners binne frijsteld fan tsjinstplicht foar it Finske leger. De eilannen hawwe wiidweidich foech krigen foar selsbestjoer troch it Parlemint fan Finlân yn de Wet op de Autonomy fan Ålân fan 1920, dy’t letter ferfongen waard troch nije wetjouwing yn 1951 en 1991.[1]

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in teory wie de oarspronklike namme fan Ålân Germaansk, Ahvaland, dat "Lân fan wetter" bestjut. Yn it Sweedsk ûntwikkele him dat ta Áland en letter yn Åland, letterlik oersetten "rivierlân", alhoewol’t rivieren net in karakteristyk fan Ålâns geografy foarmje. De Finske namme fan de eilannen, Ahvenanmaa ("Bearslân"), komt nei alle gedachten fan in oare âlde namme.

In oare teory seit dat de Finske namme Ahvenanmaa de oarspronklike namme fan de arsjipel is, dêr't de Sweedske namme fan ôflaat is.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ålân bestiet út likernôch 6.700 eilannen en skearen en foarmet in arsjipel oan de súdkante fan de Botnyske Golf en yn it noardlike part fan de Eastsee. Ålân leit likernôch 40 kilometer fan de kust fan Sweden en 15 kilometer fan de Finske kust. It haadeilân Fasta Åland, mei likernôch 90 % fan it folsleine ynwennertal fan de provinsje en 70% fan it lânoerflak,[2] leit yn it westen, op 40 kilometer fan Sweden en hûndert kilometer fan Finlân.

De eilannen hawwe in lânoerflak fan yn totaal 1.553 km². Mei it wetteroerflak fan de Eastsee derby beslacht it gebiet 13.517 km². Op de Ålâneilannen wenje likernôch 27.734 minsken, ferspraat oer 65 eilannen.[2]

Geology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eilannen fan Ålân besteane foar it measte part út metamorf en magmastiente. Se binne fan prekambryske âlderdom (likernôch 1,6 miljard jier) en hearre ta it Baltyske Skyld. It eastlike part bestiet út gneis. Op it haadeilân en de omkriten dêrfan wurdt granyt fûn. Bekend by geologen is de op de eilannen foarkommende readeftige granytsoarte Rapakiwi.

It lânskip waard troch de gletsjers yn de Iistiid foarme. Karakteristyk binne de roches moutonnées en de skearen. Yn de lêste Iistiid waard it lân troch de iismassa folslein ûnder de seespegel drukt. Troch it teien fan de gletsjer waarden de eilannen folslein troch wetter oersljochte. Sûnt 13.000 jier hat it lân him omheech wurke út de see, begjinnend mei it heechste punt fan Ålân de Orrdalsklint. Yn de rin fan de tiid stige it lân hieltiten fierder. Dêrtroch ûntstienen mear en mear eilannen en skearen. Dat proses set him ek hjoed de dei noch troch; Ålân stiget mei in gong fan likernôch 7 millimeter it jier.

Troch it ôfsetten fan sedimint, benammen fynsân en sylt, yn grutte mannichten (inkele meters), is hjoed de dei lânbou mooglik op de eilannen.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moanne Temperatuer (∅) Delslach Dagen mei
delslach
jannewaris - 2,5 °C 40 mm 10
febrewaris - 3,7 °C 24 mm 6
maart - 1,2 °C 30 mm 7
april + 2,7 °C 27 mm 7
maaie + 8,6 °C 24 mm 5
juny + 13,0 °C 42 mm 6
july + 15,9 °C 55 mm 7
augustus + 15,0 °C 73 mm 9
septimber + 10,5 °C 65 mm 10
oktober + 6,4 °C 61 mm 10
novimber + 2,4 °C 62 mm 12
desimber - 0,6 °C 48 mm 11

It klimaat op Ålân is yn fergelyk mei it Sweedske en Finske fêstelân tuskenbeiden. De Eastsee ferwaarmet yn de winter de kâlde noardeastlike wyn en kuollet yn de simmer de waarme súdeastewyn. De jierlikse delslach leit yn trochsneed om de 551 milimeter it jier en is dêrmei minder as yn Sweden en Finlân.

De jierlikse temperatuer is yn trochsneed 5,5 graden Celsius. De heechste temperatuer ea mjitten is 31,3 graden Celsius, de leechste is -32,4 graden Celsius.

Yn de tabel hjir njonken steane de trochsneed temperatueren, delslach en dagen mei delslach de moanne tusken 1970 en 2000.

Floare en fauna[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ålân heart ta de fegetaasjesône fan de Taiga. Njonken de oerhearskjende dinne- en spjirrebeammen kinne ek leafbeammen, yn it bysûnder iken, esken, iepen en beltsje- en linebeammen fûn wurde. Op de eilannen waakse ek orchideeën, dêr't de measten fan ta de likernôch 50 beskerme planten behearre.

Op Ålân binne 25 sûchbistesoarten, dêrûnder in soad nachtbisten, mar ek reeën en reaharten. Troch de lokaasje fan de eilannen en it relatyf sêfte klimaat is der in grutter ferskaat oan fûgels as op it Finske fêstelân. Op de eilannen briede mear as 130 fûgelsoarten, dêrûnder bedrige soarten wetterfûgels as de jolling. De see-earn dy’t healwei de 70-er jierren yn gâns Finlân útstoarn wie, kin nei slagge beskermings- en werlokaasjeprojekten wer yn grutte mannichten sjoen wurde op Ålân. It jachtwyld útsein binne al bisten op Ålân beskerme.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Orrdalsklint en Långbergen yn Saltvik, de heechste bergen fan Ålân, begûnen mei stiigjen út de Baltyske See (doe de Yoldia See) likernôch 13.000 jier lyn. De âldste archeologyske fynsten dy’t de oanwêzigens fan minsken bewize represintearje de Comb Ceramic kultuer en geane werom oant 4000 foar Kristus. Om 2500 foar Kristus hinne begûn de Pitted Warekultuer him te ûntwikkeljen op Ålân. Fan likernôch 1800 foar Kristus wurde fynsten fan de Kiukais kultuer dien.

Yn it tiidrek 1300 oant 1600 wie it Kastelholm Kastiel it plak dêr’t in soad striid en plonderings plak hienen. Fan 1714 oant 1721 waard Ålân oanfallen en fernield troch it leger fan Peter de Grutte; it meastepart fan de befolking flechte yn dy tiid nei Sweden.

De Ålâneilannen wienen part fan it lân dat ôfstien waard oan Ruslân troch Sweden ûnder de betingsten fan it Ferdrach fan Frederikshamn yn septimber 1809. Lykas alle oare parten fan Finlân, waard de arsjipel part fan it semi-autonome Grutfoarstendom Finlân.

Yn de tiid fan dat proses slagge Sweden der net yn betingsten binnen te heljen om de eilannen net te fortifisearjen. Dy kwestje wie net allinnich wichtich foar Sweden, mar ek foar it Feriene Keninkryk, dat benaud wie dat in militêre macht op de eilannen Grut-Brittanjes feiligens en kommersjele belangen yn gefaar brocht.

Yn 1832 begûn Ruslân mei de fortifikaasje fan de eilannen mei it grutte fort fan Bomarsund. Dat waard yn 1854 oermastere en ferneatige troch in alliânsje fan Britske en Frânske striidmachten as ûnderdiel fan in militêre kampanje yn de Baltyske See yn de tiid fan de Krim Kriich. Yn it Ferdrach fan Parys (1856), waarden de Ålâneilannen demilitarisearre.

By it Kastelholm Kastiel waard yn de Midsiuwen in soad striid levere.

Mei de Finske Boargerkriich, yn 1918, ynterveniearre it Sweedske leger yn in fredesoperaasje tusken de Russyske troepen stasjonearre op de eilannen en “Wite” en “Reade” Finske soldaten dy’t fan Finlân kamen oer de beferzen see. Skiedkundigen sizze lykwols dat Sweden it yn it sin hie om de eilannen sels te oermasterjen. Nei in pear wike tiid joech it Sweedske leger romte oan it Dútske leger dat de Ålâneilannen op fersyk fan de “Wite” (konservative) Finske senaat besette.

Nei 1917 woenen de ynwenners graach dat de Ålâneilannen by Sweden kamen te hearren. In petysje foar ôfskieding fan Finlân waard troch 96,2% fan de folwoeksen eilânbewenners ûndertekene, dochs waarden letter al fraachtekens setten by dat bûtengewoan hege persintaazje. It Sweedske nasjonalisme woeks bot neidat de anti-Sweedske gefoelens yn Finlân tanamen, Dat Finske nasjonalisme woeks by Finlâns ‘gefjocht’ om autonomy te krijen en it Finske ferset tsjin de Russifikaasje fan Finlân. Dêrby kaam, dat it konflikt tusken de Sweedsktalige minderheid en de Finsktalige mearderheid (op it fêste lân) dy’t yn de jierren nei 1840 in wichtige rol spilen yn de Finske polityk, bydroech oan it ferset fan Ålân.

Finlân woe it lykwols net syn grûn ôfstean en bea de Ålâneilannen in autonome status oan. Dochs wienen de ynwenners net te sprekken oer dat oanbod, en de striid waard foarlein oan it Folkebûn. It Folkebûn besleat letter dat Finlân syn soevereiniteit oer it gebiet hâlde koe, mar dat de Ålâneilannen in autonoom gebiet wurde moasten. Dat Finlân waard der ta ferplichte om de ynwenners fan de Ålâneilannen it rjocht op 'e Sweedske taal, kultuer en lokale tradysjes te jaan. Yn deselde tiid waard yn in ynternasjonaal ferdrach fêststeld dat Ålân in neutraal gebiet wêze moast; dêrtroch waard it ferbean militêre ynstallaasjes of manskippen op de eilannen te fêstigjen.

Yn de rin fan de 20e iuw seagen gruttere mannichten ynwenners fan Ålân der de foardielen fan yn in Finsk autonoom gebiet te wêzen. De kombinaasje fan teloarstelling oer te min stipe fan Sweden yn it Folkebûn, te min respekt fan Sweden foar Ålâns demilitarisearre status yn de jierren nei 1930 en de dielde gefoelens yn en oer de Twadde Wrâldkriich, hawwe de persepsje fan de eilanners feroare fan "in Sweedske provinsje ûnder Finsk bewâld" nei "in autonoom gebiet fan Finlân". De eilanners profitearren fan de feiligens op see yn de Twadde Wrâldkriich, om't harren keapfardijskippen foar sa wol de alliearde lannen as foar Dútslân fearen. De skippen fan Ålân waarden net oanfallen, om't beide kanten mar inkeldris wisten wat der ferskippe waard.

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It parlemintsgebou fan Ålân.

De Ålâneilannen wurde bestjoerd neffens de Wet op de Autonomy fan Ålân en ynternasjonale ferdraggen. Dy wetten garandearje de autonomy fan de eilannen fan Finlân, dy’t folsleine soevereiniteit oer it gebiet hat, en de demilitarisearre status fan Ålân. De oerheid fan Ålân, of wol Landskapsregering, moat him ferantwurdzje tsjinoer it Parlemint fan Ålân, of wol DE Lagting, oerienkomstich de prinsipes fan parlemintarisme. Foar de Lagting wurdt alle fjouwer jier mei algemiene ferkiezings stimt.

Ålân hat syn eigen flagge, hat syn eigen postsegels sûnt 1984, hat in eigen polysjekorps en is sûnt 5 septimber 2007, mei it ûndertekenjen fan it Ålândokumint, lid fan de Noardske Ried. Sûnt 2005 hawwe de Ålâneilannen harren eigen loftfeartmaatskippij, Air Åland. De eilannen binne demilitarisearre en de ynwenners binne frijsteld fan de tsjinstplicht. Alhoewol’t Ålâns autonomy earder barde as it meitsjen fan de regio’s fan Finlân, hat de autonome oerheid fan Ålân ek de ferantwurdlikheid foar de funksjes dy’t yn hannen binne fan de regionale bestjoeren fan Finlân. Ålân is ien fan de leden fan de Small European Postal Administration Corporation.

Nei de ferkiezings fan oktober 2007 sjocht de ferdieling fan it Parlemint fan Ålân der sa út:

Partei 2007 2003
Oandiel Sitten Oandiel Sitten
Liberale Partij (Liberalerna på Åland) 31,6% 10 24,1% 7
Sintrumpartij (Åländsk Center) 23,5% 8 24,1% 7
Frije kiezers (Obunden Samling) 11,9% 4 9,4% 3
Sosjaaldemokratyske partij (Ålands Socialdemokrater) 11,5% 3 19,0% 6
Boargerliken (Frisinnad Samverkan) 9,5% 3 13,6% 4
Unôfhinklikheidspartij (Ålands Framtid) 8,1% 2 6,5% 2
Groep foar langduorrige Untwikkeling (Gruppen för hållbar utveckling, Abk. HUT) 1,2% 0 net dielnaam
Foarútgongspartij (Ålands Framstegsgrupp) net dielnaam 3,4% 1

Ferhâlding mei Finlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ålân nimt lykas alle oare regio’s fan Finlân diel oan de algemiene ferkiezings dy’t yn Finlân hâlden wurde, yn it bysûnder de ferkiezings foar it Finske parlemint, ferkiezings foar it Europeeske parlemint en oan de presidintsferkiezings. Foar de ferkiezings foar it Finske parlemint foarmet Ålân in eigen kiesdistrikt. De Ålâneilannen binne wis fan represintaasje yn it Finske parlemint, dêr’t hja ien ôffeardige yn hawwe. Sûnt de ferkiezings fan 2007 sit foar Ålân Elisabeth Nauclér yn it parlemint.

Regionaal boargerskip is in eask foar it rjocht om te stimmen of om kandidaat te wêzen by ferkiezings foar de wetjouwende macht, om ûnreplik guod te besitten en sûnder beheining oan it wurk te kinnen op Ålân. It Ålânske steatsboargerskip kin allinnich oan Finnen jûn wurde dy’t teminsten fiif jier efter elkoar op Ålân wenje en dy’t de Sweedske taal machtich binne.

As ferbiningsorgaan tusken it nasjonale regear en de autonome provinsje fungearret de Ålandbordnung ("Ålândelegaasje").

Gemeenten fan Ålân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ålân bestiet út 16 gemeenten, dy’t wer ûnderferdield binne yn trije sub-regio’s; Mariehamn (Mariehamns stad), it plattelân (Ålands landsbygd) en de arsjipel (Ålands skärgård).

  1. Brändö (515 ynwenners)
  2. Eckerö (895)
  3. Finström (2.371)
  4. Föglö (608)
  5. Geta (461)
  6. Hammarland (1.365)
  7. Jomala (3.444)
  8. Kökar (293)
  9. Kumlinge (387)
  10. Lemland (1.662)
  11. Lumparland (383)
  12. Mariehamn (10.626)
  13. Saltvik (1.747)
  14. Sottunga (134)
  15. Sund (1.039)
  16. Vårdö (417)

Die Städte und Gemeinden Ålands

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan Ålân linet benammen op de ferskipping, hannel en toerisme. Ferskipping makket 40% fan de ekonomy fan Ålân út, mei guon ynternasjonale bedriuwen dy’t bestjoerd wurde fan Ålân ôf. De measte bedriuwen njonken de ferskipping binne lyts, mei minder as tsien wurknimmers. Buorkjen en fiskerij binne wichtich yn kombinaasje mei de fiedselyndustry. In pear technology bedriuwen drage by oan in sûne ekonomy.

De ekonomy fan Ålân bestiet foar in grut part út lytse en middellytse ûndernimmings. Yn de provinsje binne likernôch 2.600 bedriuwen aktyf. Fan dy bedriuwen binne likernôch 700 tradisjonele lânboubedriuwen. Wurkleasheidspersintaazjes binne tige leech op de eilannen, se behearre ta de leechsten fan Europa. Yn septimber 2007 lei it persintaazje op 2,0%. Fanwegen de grutte rol fan it toerisme foar de ekonomy sakke de wurkleasheid dêrnei noch fierder. Yn de simmer leit it wurkleasheids-persintaazje regelmjittich op it leechste nivo fan Europa.

De wichtichste havens fan Ålân binne dy fan Mariehamn, Berghamn en Långnäs.

It sylskip de Pommern yn Mariehamn, hjoed de dei in museum.

Mariehamn wie de basis foar de lêste grutte kommersjele sylskippen op de wrâld. De lêste taken wienen it bringen fan Australysk weet nei Grut-Brittanje, dêr't eigner Gustaf Erikson mei troch gie oant nei de Twadde Wrâldkriich, mei 1947 as lêste jier. De skippen makken ien trip fan Súd-Austraalje nei Brittanje yn it jier, nei eltse maraton waard nei Mariehamn fearn foar in pear moanne rêst. It skip Pommern, hjoed de dei in museum yn Mariehamn, wie ien fan de lêste boaten.

It ôfskaffen fan de belestingfrije ferkeap op fearboaten dy’t farre tusken bestimmingen yn de Europeeske Uny soarge derfoar dat Finlân in útsûndering meitsje moast foar de Ålâneilannen op de omsetbelêstingswetten fan de Europeeske Uny. De útsûndering giet op foar belestingfrije ferkeapen op de fearboaten tusken Sweden en Finlân (wêrby’t se in stop meitsje moatte yn Mariehamn of Långnäs) en op it fleanfjild. Konsekwinsje is ek dat Ålân in oare belestingssône wurden is, wat betsjut dat tariven heft wurde moatte op guod dat nei de eilannen brocht wurdt.

De Finske Steat garret belestingen, heffingen en bekeurings yn Ålân. Yn ruil dêrfoar stelt de Finske oerheid in bedrach oan it parlemint fan Ålân beskikber. Dat bedrach komt del op 0,45 prosint fan it totale ynkommen fan de oerheid, útsein oerheidslienings. Yn 2006 kaam dat bedrach út op 182 miljoen euro.

Neffens Eurostat, wie Ålân yn 2006 de 20e woltierichste regio fan de 268 Europeeske regio’s en it rykste yn Finlân, mei in bruto binnenlânsk produkt de ynwenner fan 47 persint boppe it trochsneednivo fan de Europeeske Uny. Ålân krijt de grutste mannichte oan steatssubsydzjes fan alle Finske regio’s, yn totaal likernôch 4.000 euro de ynwenner mear as de Ålanners betelje oan steatsbelestings.

Wylst de offisjele muntienheid de euro is, wurdt de Sweedske kroan ek wiidweidich brûkt op de eilannen.

Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Diken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ålân beskikt oer in goed wegenetwurk dat benammen wurdearre wurde troch fytsers. Der binne gjin spoarwegen op Ålân, mar der binne bustsjinsten fan Ålandstrafiken dy’t oanslute op de fearboaten nei oare eilannen fan Ålân.

In kentekenboerd fan Ålân.

Reau dat registrearre stiet op Ålân hat nûmerplaten mei blauwe letters, startend mei ÅL.

Ålân beskikt oer in ticht wegenetwurk mei in lingte fan yn totaal 912,7 kilometer, dêr't 646,8 kilometer fan tarredyk is.

See[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fearboaten fan Viking Line en Tallink Silja dy’t farre tusken Helsinki, Turku, Tallinn en Stockholm stopje ûnderweis op Ålân, yn de havens fan Mariehamn of Långnäs. Njonken dat it goeie transportferbinings opleveret, soarget it ek foar de ferkeap fan belestingfrije alkohol, tabak, ensfh. oan board fan de skippen. Dat kin neffens de betingsten fan it ferdrach dêr't Finlân mei lid wurden is fan de Europeeske Uny. Wol moatte skippen dan oanlizze yn ien fan de havens op Ålân.

In netwurk fan fearboaten, fan rederij Ålandstrafiken, soargje foar ferbinings tusken de eilannen fan Ålân ûnderling. Ek fersoarget de rederij tsjinsten nei de havens fan Galtby en Osnäs yn Finlân.

Eckerö Linjen fersoarget in fearboattsjinst tusken Eckerö, Ålân en Grissleham yn Sweden.

Seetransport is in wichtich ûnderdiel fan de Ålânske ekonomy, de bedriuwstak soarget foar in soad wurk op Ålân.

Loft[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2005 waard ûnder rezjy fan it Ålânske regear mei wiidweidige stipe fan de lokale ekonomy in loftfeartmaatskippij stifte, Air Åland. Air Åland fljocht alle dagen fan Fleanfjild Mariehamn nei Fleanfjild Helsinki-Vantaa en alle wurkdagen nei Fleanfjild Stockholm-Arland en werom. Turku Airlines fljocht trije kear de wurkdei nei Turku mei in Piper PA-31 Navajo.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte ynwenners fan Ålân hawwe Sweedsk as memmetaal, dat gie op foar 90,2% fan de minsken yn 2009. 5.0% fan de minsken hat it Finsk as memmetaal. Op de skoallen op de Ålâneilannen wurdt yn it Sweedsk ûnderrjocht jûn.

Oer de kwestje fan de etnisiteit fan de Ålanners en de taalklassifikaasje fan it Ålânsweedsk binne hja it noch net iens. Guon minsken beskôgje harren as etnyske Sweden, oaren as Sweedsktalige Finnen, mar harren taal is nauwer besibbe mei de dialekten yn Sweden as mei it Finsk-Sweedsk dat op de fêste wâl fan Finlân sprutsen wurdt.

De acht meast sprutsen talen yn 2009 op Ålân wienen:

Wylst it tal sprekkers fan it Sweedsk fan 2000 oant 2009 woeks fan 24.169 nei 25.028, sakke it persintaazje sprekkers fan 93,7% yn 2000 nei 90,2% yn 2009. Foar it Finsk stige it persintaazje fan 4,8% yn 2000 nei 5,0% yn 2009. Wat delkomt op in absolute stiging fan 150 minsken (fan 1.238 Finsktaligen nei 1.388 Finsktaligen). It persintaazje sprekkers fan oare talen woeks fan 1,5% yn 2000 oant 4,8% yn 2009.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

78,3% fan de minsken dy’t in leauwe oanhingje binne lid fan de Evangelyske Luterske Tsjerke fan Finlân. De Ålâneilannen hearre sûnt 1923 ta it bisdom Porvoo, dat de Sweedsktalige mienskippen fan Finlân fersoarget.

In minderheid fan 0,6 prosint is lid fan in Frije Tsjerke of fan in oar leauwe (Jehova: 0,18 prosint, Roomsk-Katolyk: 0,14 prosint, Gryksk Ortodoksk: 0,06 prosint, Advintisten: 0,05 prosint en oar: 0,18 prosint).

It tal net-leauwigen woeks fan 4,7 prosint yn 1990 nei 20,5 prosint yn 2014.

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke fan Finström is ien fan de best bewarre tsjerken út de Midsiuwen fan Ålân.

Ålân hat, metten nei it tal ynwenners, in libben kultuerlibben. Dat wurdt yn stân hâlden troch private ferienings. Fyftich fan dy ferienings wurde út de ynkomsten fan de Ålânske oerheid út de karspelbelesting stipe. Fierdere stipe komt út aktiviteiten fan it Norden Institut på Åland ("Skandinavysk Ynstitút op Åland"), in ynstitút dat stifte is om de Ålânske kultuer te befoarderjen. It ynstitút hat ûnder oare grutte teaterproduksjes mooglik makke, dêr't sawol profesjonele akteurs as amateurs yn spile hawwe.

In wichtige rolle yn de kultuer fan Ålân hat it Ålânsk Muzykynstitút, dat likernôch 300 studinten hat. Ek bûten it ynstitút om binne der op Ålân in soad koaren en muzykgroepen warber.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De arsjitektuer op Ålân hat gjin karakteristike eigenheden tsjinoer de Finske en Sweedske arsjitektuer. Al steane op Ålân yn tsjinstelling ta Finlân in soad âlde gebouwen. Omdat de eilannen al ier ûnder de ynfloed fan it Sweedske Ryk stienen, steane der hjoed de dei noch in soad gebouwen út de Midsiuwen. Dêrby hearre njonken it út de 14e iuw stammende Kastiel Kastelholm, ien fan de sân kastielen yn it gebiet, ek de 13 fjildstiennetsjerken yn de arsjipel. De Midsiuwske tsjerken komme út it tiidrek fan de Goaten, mar de âldste tsjerken op Ålân binne noch út de Romaanske tiid. Oars as op it Finske fêstelân hawwe de measte tsjerken op Ålân in tsjerketoer, nei foarbyld fan de lântsjerken fan Gotlân.

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ûnderwiis fan Ålân bestiet út in goed ûnderwiisnetwurk. Alle 16 gemeenten hawwe in basisskoalle, dêr't de skoalbern de earste njoggen skoaljierren les krije en dêrmei de folsleine perioade fan skoalplicht trochbringe.

Alle fierdere learynstellings, yn it bysûnder de boppebou, binne sammele yn de haadstêd Mariehamn. Yn Mariehamn wurde ek talrike beropsopliedings oanbean. Op de Högskolan på Åland ("Hegeskoalle Ålân") kinne studinten ferskate diploma’s helje.

Foar fierdergeande universitêre stúdzjes moatte de universiteiten yn it útlân besocht wurde, dêr't by it meastepart fan de Ålânske studinten, likernôch twa-tredde, de kar foar de Sweedske hegeskoallen makket.

Media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op Ålân binne twa lokale deikranten. De mei in oplage fan 10.000 eksimplaren Tidningen Åland, stifte yn 1891, ferskynde tradisjoneel yn de neimiddei op de fiif wurkdagen, mar sûnt 2007 ferskynt de krante moarns op seis dagen yn de wike. De sûnt 1981 besteande Nya Åland ferskynt ek moarns en wurdt sûnt 2007 ek op seis dagen yn de wike útbrocht.

Yn 1984 waard de earste Ålânske telefyzjestjoerder stifte, Radio/TV Åland. Dêr foar moasten de Ålanners it dwaan mei de steatstelefyzje en –radio fan Finlân, dy’t ek Sweedsktalich útstjoerden. Oer de radio binne njonken Radio/TV Åland sûnt de jierren ’90 ek de stjoerders Steel FM dy’t him benammen rjochtet op de jongerein, en Soft FM te hearren. Dêrnjonken kinne hja ek de Sweedske radiostjoerders ûntfange, dy’t yn guon gefallen ek in lokale ferzje foar Ålân útstjoere. Op telefyzje binne der sûnt oktober 2007 twa private telefyzjestjoerders op Ålân, TV Åland en Åland 24.

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yngong fan de Wiklöf Holding Arena.

Lykas de kultuer wurdt op Ålân de breedtesport ek betelle út de steatlike karspel-belestingsopbringsten. Op de eilannen binne hast sechstich sportferienings warber.

Ålân is ien fan de gebieten dy’t mei dogge oan de Island Games. Ålân hat dy spullen yn 1991 en 2009 organisearre en wie yn 1991 it meast súksesfolle gebiet.

Yn it fuotbal hat fuotbalklup IFK Mariehamn in soad omtinken krigen de lêste jierren. De klup kaam yn 2004 yn de heechste Finske fuotbalkompetysje te spylje (Finsk: Veikkausliiga; Sweedsk: Tipsligan) en hat him sûnt dy tiid op dat nivo steande hâlden. Dat barren hat op Ålân in soad fuotbalsljochtens opsmiten. De frouljusfuotbalploech fan Åland United waard yn 2009 kampioen yn de Naisten Liiga, de heechste Finske frouljus-kompetysje. Oare Ålânske fuotbalferienings spylje yn sawol de Finske as de Sweedske ûnderklassen.

It taskôgersrekord yn it fuotbalstadion fan IFK Mariehamn, de Wiklöf Holding Arena, dat 1.650 sitplakken hat, waard setten op 19 juny 2005, doe’t 4.505 taskôgers kamen te sjen. Sûnt 2005 is de namme fan it stadion feroare fan Idrottsparken nei Wiklöf Holding Arena. Yn 2009 waard it stadion útwreide. Sûnt de útbou hat it stadion 1.600 sitplakken mear en foldocht it oan de easken fan de UEFA foar ynternasjonale wedstriden.

Op 13 desimber 2008 hawwe de manlju fan follybalferiening Jomala IK, en ien dei letter ek de froulju fan de feriening, harren kwalifisearre foar it heechste follybalnivo fan Sweden, de Allsvenskan.

In oare sport dy’t in soad dien wurdt op Ålân is it út Sweden kommende flierbal (Sweedsk: Innybandy; Finsk: Salibandy). Der binne op de eilannen meardere flierbalferienings en kompetysjes.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Mäkinen, Eija. Åland und sein Sonderstatus. In: Jahrbuch des Föderalismus. Nomos-Verlagsgesellschaft, Baden-Baden 6.2005, S.350-362.
  • Suksi, Markku. Ålands konstitution separat bilaga med författningstexter. Åbo 2005.
  • Suksi, Markku (1996). The Åland Islands in Finland. In: Local self-government, territorial integrity and protection of minorities. Hrsg. v. Council of Europe. Ed. du Conseil de l'Europe, Strasbourg, S.20-50.
  • Roeck Hansen, Birgitta (1991). Township and territory. A study of rural land-use and settlement patterns in Aland c. A.D. 500 - 1550. Acta Universitatis Stockholmiensis. Stockholm studies in human geography. Bd 6. Almquist and Wiksell, Stockholm.
  • Barros, James (1968). The Aland Islands Question. Its settlement by the League of Nations. New Haven.
  • Burger, Norbert (1964). Die Selbstverwaltung der Alands-Inseln. Eine Studie über die Lösung einer Minderheitenfrage durch eine wirkliche Autonomie. Mit Vergleichen zur Südtirolfrage. Mondsee.
  • Söderhjelm, J. O. (1928). Demilitarisation et neutralisation des îles d'Aland en 1856 et 1921. Helsingfors.

Gallery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: Åland – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Act on the Autonomy of Åland, fan 1991 (sjoen op 19 oktober 2010)
  2. 2,0 2,1 Member profile Åland, Islandgames.net (sjoen op 19 oktober 2010)