Springe nei ynhâld

Oerlis:Ålâneilannen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik bemuoi my fansels ek oeral mei, mar ik stel foar om dizze side sa fier as mooglik is te ferfryskjen, ta Ålâneilannen. De a mei ring (å) is de Sweedske oo (de o wurdt yn it Sweedsk útsprutsen as û), dat eins soe it Olâneilannen wêze moatte, mar der is al in oar Sweedsk eilân yn 'e Eastsee dat Olân hjit, dus dat soe wat al te betiizjend wêze, bin ik bang... Ieneach fan 'e Esk (talk) 24 jan 2013, 21.11 (CET)[beäntwurdzje]

Dat lêste soest oplosse kinne mei in trochferwiisside.--Geoffrey (talk) 24 jan 2013, 21.23 (CET)[beäntwurdzje]

Ik haw my der nochris wat yn ferdjippe. De etymology fan Åland is sa: "land" is fansels Sweedsk foar "lân", en "å" is Sweedsk foar streamke of rivierke, en komt oerien mei it Nederlânske "aa" en it Fryske "ie". Dus as wy it hielendal ferfryskje wolle soene, soe it Ielân wurde. Ieneach fan 'e Esk (talk) 26 jan 2013, 21.53 (CET)[beäntwurdzje]

Ielân(s)eilannen? Soe ik net dwaan. It leit te fier fan it betroude wurdbyld fan de lêzer ôf. Ik moast fuort oan ferpleechhûs 'De Ielannen' yn Snits tinke. Ja, ik bin no net konsekwint lykas wol yn it gefal fan Sjajinne (sjoch ek Aldgilles syn opmerking dêre). Ik wol wol, mar dit is wier sa ferfjemdzjend. Ik tink dat wy it ferfryskjen fan (eigen)nammen eltse kear opnij besjen moatte. It giet om hûnderten, betink dat wol, dat ik soe der foarearst gjin prioriteit oan jaan wolle.Drewes (talk) 29 jan 2013, 17.13 (CET)[beäntwurdzje]

Ja, dêr wie ik al bang foar. En dêr bin ik it sels eins ek wol mei iens. Al fûn ik Ielân wol moai fûn. Hawar, dan giet dat feest net troch. Dan moat it mar Ålâneilannen wurde. Ieneach fan 'e Esk (talk) 29 jan 2013, 18.57 (CET)[beäntwurdzje]

Der is gjin a mei in krinkje yn it Frysk; en it lûd is likernôch gelyk oan de â. Op in grutte letter wurdt it breedteken net skreaun, dat it binne ienfâldich de Alâneilannen. 212.203.0.54
En ik hie dochs sa graach dat IE net die as wie men oanmelde as dat net wier sa is! Mysha (talk)
Haw ik ek oan tocht, mar dan sprekt iderien it dus gewoan út as "alân", omdat guon ûnferstannen ea ris besletten hawwe dat je yn it Frysk diakrityske tekens net op haadletters skriuwe (wat fansels eins in idioate sitewaasje is dy't by ûnkende wurden nuvere flaters opsmite kin). Ieneach fan 'e Esk (talk) 21 apr 2013, 10.57 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik had dat krekter skriuwe moatten. Ik soe size: der hoecht op in grutte letter gjin breedteken, mar it mei al. Blykber moat it allinnich in oanwizing foar de útspraak wêze. Skynber wie de idee dat de skreaune taal allinnich in werjefte fan de sprutsen taal is, dat dat genôch minsken de krekte útspraak witte soenen, ek dêr't dy net dúdlik is. Dan soe Alâneilannen dúdlik genôch wêze. At dat net sa is, en Âlâneilannen better is foar de lêsberens, dan binne wy neffens my frij om it sa te skriuwen. Mysha (talk)
Ik haw der sa myn twifels oer oft dat wol sa is, dat wy dan frij binne om it sa te skriuwen. Jawis, úteinlik binne je eigen baas, mar oft de staveringsregels de frijheid biede om yn spesifike gefallen yn 'e gewoane tekst (dus net yn titels, kopkes, ensfh.) diakrityske tekens op 'e haadletters te pleatsen, wit ik net. Dêr soe ik earst ris neifraach oer dwaan by de Fryske Akademy of de Afûk. Mar as wat jo skriuwe wier sa is, dan jou ik ta dat Âlâneilannen de bêste Fryske foarm wêze soe. Ieneach fan 'e Esk (talk) 24 apr 2013, 17.46 (CEST)[beäntwurdzje]