Springe nei ynhâld

Haadside

Ut Wikipedy
Wolkom by Wikipedy
De frije ensyklopedy dêr't eltsenien syn witten op hokfoar mêd dan ek diele kin mei oaren.
Moandei, 24 juny 2024

53.890 siden yn it Frysk

HSUtvald.svg
Side fan de wike

Long John Silver (Ingelsk foar "Lange John Silver") is in ferneamd fiktyf personaazje en de wichtichste antagonist út 'e histoaryske jeugd- en aventoereroman Treasure Island, fan 'e Skotske skriuwer Robert Louis Stevenson. Dat wurk waard yn 1881-1882 yn in iere ferzje as fúljeton publisearre en yn 1883 yn syn úteinlike foarm as boek. Silver is fierwei it kleurrykste en meast komplekse personaazje yn 'e roman. Hy wurdt yntrodusearre as skipskok, mar blykt de slûchslimme lieder en kaptein fan in groep seerôvers te wêzen. De opmerklikste eleminten yn ferbân mei Silver binne dat er syn lofterskonk mist en himsels fuortbeweegd mei in kruk ûnder de lofterearm, wylst er in pappegaai op it skouder hat. Long John Silver, syn foarkommen en hâlden en dragen hawwe in ûnbidige ynfloed hân op it byld dat yn 'e Westerske popkultuer bestiet fan 'de seerôver'.

Lês fierder

PL Wiki CzyWiesz ikona.svg
Wisten jo dat...
Gysbert Japiks
  • ... dat it Wilamowytsersk, in taaltsje dat sprutsen wurdt yn it stedsje Wilamowice (Wilamowytsersk: Wymysau), yn it middensuden fan Poalen op 'e grins fan 'e provinsjes Heech-Sileezje en Lyts-Poalen ek troch it Frysk beynfloede is?
  • ... dat it stribjen fan de Fryske beweging al begûn doe't Gysbert Japiks yn de 17e iuw syn gedichten skreau en dat elkenien dy't him of har ynsette of ynsetten hawwe foar it behâld en fersterkjen fan de Fryske taal en kultuer der ta rekkene wurde?
  • ... dat de earste symfonyën fan Wolfgang Amadeus Mozart publisearre waarden yn 1764 doe't hy noch mar 8 jier âld wie?
  • ... der hast 7.000 talen op de wrâld sprutsen wurde?

HSDagensdatum.svg
Hjoed, 24 juny, yn de skiednis
Edzard II

HSPortal.svg
Temasiden

W-circle.svg
Ynfo
  • Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
  • Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
  • Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.

HSBild.svg
Plaatsje fan de wike
Satellytbyld fan 'e Ierde mei útsjoch op it Noardpoalgebiet.

Wikimedia-logo-circle.svg
Projekten
Wikimedia Commons Commons
Samling fan mediatriemmen
Wikibooks Wikiboeken
De frije stúdzjebibleteek
Wikisource Wikiboarne
De frije boarnebibleteek
Wiktionary Wikiwurdboek
It frije wurdboek
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje.
De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.