Skopje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wapen Lokaasje
Posysje fan Moskou yn Jeropa
Basisynfo
steat: Republyk Masedoanje
oerflak: 1818 km²
tal ynwenners: 506,926 (1 jannewaris 2002)

Skopje (Скопје) is it haadplak en fierwei de grutste stêd (mei likernôch 500.000 ynwenners) yn Republyk Masedoanje, mei in kwart fan it totaal tal ynwenners fan it lân, en ek op it mêd fan polityke, kulturele, ekonoamyske en akademyske saken it sintrum fan it lân. Yn de Romeinske tiid wie de stêd ferneamd ûnder de namme Scupi. De stêd hat him gau ûntwikkele nei de Twadde Wrâldkriich, oant it jier fan de 1963, as de grutte ierdbeving yn de stêd plak fûn. Hjoed is Skopje in moderne stêd mei in grut tal monuminten.

De lokaasje fan Skopje is 42°0′N 21°26′E, yn it noarden fan Massedoanje op'e ferneamde noard-súd Balkan paad tusken sintraal Jeropa en Atene.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It oer fan'e ierdbeving fan 1963

Op 26 july 1963 wurdt Skopje moarns ier troffen troch in swiere ierdbeving fan 6,1 op'e skaal fan Richter. Hjir kamen 1.000 minsken om it libben en reitsjen in oare 120.000 minsken harren hûs kwyt. 80% fan de stêd waard ferneatige troch de beving mei in grut tal monuminten. Sadwaande is de Ottomaanske ynfloed op'e stêd lykwols fuort. Troch ynternasjonale help is de stêd rap der boppenop kaam. Ek it âlde treinstasjon waard ferneatige troch de ierdbeving. It oer fan'e klok stiet noch hieltyd op 5.17, op it stuit dat de ierdbeving plakfûn.

ûnder Joegoslaavje waakste de stêd rap en wie in wichtige yndutry sintrum foar it súden fan'e Balkan regio en súd-east Jeropa. Doe yn 1991 de Joegoslavyske federaasje ta syn ein kaam, waard Skopje as haadstêd fan it ûnôhinkelike Masedoanje. Grikelân waard tsjin op'e namme Masedoanje en begân mei in ekonomyske boykot op it lân, hokker in soad ekonomyske skea opsmyten hat troch it slúten fan Masedoanjes paad nei de see fia Tessaloniki (Solun). De boykot kaam yn 1995 ta in ein nei in oerienkomst tusken beide regearen.

Polityk[bewurkje seksje | edit source]

It regear fan'e stêd is diele tusken de boargemaster en de Ried fan de stêd Skopje.

Boargemaster[bewurkje seksje | edit source]

De boargemaster wurdt yndirekt keazen, foar in termyn fan fjouwer jier. ûnder boargemaster syn ferantwurdelikens falt it útfierend stêdsregear en hy fertsjinwurdiget de stêd. De boargemaster fan Skopje wurket gear mei de boargemasters fan de stêdsdistrikten

Ried fan de stêd Skopje[bewurkje seksje | edit source]

De ried fertsjinwurdiget de ynwenners fan Skopje. De ried is gearstald út 39 keazen riedshearen, 25 direkt troch ferkiezings en de oare 14 troch de distrikt oerheden, dat besjut 2 leden keazen troch in distrikt yn Skopje

De Ried is organisearre yn sân kommisjes/ôfdielings:

    • Kommisje foar stêdsûntjouwing, ferkear en ûmkriten
    • Kommisje Sinteraasje
    • Kommisje Wetjouwing
    • Kommisje sosjale aktifyteiten
    • Sintrale administraasje
    • Kommisje planning en ûntwikkeling
    • Kommisje knformaasje Systeem

De ried wurket gear mei de lokale distrikten fan'e stêd, oare stêden yn Masedoanje en Skopje syn partner stêden.

Partner Stêden[bewurkje seksje | edit source]

Ferneamde minsken berne yn Skopje[bewurkje seksje | edit source]

Tinkstien foar Mem Teresa

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei: