Sint-Michaelkleaster (Kiëv)

Ut Wikipedy
Sint-Michaelkleaster
It rekonstruearre kleaster mei katedraal en klokketoer.
It rekonstruearre kleaster mei katedraal en klokketoer.
Lokaasje
lân Oekraïne
lânsdiel Kiëv oblast
plak Kiëv
adres Triokhsviatytelska St, 8
koördinaten 50° 27' N 30° 31' E
Kleastergegevens
denominaasje Otterdokse Tsjerke fan de Oekraïne
oprjochter Svjatopolk II
Ynformaasje bou
boujier Oarspronklik 1108 oant 1113; ferneatiging yn 1934–1936; yn de jierren 1990 rekonstruearre en foltôge yn 1999.
boustyl Byzantynske arsjitektuer en oekraynske barok
Webside
Side fan it kleaster
Kaart
Sint-Michaelkleaster (Kiëv)
Sint-Michaelkleaster

It Sint-Michaelkleaster (Oekraynsk: Михайлівський золотоверхий монастир, Mychajlivski zolotoverchy monastyr; Russysk: Михайловский златоверхий монастырь, Michajlovski zlatoverchi monastyr) is in oan 'e aartsingel Michael wijd kleaster foar muontsen yn 'e Oekraynske stêd Kiëv oan 'e westlike kant fan 'e Dnjepr noardeastlik fan 'e Sint-Sofiakatedraal. It is de haadtsjerke fan 'e Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke.

De âldste dielen stamme út de 11e en 12e iuw, doe't de stifting troch Svjatopolk II (1050-1113) plakfûn. De foarst krige as doopnamme Michael en sadwaande waard it kleaster ferneamd nei de aarstingel mei deselde namme.

It kleaster waard yn 1240 troch de Gouden Heap ferneatige. Yn 'e 16e iuw fûn in weropbou plak en twa iuwen letter in barokke ferbouwing.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

12e-iuwsk mozayk fan Sint-Demetrius dat Svjatopolk II ta eare fan 'e patroanhillige fan syn heit yn 'e katedraal oanbringe liet.

Njonken wenromten, in refektoarium en oare kleastergebouwen bestiet it kompleks út:

  • de katedraal; ferneatige yn 'e jierren 1930 en yn 'e jierren 1990 rekonstuearre;
  • de út 1713 datearjende Tsjerke fan Jehannes de Evangelist;
  • in klokketoer, oarspronklik boud yn 1716-1719, ferneatige yn 'e jierren 1930 en rekonstruearre yn 'e jierren 1997-1998.
It refektoarium mei de Jehannestsjerke út 1713 is it iennige bouwurk dat by de ferneatiging fan it kleaster sparre waard en yn de Sovjet-tiid tsjinst die as klaairomte foar de sporters, dy't gebrûk makken fan 'e sportfjilden dy't op it plak fan it kleaster waarden oanlein.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tradysje skriuwt de stifting fan it kleaster ta oan 'e earste metropolyt fan Kiëv, Michael. Prins Svjatopolk Izjaslavitsj joech yn 1108 opdracht om de earste tsjerke te bouwen op it plak fan it Dmitrovski-kleaster dat syn heit Izjaslav Jaroslavitsj, dy't as doopnamme Dmitri (Demetrius) hie, earder boud hie. De tsjerke waard wijd oan 'e aartsingel Michael, dy't Svjatopolk syn doopnamme joech.

It kleaster krige fanwegen de himelske beskermhillige fan Kiëv grutte betsjutting foar de stêd en waard it begraafplak foar de prinsen fan it lân. Yn 'e tiid fan Svjatopolk waard ek de skryn mei de reliken fan Sint-Barbara fanút Konstantinopel nei Kiëv brocht. Likernôch tagelyk waarden de ferdigeningswurken fan 'e haadstêd útwreide troch it opsmiten fan nije wâlen, dy't ek it nije Michaelkleaster omfiemen.

Doe't de troepen fan Batû Khan de stêd oermasteren en by de oanfal fan 'e Krimtataren yn 1482 rekke it Michaelkleaster slim skeind, mar der folge weropbou. De Poalske kenings ferlienden it kleaster in grutte ûnôfhinklikens en de frije kar om abten te kiezen en yn 'e 16e iuw hearde it kleaster ta de ryksten fan 'e stêd. Alhoewol't it lânbesit fan it kleaster tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw nasjonalisearre waard, wennen der yn 'e 19e en 20e iuw noch sa'n 240 muontsen yn it kleaster. Yn 1870 brochten likernôch 100.000 pylgers hulde oan Sint-Barbara.

Oant de Russyske Revolúsje yn 1917 waarden der yn it kleaster ringen makke en segene, dy't tige populêr wiene by de ynwenners fan 'e stêd. Se brochten neffens it folk lok en beskermen tsjin tsjoenderij, mar wiene ek tige effektyf tsjin slimme syktes en in ûnferwachtse dea, in folksleauwe dat fuortsterke waard nei't it kleaster foar de pestútbraken yn 1710 en 1770 en it útbrekken fan goalera yn 'e 19e iuw sparre bleau.

Ferneatiging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Healwei de jierren 1930, nei't it bestjoerlik sintrum fan 'e Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk fan Charkov nei Kiëv ferhûze, waard besletten de katedraal te slopen om op it plak de nije regearingsgebouwen del te setten en in plein foar parades oan te lizzen. Earder hie de Nasjonale Akademy fan Wittenskippen fan 'e Oekraïne in stúdzje nei it gebou dien. Om't neffens de útkomst de katedraal earder de barok fertsjintwurdige dan 12e iuwske arsjitektuer, waard de histoaryske wearde fan 'e katedraal sa leech achte, dat it behâld der fan net nedich wie. Alle lokale skiedkundigen, argeologen en arsjitekten joegen (mei tsjinsin) harren goedkarring oan 'e sloop, op ien professor nei. Mykola Makarenko wegere de sloopakte te ûndertekenjen. Hy waard yn 1933 arrestearre en ferballe. Yn 1937 waard er op 'e nij oppakt en troch de NKVD eksekutearre.[1]

De ferneatige katedraal yn 1937.
Mozaïken en fresko's út de katedraal op de twadde ferdjipping fan 'e Sofiakatedraal.

Op 26 juny 1934 waard útein set mei it ferwiderjen fan 'e 12e-iuwske byzantynske mozaïken. De spesjalisten stiene ûnder grutte druk om hastich te wurken fanwegen de oansteande sloop en krigen net de tiid om it wurk te foltôgjen. In diel fan de mozaïeken ferdwûnen nei musea yn Moskou (Tretjakovgallery) en Sint-Petersburch (Hermitaazje), wylst ek in diel opslein waard op 'e twadde ferdjipping fan 'e Sofiakatedraal yn Kiëv. By de besetting yn 'e Twadde Wrâldkriich namen de nazy's dy mozaïken mei nei Dútslân, mar nei it ein fan de kriich ûntdieken Amearikanen de mozaïken en joegen se oan Moskou werom.

Yn 'e maaitiid fan 1935 waarden de fergulde koepels fan it kleaster delhelle. In soad rykdom fan 'e katedraal waard ferkocht of gewoan fernield. De fiif ferdjippings tellende ikonostaze waard út de katedraal helle en letter ferneatige. De skryn mei de reliken fan 'e hillige Barbara waard oerbrocht nei de Tsiendentsjerke, en nei't ek dy tsjerke yn 1935 sloopt waard, belânen se lang om let yn 'e Sint-Volodymyrkatedraal.

De katedraal en de klokketoer waarden yn 'e maaitiid fan 1936 mei dynamyt opblaasd. Ek de poarte en de kleastermuorren waarden ferneatige. Nei de ferneatiging waard troch de NKVD nochris goed socht nei weardefolle saken.

It plak fan 'e ôfbrutsen katedraal waard nea brûkt foar de bou fan regearingskantoaren. Om't de autoriteiten ûntefreden wiene mei in ûntwerp waard de bou yn 1938 útsteld. Wat letter waard it plak fan 'e katedraal brûkt foar de oanlis fan sportfjilden. It refektoarium mei de eastlik oanslutende Jehannestsjerke wie it iennige gebou dat by de ferneatiging fan it kleaster sparre waard en die yn dy tiid foar de sporters tsjinst om harren om te klaaien. It gebou waard yn 'e jierren 1973-1982 restaurearre en yn in hast oarspronklike steat werom brocht.

Weropbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Michaelkatedraal.

Nei it útroppen fan 'e ûnôfhinklikens fan Oekraïne yn 1991 waard de ferneatiging fan 'e katedraal as in misdied feroardiele. Der gyngen lûden op om it kleaster as in wichtich diel fan it kulturele erfgoed fan it Oekraynske folk wer hielendal op te bouwen. De Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (partiargaat Kiëv) sette útein jild yn te sammeljen en de doedestiidske presidint Leonid Kûtsjma feardige in dekreet út, wêrmei't er de weropbou fan it Gouden-Koepel-kleaster fan Sint-Michael as in nasjonale prioriteit definiearre.

De plannen waarden yn 'e jierren 1997-1998 útfierd. By opgravings foar de weropbou fûnen argeologen mear as 260 weardefolle objekten. Ek in diel fan 'e âlde katedraal waard by it wurk bleatlein. Dat diel foarmet hjoeddedei in diel fan 'e krypte. De stiennen muorren fan it kleaster waarden wer rekonstruearre en dêrnei fûn de weropbou fan 'e klokketoer plak. De elektryske klok lit tsjintwurdich sankjes hearre fan ferskate Oekraynske komponisten. De weropbou fan 'e katedraal fûn as lêste plak. It ynterieur waard fersierd mei houten barokke ikoanen, replika's fan 'e mozaïken en fresko's, mar ek mei modern wurk fan Oekraynske keunstners.

Nei de foltôging waarden de rekonstuearre gebouwen oerdroegen oan de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (partiargaat Kiëv). Op 30 maaie 1999 koe de katedraal offisjeel iepene wurde, mar der waard noch oant 2000 oan de mozaïken, fresko's en oare dekoraasjes trochwurke. De sydkapellen waarden yn 2001 wijd oan Sint-Barbara en Sint-Katarina. Yn 'e jierren dêrnei joech Moskou 18 fan 'e 29 mozaïken en oare objekten fan 'e orizjinele katedraal werom. Letter, tsjin 'e ein fan 2006, waarden ek de lêste objekten fan it kleaster troch de Hermitaazje oan Kiëv werom jûn.

It Gouden Koepel-kleaster fan Sint-Michael waard nei de foarming fan 'e Otterdokske Tsjerke fan Oekraïne op 15 desimber 2018 it sintrum fan 'e mienskip.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St. Michael's Golden-Domed Monastery