Krypte

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Krypte fan de Piterstsjerke yn Utert
Krypte yn in tsjerke yn Krakau
Krypte yn Brussel

De krypte is in ûndergrûnske romte ûnder in tsjerke, bedoeld om relikwyen yn te bewarjen. It wurd "krypte" betsjut "ferburgen". De krypte ûntstie út de grêfkelder fan martlers yn it Romeinske Ryk. Boppe de grêven waard faak in tsjerke boud, wijd oan de betreffende martler. Letter waard sa'n kelder ek by oare tsjerken boud, wêrby't de reliken fan hilligen en benammen fan martlers in plak krigen yn de krypte. Dêrneist wie de krypte in begraafplak mei privileezjes foar hege geastliken.

Krypten waarden it meast boud yn de perioade dat it romaansk de oerhearskjende boustyl wie, mar der binne ek âlder krypten, en in inkele jongere, goatyske krypte. Neidat yn de 12e ieu it gebrûk ûntstie om reliken yn relykskrinen sichtber foar de leauwigen yn de tsjerke sels te toanen, is der al gau in ein komd oan de bou fan krypten.

Under de Aleksandertsjerke fan Rinsumageast sit ûnder it koar in foar Nederlân unike krypte.
Yn Nederlân binne de bekendste krypten dy fan de Sint-Servaasbasilyk en de Basilyk fan Us Leaffrou Tenhimelopnimming yn Maastricht, dy't der beide meardere hawwe, en fierders dy fan de Abdij Rolduc, de Piterstsjerke yn Utert en de Lebuïnustsjerke yn Dimter.

[bewurkje seksje] Oare bekende krypten

moderne krypten

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen