Krúsbek

Ut Wikipedy
krúsbek
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje finkfûgels (Fringillidae)
skaai krúsbekken (Loxia)
soarte
Loxia curvirostra
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmergast
     stânfûgel
     wintergast
     dwaalgast

De krúsbek (Loxia curvirostra) is in sjongfûgel út de famylje fan finkfûgels (Fringillidae).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wyfke fan 'e gewoane krúsbek (Loxia curvirostra)

De krúsbek is in fûgel fan 15 oant 17 sm mei in spanwiidte fan 27 oant 30,5 sm en dêrmei is de fûgel likernôch 15% grutter as de skelfink en grienfink. Mantsjes binne wat grutter as wyfkes, mar hawwe itselde gewicht fan likernôch 40 g. It mantsje hat fral reade fearren mei in wat ljochter boarst en in brune sturt en brune fleugels. It wyfke hat in oliifgriene boppekant en in gieleftige stút en ûnderkant.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iten bestiet út sied fan nullebeammen, fral fan spjirrebeammen, mar yn 'e it súdlike diel fan it wengebiet ek fan dinnebeammen. Hingjend oan 'e kegels kinne se it sied ferwiderje, alhoewol't se somtiden ek in hiele kegel ôfbite en meinimme nei in tûke om dêr it sied te ferwiderjen. Hja kinne dêrby somtiden mei kegels fleane dy't like swier binne as sy sels. De siedden fan dinnen sitte yn gruttere en hurdere kegels en fûgels dy't fral op sokke kegels oanwiisd binne, hawwe fakentiden in swierdere snaffel. By brek oan iten sille fûgels dy't fral spjirresied ite oergean op dinnesied.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Groep krúsbekken

De soarte libbet op it noardlike healrûn op de plakken mei in soad nullebeammen. Yn 'e súdlike streken foarmje de berchtmes it leefgebiet fan 'e krúsbek. Bûten de briedtiid libbet de fûgel faak yn groepen.

Yn 'e jierren dat de spjirren yn Noard-Europa minder sied produsearje, sykje de krúsbekken massaal in hinnekommen nei West- en Midden-Europa. Dat dogge krúsbekken om't de spjirren fan West- en Midden-Europa net tagelyk mei dy fan Noard-Europa sied jouwe. Eartiids wie de krúsbek foar Nederlân dan ek in echte ynfaazjefûgel, dy't nei it brieden kaam en dan oant de winter bleau. Dat feroare yn 'e jierren 1970, doe't de earste pearkes yn Nederlân brieden. De oantallen binne dêrnei foars tanommen.

Hjoed-de-dei (2023) is de krúsbek lokaal yn Nederlân in briedfûgel en dan fral yn Drinte en op 'e Feluwe en de Utertske Heuvelrêch. Foar Fryslân giet it mar om in pear briedgefallen yn it súdeasten fan 'e provinsje en op 'e Waadeilannen. Winterdeis binne de oantallen krúsbekken yn 'e Nederlânske nullebosken heger, lykas yn it Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld. Mei it ferfangen fan nullebosken troch bygelyks it oanplantsjen fan leafbeammen of de oanlis fan heide ferdwynt ek it biotoop fan 'e krúsbek.

Nêst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aaikes fan 'e krúsbek

De krúsbek leit ien of twa kear yn 't jier likernôch trije oant fjouwer griisblauwe aaikes, dy't troch it wyfke yn twa wiken útbret wurde. Beide âlden fuorje de jonge fûgels, dy't de earste sân oant tsien dagen troch it wyfke waarm holden wurde en nei trije wiken útfleane. Dêrnei wurde de jonge fûgels noch trije oant seis wiken fuorre.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De krúsbek hat njoggentjin ûndersoarten:

  • L. c. curvirostra: fan noardlik, westlik en sintraal Europa oant noardeastlik Sibearje en noardelik Mongoalje.
  • L. c. balearica: Sintraal- en Súd-Spanje en de Balearen.
  • L. c. corsicana: Korsika.
  • L. c. poliogyna: Súd-Italië en Noardwest-Afrika.
  • L. c. guillemardi: fan 'e eastlike Balkan en Turkije oant de Kaukasus en it suden fan 'e Oekraïne.
  • L. c. altaiensis: Noardeast-Kazachstan, súdwestlik Sibearje en westlik Mongoalje.
  • L. c. tianschanica: fan súdeastlik Kazachstan oant Tadzjikistan en noardwestlik Sina.
  • L. c. himalayensis: fan 'e Himalaya oant it suden fan Sina.
  • L. c. meridionalis: Súd-Fietnam.
  • L. c. japonica: súdeastlik Sibearje, noardeastlik Sina, Korea, Sachalin, de Koerilen en Japan.
  • L. c. luzoniensis: Luzon fan 'e noardlike Filipinen.
  • L. c. minor: súdeastlik Kanada en it noardeasten fan 'e Feriene Steaten.
  • L. c. percna: Newfoundland.
  • L. c. sitkensis: fan 'e súdkust fan Alaska oant de westkust fan 'e Feriene Steaten.
  • L. c. bendirei: ynlânsk súdwestlik Kanada en de ynlânske noardwestlike Feriene Steaten.
  • L. c. benti: de sintrale Rocky Mountains.
  • L. c. grinnelli: fan 'e westelik-sintrale oant de súdwestlike Feriene Steaten.
  • L. c. stricklandi: fan 'e súdwestlike Feriene Steaten oant súdlik Meksiko.
  • L. c. mesamericana: fan Gûatemala en Belize oant Nikaragûa.

De ûndersoarte L. c. sinesciuris: De krúsbekken fan South Hills en de Albion Moutains (Idaho) wurde sûnt 2017 as de Idahokrúsbek as in aparte soarte beskôge.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: