Helwerd
Ut Wikipedy
De twa wierden fan Helwerd mei de tskerke fan Rottum op de eftergrûn
Helwerd bestiet út twa no ûnbewenne wierden en leit yn de gemeente Iemsmûn. De wierden lizze likernôch healweis Rottum en Uskwert, krekt bewesten fan de wei. Oan de foet fan de wierden stiet in pleats.
Eartiids moat it plak wol iennige betsjutting hân hawwe. Neffens de oerlevering waard de bline dichter Bernlef fan de misjonaris Liudger genêzen fan syn blinens te Helwert; dat wie yn de 8e ieu. Ut tankberens soe Bernlef syn heidensk repertoire ferruile hawwe foar mear stichtlik wurk. De Grinslânsktalige dichter Jan Boer skreau in gedicht oer dit barren.
Besuden Helwert rint it Helwerdermaar.
De gemeente Iemsmûn rekkent Helwerd as buorskip, mar der is gjin bebouwing, wol in wyt nammeboerd.