Baflo

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ein beboude kom Baflo

Baflo (Grinslânsk: Bavvelt) is in doarp yn de gemeente Winsum yn de provinsje Grinslân. Oant 1990 wie Baflo it haadplak fan de gemeente Baflo. It doarp hat mei it dûbeldoarp Rasquert goed 1800 ynwenners.

It wapen fan Baflo is ôflaat fan it wapen fan Rudolf Agricola, de bekende humanist dy't yn Baflo berne is. It doarp is boud op en om de wierde dy't om likernôch 600 foar Kristus oanlein is. Op de wierde fan Baflo stiet de romaanske St. Laurentiustsjerke út de 12e ieu. De tsjerke hat in frijsteande toer út de 13e ieu. By it doarp leit in stasjon oan it spoar Grins - Roodeschool.

Trivia[bewurkje seksje | edit source]

  • Baflo is it startplak fan de Noarder Omreizen, ek wol de "Groningse Elfstedentocht" neamd. It doarp leit dan ek oan it Rasquerdermaar en it Kanaal Baflo-Mensingeweer. Fan it Bafloërmaar, eartiids de ferbining mei Winsum, is net mear as in brede sleat oer.
  • Baflo hat de âldste jeugdsoos fan Noard-Nederlân: Jeugdsoas Eagle.
  • De Stifting Histoaryske Rûnte yn Baflo hat in DVD útjûn mei âlde bylden fan it doarp út 1968 en 1950.
  • Baflo is it dekôr fan in part fan Maarten 't Harts roman Verlovingstijd.

Berne yn Baflo[bewurkje seksje | edit source]

Eardere gemeente[bewurkje seksje | edit source]

De gemeente Baflo hat bestien fan 1811 oant 1990. Neist Baflo bestie de gemeente út de neikommende doarpen, buorskippen en bûtenbuorren: Abbeweer, De Dingen, De Andel, Hammeland, Hiddingesyl, Lutje Marne, Lutje Saaksum, Rasquert, Saaksumhûzen en Tinallinge.