Houwerzijl

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It Teefabryk
Terpetsjerkhôf

Houwersyl (Grinslânsk: Houwerziel) is in plak yn de gemeente De Marne yn Grinslân en hat ûngefear 190 ynwenners.

It doarp is groeid om de (net mear besteande) syl. Dizze spuislûs lei yn de Houwersylsterfeart. De syl is yn ûnbrûk rekke doe't de bûitengeul nei it Reitdjip ûnder ynfloed fan eb en floed fersâne en it gebiet fan it byhearrende sylfest oan te sluten op dat fan Skouwersyl.

It doarp hearde tsjerklik ta it ferdwûne Flydoarp. Dit is ek de reden dat it oarspronklike tssjrkhôf sa'n 2 km bûten it doarp lei. As it paad nei Flydoarp troch oerdiedich reinwetter min begeaanber wie, farde men mei de boat oer de Houersylsterfeart nei it tsjerkhôf. Letter hearde it doarp tsjerklik by Niekerk. It tsjerkepaad nei dit doarp bestiet noch.

De namme komt grif fan hove, dus hoeve of pleats. Krektas bygelyks de wierde De Hou by Ulrum. De namme is dus net, sa't faak miend wurdt, ôflaat fan dy fan dizze wierde. De ôfstân is oars te grut om soks oannimlik te meitsjen.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen