Roodeschool

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Roodeschool (Grinslannersk: Roschoul) is in doarp yn de gemeente Eemsmond yn de provinsje Grinslân, mei in ynwennertal fan rom 1300. Oant 1979 hearde it ta de gemeente Uithuizermeeden. De namme Roodeschool soe ûntliend wêze oan de âlde doarpsskoalle (boud yn 1830) dy't reade dakpannen kie. Kenlik wie soks wat bysûnders, omdat der in hiel doarp nei neamd is[1].

Op dizze kaart út 1867 fan de eartiidske gemeente Uithuistermeeden hjit Roodeschool noch "De Roode School".

Algemien[bewurkje seksje | edit source]

It wurdt troch in bulte minsken ferkeard beskôge as it noardelikste plak fan it fêstelân fan Nederlân. Dit misferstân komt grif troch stasjon Roodeschool (sûnt 1893) oan de ein leit fan it spoar Sauwerd - Roodeschool, de noardelikste spoarline foar reizgerstreinen. Wat noardliker as Roodeschool leit Oudeschip, offisjeel it noardelikst lizende plak fan it fêstelân fan Nederlân.

It eastlike diel fan Roodeschool hjit Oosteinde. Dit tsjerkedoarp wurdt tsjintwurdich as in apart plak beskôge. It gebiet oant de Groote Tjariet, dêr't Roodeschool en Oosteinde ta hearre, foarmje it eastlike diel fan de healannen fan Uithuizermeeden.

Yn it doarp steane ûnder mear twa basisskoallen, trije tsjerken en it doarpshûs. Yn it doarp sit ien hûsarts. Der bnne meardere aktive ferienings. De grutste en meast aktive feriening is de fuotbalferiening Corenos, dy't mei mear as 240 leden op in ynwennertal fan 1300 relatyf grut is.

Roodeschool leit op in pear kilometer ôfstân fan de Iemshaven. Ferwacht wurdt dat de takomst dêrfan grutte ynfloed hawwe sil op de ûntwikkelingen yn Roodeschool. Alde sosjale wenningbou wurdt de kommende jierren stadichwei ferfongen troch de wenningkorporaasjes yn gearwurking mei de gemeente Eemsmond. De gemeente hat oankundige as nedich it bestimmingsplan oanpasse te wollen om útwreiding mooglik te meitsjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Website gemeente Eemsmond, besocht 21 maaie 2011