Eppenhuizen

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Eppenhuizen

Eppenhuizen (Grinslannersk: Eppingehoezen, Eppenhoezen of Epmhoezn) is in lyts wierdedoarp yn de gemeente It Hegelân yn Grinslân. It leit oan de wei fan de Iemshaven nei Uithuizen. Tusken de wei en it doarp stiet in yn 1882 boud sealtsjerkje, dat tsjintwurdich brûkt wurdt as wenning. It tsjerkje is op it plak komd fan de ôfbrutsen midsiuwske tsjerke mei in dêrfan lossteande toer.

By it doarp begjint de Eppenhuistermaar, dy't by Zandeweer de namme Zandeweerstermaar krijt en op it lêst útrint yn it Bûterdjip.