Riich
Appearance
Riich (Nederlânsk en offisjeel: Molenrij; Grinslannersk: Rieg) is in doarpke yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn de provinsje Grinslân. Riich hat 120 ynwenners (1-1-2008).
It doarp is ûntstien om inkele mûnen dy't hjir stien hawwe oan de ein fan de maar, dat no de Molenrichstermaar hjit. Fan de mûnen is net ien mear oer. Yn it begjin fan de jierren 90 is besocht om guon fan de mûnen te werbouwen. De fûnsen wienen lykwols te lyts.
It wurd riich of rige wiist op in rige huzen. De oantsjutting komt ek yn it Fryske De Rige foar en yn mear Grinslanner plaknammen.