Rottum (Iemsmûning)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Huzen fan Rottum op de foar in part ôfgroeven wierde
De tsjerke fan Rottum (anno 2011)
Búste fan Jan Boer yn Rottum

Rottum (Grinslânsk: Röttem of Röppen) yn de gemeente Iemsmûn (oant 1990 yn de gemeente Kantens) is in fan oarsprong radiaal wierdedoarp tusken Kantens en Usquert. It leit yn de provinsje Grinslân yn it histoaryske goa Oosterambt fan it Ommelân Hunsingo. It plak dêr't yn 1995 180 minsken wennen, hat no noch mar 95 ynwenners (2010).

Rottum is de nammejouwer fan Rottumereach (dat ek wol Rottum neamd wurdt), omdat it eardere kleaster Juliana de grutste eigner fan dat eilân wie. De gehuchten Helwerd, Holwinde en Bethlehem (yn it ferline it plak fan in nonnekleaster) falle ek ûnder Rottum.

Rottum leit tichtby de provinsjale wei N998 tusken Usquert en Middelstum. It hat in busferbining (line 61) mei Grins en Uithuizen. Begjin 20e eeuw wie der al in "Omnibustsjinst Rottum-Onderdendam-Grins".

Rottum waard foar it earst neamd yn in goederenlist fan it Kleaster Werden oan de ein fan de 10e ieu as Rotton.

Rottum is ûnstien út de wierde dy't faaks yn de 6e ieu f. Kr. op de kwelderwâl by de Fivel lâns opsmiten is.

Berne yn Rottum[bewurkje seksje | edit source]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Schorren, D. [red.] & E. Drenth [ill.] (1999), Mien Dörp : een wandel- (en fiets)route in en nabij het geboortedorp van de Groninger dichter en schrijver Jan Boer (1899-1983). Bedum: Profiel. 47 siden.
  • Aalders A. [red.] & J. Tilbusscher K.J. zn. (2006) Dorpshistorie, mijn liefste studie : biografie van Jacob Tilbusscher K.J. zn. 1876-1958. Bedum: Profiel. 200 siden.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]