Eelco Nicolaas van Kleffens

Ut Wikipedy
Eelco van Kleffens
politikus
Mr. E.N. van Kleffens (1945)
Mr. E.N. van Kleffens (1945)
echte namme Eelco Nicolaas van Kleffens
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 17 novimber 1894
berteplak It Hearrenfean
stjerdatum 17 juny 1983
stjerplak Almoçageme flagge fan Portegal
etnisiteit Frysk
Minister fan bûtenlânske saken
regear kabinet-De Geer II,
kabinet-Gerbrandy I,
kabinet-Gerbrandy II,
kabinet-Gerbrandy III,
kabinet-Schermerhorn-Drees
amtsperioade 1939-1946
foargonger Jacob Patijn
opfolger Herman van Roijen

Eelco Nicolaas van Kleffens (It Hearrenfean, 17 novimber 1894 - Almoçageme (Portegal), 17 juny 1983) wie beropsdiplomaat.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eelco van Kleffens yn De Wervelwind, septimber 1943

Eelco Nicolaas van Kleffens syn heit kaam fan Dokkum. Sels is er op 17 juny 1886 berne op It Hearrenfean, dêr't syn heit, Henricus Cato van Kleffens, by it kantongerjocht amtner fan it Iepenbier Ministearje wie. Van Kleffens brocht syn middelbereskoaltiid troch op it gymnasium yn Grins en dêrnei, oant 1913, op it Gymnasium Haganum yn De Haach. Fan 1913 oant 1919 studearre er rjochtsgeleardheid oan de Ryksuniversiteit Leien, dêr't er yn 1919 promovearre. Under syn studintetiid die er fan 1917 oant 1918 ek noch in jier ekonomy oan de Nederlandsche Handels-Hoogeschool yn Rotterdam (foarrinner fan de hjoeddeiske Erasmus Universiteit). Yn it lêste stúdzjejier roan er staazje by it Nederlânske konsulaat-generaal yn Londen.

Op 4 april 1935 troude er mei de Amerikaanske Margaret Helen Horstman (1912-1993). Sy krigen gjin bern.

Van Kleffens waard beropsdiplomaat. Polityk sjoen wie er liberaal, mar net bûn oan in partij. Hy hie ferskate funksjes by it ministearje fan Utlânske Saken. Yn 1939 waard er minister fan Utlânske Saken yn it kabinet-Gerbrandy. Yn de maaie dagen fan 1940 fleach er as fertsjintwurdiger fan it regear nei Londen om help te freechjen. Yn Londen hat er ek de oarlochsjierren meimakke. Faak moast er bemiddelje tusken keninginne Wilhelmina en Piter Sjoerds Gerbrandy.

Yn 'e oarloch hat er al dwaande west mei mear ynternasjonale gearwurking. Nei 1947 hat er him dêr hielendal op talein. In bekroaning dêrfan hat west dat er yn 1954/1955 foarsitter waard fan de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes.

Op foardracht fan Mr. Eelco Nicolaas van Kleffens, waard op 17 oktober 1947 in fersetskrús takend oan de ûnbekende Joadske soldaat dy’t yn it Getto fan Warsjau syn libben joech foar de frijheid fan alle folkeren.

Nei't er pinsjonearre waard, gie er mei syn frou Margaret nei Portegal te wenjen. Sûnt 1950 wie er al minister fan steat. Hy is op 17 juny 1983 ferstoarn yn Almoncugenma yn Portegal.

Van Kleffens hat him altyd in Fries field. Om't er dêr lânhearre wie, hâlde er ek in bân mei Raard. Yn in ynterview liet er de ferslachjouwer dan ek grutsk in âlde kaart sjen, dêr't de Kleffens op oanjûn wie.

Om dy bân woe er mei syn frou, neffens de famyljetradysje, yn Raard tusken syn folk begroeven wurde en dat is ek bard.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De internationaalrechtelijke betrekkingen tussen Nederland en Japan (1605-heden), Leien 1919, (dissertaasje)
  • The rape of the Netherlands, útjouwer. Hodder & Stoughton (1940) (Van Kleffens' fyzje op de Dútske motivaering fan de Dútske oanfal op Nederlân yn 1940); Ned. oers. De overweldiging van Nederland, útj. The Netherland Publishing Company, Londen (1941)
  • Sovereignty in international law, 1953
  • Belevenissen I en II 1980-1983 (memoires)

Oer Van Kleffens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Michael Riemens: Majesteit, U kent het werkelijke leven niet. De oorlogsdagboeken van minister van Buitenlandse Zaken mr. E.N. van Kleffens. Nijmegen, Van Tilt, 2019. ISBN 9789460044298

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]