Bethlehem (Eemsmond)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Bethlehem is in wierde yn de gemeente Eemsmond yn it noarden fan de provisje Grinslân. Op de wierde steane tsjintwurdich noch twa pleatsen. De namme fan de wierde ferwiist nei in foarwurk fan in kleaster fan Rottum dat hjir oait stien hat.

It foarwurk waard healwei de 15e ieu stifte. It waard bewenne troch beginen dy't ûnder gesach stiene fan de abt fan Rottum. De stifting blykte gjin grut súkses. Midden 16e ieu waard it foarwurk ferlitten. De oerbliuwende beginnen gienen nei it kleaster yn Rottum. By it konvint hat ek in kapel stien.