Albertus Antoni Hinsz

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tinkstien

Albertus Antoni Hinsz (Hamburch, 1704 - 1785) wie in wichtich fuortsetter fan de Noard-Dútse oargelboutradysje. De Noard-Dútse oargelboutradysje yn Nederlân belibbe in hichtpunt troch de komst fan de Dútske oargerbouwer Arp Schnitger. Hinsz wie learling fan Frans Caspar Schnitger sr., soan fan Arp Schnitger, en/of Joachim Richborn.

Hy waard berne yn Dútslân, mar sette him yn 1728 nei wenjen yn Grins en troude yn 1732 mei de widdo fan van F.C. Schnitger. Twa letter ferneamd wurden Fryske oargelbouwers binne as feint by Hinsz begûn: Lambertus van Dam en Albertus van Gruisen. Ek Frans Casper Snitger jr., Heinrich Hermann Freytag en Matthijs Hansen Hardorff hawwe in wichtige rol spile yn Hinz syn oargelmakkerij en sette it bedriuw fuort nei syn dea.[1]


It wurk van Hinsz hat wat klank oanbelanget opfallende skaaimerken. Dit komt fral omdat er syn folstimmen faak op tertsen basearre hat. Tertsmiksturen meitsje de klank 'sulvereftich' en dêrom kin in Hinsz-oargel sûnder mis herkend wurde. De opbou fan syn ynstruminten is ek karakteristyk. De frontyndielingen binne tige karakteristyk en yn earste line grûnfêste op it ynstrumint fan syn grutte foargonger Schnitger yn de Grutte of Sint-Michaëlstsjerke fan Swol.

Hinsz boude ûnder oaren oargels yn Zandeweer (1731), Liens (1733), Midwolda (1772) en Uthuzermieden (1785). Under de bou fan de lêste stoar Hinsz. Syn grêf is yn de Luterske Tsjerke te Grins, dêr't ek in tinkstien pleatst is. Fierders binne der oargels fan him yn Haren, Damwâld, Roan, Tsjom, Wassenaar. Grutte ynstruminten fan him stean yn Harns (1776) en Boalsert (1781). Ek as restaurateur en ombouwer fan ynstruminten hat Hinsz tige warber west. Sa hat er it Rêchwurk fan it oargel yn de Martinitsjerke yn Grins (1730) en fan it oargel yn de Herfoarme tsjerke fan Peize (1758) boud. It sierwurk fan syn oargels waard ûnder oaren dien troch de byldsniër Casper Struiwig.

Faaks is it grutte oargel yn de Bovenkerk te Kampen (1744) syn meast yndrukmeitsjende wurk. Dit oargel is wat piipwurk oangiet fral in fúzjeoargel. In protte pipen binne âlder as Hinsz. Der sit piipwurk yn fan in oar bekend oargelbouwerslaach út de 17e ieu, de famylje Slegel, mar ek fan in grut tal oargelbouwers fan foar en nei Hinsz.

[bewurkje seksje] Tsjerken mei in Hinsz-oargel

jier plak tsjerke byld manualen registers opmerkingen
1730/40 Grins Martinitsjerke Orgel Martinikerk Groningen.jpg III/P 47 Utwreiding fan it oargel fan Arp en Frans Caspar Schnitger; no (III/P/52) noch 2-3 registers fan Hinsz bewarre
1731 Zandeweer Herfoarme Tsjerke 13382421 Zandeweer Orgel.jpg II/p 16 Earste nijbou fan Hinsz; yn 19e en 20e ieu wizigings yn de disposysje
1733–34 Liens Petrustsjerke 4798888 Leens Orgel.jpg II/P 27 Nijbou fanwege Anna Habina Lewe, douairiêre Van Starkenborg; yn 19. en 20e ieu wizigings
1735 Loppersum Herfoarme Tsjerke 4795327 Loppersum Orgel.jpg II/p 20 Nij piipwurk yn haadwurk fan ien út 1562; yn 1803 ferfanging fan it piipwurk fan it rêchwurk troch H.H. Freytag
1738 Kampen Broedertsjerke Kampen Broederkerk Orgel03.jpg III/P 32 Nijbou mei gebrûk fan registers fan it âlde oargel; 1822 ombou troch A. van Gruisen (II/p); letter útwreiding en wizigings
1739 Bronkhorst Herfoarme Kapel I 7 Nijbou fan in kabinetoargel foar Utert(?); wizigingen yn de disposysje 19e ieu; hat op ferskate plakken stien
1739 Utert Akademygebou II/P 22 Ienklaviers nijbou foar Luterske tsjerke Dimter
1741–43 Kampen Boventsjerke Kampen Bovenkerk Orgel06b.JPG III/p 33 Ombou en útwreiding fan oargel fan Slegel (1676) ta grutste oargel fan Hinsz; yn 1790 in selsstannich pedaal en in boarstwurk fan H.H. Freytag en F.C. Schnitger (IV/P/46) derby; letter wizigingen; no IV/P/56
1744 Appingedam Nicolaïtsjerke 4795298 Appingedam Orgel.jpg II/p 20 Nijbou; goed bewarre
1751 Meeden Benediktustsjerke 4722331 Meeden Orgel.jpg I/p 8 Nijbou
1752/68 Noordbroek PKN Tsjerke 21BNoordbroek orgelDSCF0029.jpg II/P 24 Utwreiding fan oargel fan Arp Schnitger (1696) en wizigingen yn de disposysje; 1809 selsstannich pedaal fan H.H. Freytag derby; 1855 wiziging troch P. van Oeckelen
1754 Kampen Bûtentsjerke Buitenkerk Kampen Hinsz organ.jpg II/P 20 Nijbou, wol âld piipwurk brûkt
1758 Peize Herfoarme Tsjerke Peize orgel.JPG II/P 22 Rêchwurk oan âlde oargel fan A. Verbeeck (1631) tafoege; oargel oant 1862 yn de Pepergasthûstsjerke yn Grins
1765 Tsjom Johannestsjerke II/p 20 Ombou fan it oargel fan Stevens
1763–66 Leer Große Kirche LeerGroßeKircheOrgelempore.jpg II/p 21 Oargel fan Marten de Mare (1609) ta in nijenien omboud, útwreiding fan haadwurk kwa disposysje en klavieren, nije kast en tafoeging fan in rêchwurk; no III/P/37
1766–67 Seisbierrum Herfoarme tsjerke 37949589 Sexbierum Orgel.jpg II/P 27 Nijbou; in 1922-24 piipwurk ferfongen; ses-register fan Hinsz nei Boarnburgum, ien nei Waaksens en fjouwer nei Sebaldebuorren
1769 Wassenaar Doarpstsjerke II/p 13 Nijbou; 1792 tafoeging fan in rêchwurk troch L. van Dam; no I/p/20
1770 Haren Nikolaastsjerke 4795182 Haren Orgel.jpg I/P 13 Nijbou
1772 Midwolda Krústsjerke II/P 33 Nijbou; goed bewarre
1774 Grins Pelstergasthûs Groningen Pelstergasthuiskerk orgel.jpg II/p 20 Utwreiding fan it oargel fan Arp Schnitger (1693/1712); 1875 wizigings yn de disposysje fan P. van Oeckelen
1775–76 Harns Grutte Tsjerke Harlingen Grote Kerk.jpg II/P 34 Nijbou; 1864 wizegingen troch P. van Oeckelen
1776–77 Dantumawâld Benediktustsjerke Damwoude Organ St. Benedictuskerl.jpg I/p 8 Nijbou
1777–78 Minnertsgea Herfoarme Tsjerke II/p 20 Nijbou; ferbaarnd yn 1947
1780 Roan Herfoarme tsjerke II/p 17 Nijbou
1781 Boalsert Martinitsjerke Martinikerk2 Bolsward interieur.jpg II/P 34 Nijbou; 1861 in boarstwurk taheakke troch L. van Dam; nû. III/P/42
1783 Driezum Grutte Tsjerke I/p 11 Nijbou; wizigingen yn 19. en 20e ieu
1783 Godlinze Pankratiustsjerke 4795243 Godlinze Orgel.jpg I/p 12 ombou fan it twaklaviers oargel fan Arp Schnitger (1704) yn in ienklaviers ynstrumint
1785 Uthuzermieden Mariatsjerke 4784273 Uithuizermeeden Orgel.jpg II/P 28 lêste nijbou, net troch Hinsz foltôge; letter ferskate wizigings

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Skiednis firma Roelf Meijer, oargelbouwers
  • Wikipedia nl: Albertus Antonius Hinsz
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen