Peize

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Peizerwâlde

Peize (Drintsk: Paais) is in esdoarp[1] yn it noarden fan de provinsje Drinte, ûngefear tsien kilometer ten suden fan de stêd Grins.

Oant 1 jannewaris 1998 wie Peize in selsstannige gemeente. Nei de Gemeentlike weryndieling fan Drinte makket it diel út fan de gemeente Noordenveld.

Oantal ynwenners (ynklusyf Altena, Peizermiede en Peizerwâlde):

  • rom 5100 (per 1 jannewaris 2003)
  • 5337 - (per 1 jannewaris 2004)

Tsjintwurdich is Peize in forinzedoarp mei sterke oriïntaasje op de stêd Grins.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Hoptylt

Eartiids wie it in typysk Drintsk boeredoarp mei benammen mingde bedriuwen.
Yn de sechtjinde en santjinde ieu stie it doarp bekend om it kweken fan hop, benammen brûkt foar it biermeitsjen yn de stêd Grins.
De hopbel wie it byldmerk yn it gemeentewapen. De namme hop komt o noch foar yn ferskate nammejouwings lykas Hoppekampwei, feriening De Hopruters, âldereinsintrum De Hoprank en wykblêd de Hopbel.

Ta learing en fermeits is troch in groep frijwilligers in oantal saneamde Hopkûlen ynrjochte. Dit 'libben museum' leit oan it fytspaad dat útkomd op de Hoppekampwei en toant de klassike Hoptylt.

Om in byld te jaan fan de grutte fan de hoptylt yn Peize en omlizzende doarpen: út grûnskattingsregisters fan 1650 blykt dat 54% fan alle hoptylt yn Noard Drinte barde yn Peize. Elke boer yn Peize die mei oan de hoptylt, fjouwer fan harren dienen neat oars. It gemiddeld oantal "hopkûlen" de kweker wie 1043. (In hopkûle is in omwâle perkje fan 1 m² wêrbinnen in oantal hopplanten tsjin hege peallen of staken omheech groeie.)

Yn de earste helte fan de njoggentjinde ieu blykt de hoptylt hast hielendal ferdwûn te wêzen.

[bewurkje seksje] It besjen wurdich

[bewurkje seksje] Sport en rekreaasje

  • It Iepenlofstswimbad is yn de sechtiger jeirren boud en wurdt sûnt 1988 troch in grutte groep frijwilligers yn stân hâlden.

[bewurkje seksje] Bekende Nederlanners berne of wenjend yn Peize

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Bijhouwer J.T.P. (1977). Het Nederlandse Landschap. Amsterdam: Kosmos.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen