Lier (stêd)
| Lier | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 34.301 (2010)[1] | |
| Oerflak | 70,3 km² | |
| Befolkingstichtens | 488 km² | |
| Hichte | 3 m. boppe seenivo | |
| Polityk | ||
| Lân | Dútslân | |
| Dielsteat | Leechsaksen | |
| Distrikt | Lier (East-Fryslân) | |
| Oar | ||
| Postkoade | 26789 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| *Simmertiid | UTC +2 | |
| Webside | www.stadt-leer.de | |
Lier (Sealterfrysk: Lier, Dútsk: Leer) is in stêd yn East-Fryslân (Nedersaksen, Dútslân), yn it distrikt Lier. Der wenje likernôch 34.000 minsken. Nei Emden en Auwerk is Lier it tredgrutste plak fan East-Fryslân.
Lier wie om 1400 hinne it wenplak fan de haadling Fokko Ukena, dy't in skoft de machtichste haadling fan East-Fryslân wie.
Ynhâld |
Geografy [bewurkje seksje]
Lier leit yn it suden fan de regio East-Fryslân, likernôch 20 km eastlik fan Grinslân. De stêd is oarspronklik ûntstien oan de Leda, mar leit no, troch stedsútwreiding nei it westen ta, ek oan de Iems. Hoewol't Lier sa'n 30 km fan de kust ôf leit, kinne der noch wol grutte skippen oer de Iems nei de stêd farre.
Stedsdielen [bewurkje seksje]
- Lier (sintrum)
- Leerort
- Heisfelde
- Loga
- Logabirum
- Nüttermoor
- Hohegaste
- Nettelburg (súdlik fan de Leda, yn Overledingerland)
- Bingum (westlik fan de Eems, yn Rheiderland)
Skiednis [bewurkje seksje]
Der binne in soad tekens fan iere bewenning, sa as it earste ark dat op 3200 f. Kr. antedearre wurdt. Yn it jier 791 bout Liudger de earste kapel yn East-Fryslân bewesten de delsetting Leer. Dy kapel stiet omskreaun yn in dokumint fan it jier 850.
Yn de 14e en 15e ieu wennen de Ukena's yn de stêd, in tige wichtige East-Fryske famylje yn dy tiid. De Hânze smiet in soad foar har op, hja bouden ek it fort Leerort. De stêd krige merkrjocht yn 1508 troch greve Edzard I. Yn 1744 kaam East-Fryslân ûnder Prusysk bewâld. Yn 1854 kaam Lier oan it "Hannoversche Westbahn" te lizzen, dy't Emden mei it Ruhrgebiet ferbûn. Yn de nacht fan 9 op 10 novimber 1938 wurdt de synagoge fan Lier yn 'e brân stutsen troch oanhingers fan it nije nazi-rezjym. Lier hie minder skea fan de bombardeminten yn de Twadde Wrâldkriich as Emden en Wilhelmshaven. De stêd waard fan Kanadeeske troepen ferovere op 28 april 1945. Yn 1950 ferliend de Nedersaksyske minister fan Ynlânske Saken de stêd Lier it rjocht, om in nij offisjeel stêdswapen te kiezen. It nije stedswapen is basearre op in segel fan 1639. Op 1 oktober 1955 krige Lier de status fan selsstannige stêd. Yn it jier 1968 waarden Heisfelde en Loga stedsdielen fan Lier, Leerort waard yn 1971 in gemeente fan it distrikt, Bingum, Hohegaste, Logabirum, Nettelburg en Nüttermoor folgen yn 1972.
Rychje mei lannen dêr't Lier eartiids ûnder foel: 
- Gr./Fd. = Greefskip/Foarstedom, Prs. = Prusen, Hann. = Hannover, Nds. = Nedersaksen
Ynwennerûntjouwing [bewurkje seksje]
- 1998 - 33.437
- 1999 - 33.600
- 2000 - 33.849
- 2001 - 34.109
- 2002 - 34.088
- 2003 - 33.979
- 2004 - 33.682
- 2005 - 34.367
Kultuer [bewurkje seksje]
Museums [bewurkje seksje]
- Böke-Museum - mei wurk fan Karl-Ludwig Böke en oare keunstners
- Keunstsintrum Coldam
- Haus Samson - East-Fryske wenkultuer út de 18e en 19e ieu
- Heimatmuseum - regionaal museum mei benammen skiednis fan de skipfeart
- Museumhaven
- Teemuseum
- "Prinz Heinrich" - skip út 1909
Burgen [bewurkje seksje]
- Evenburch
- Haneburch
- Philippsburch
Tsjerken [bewurkje seksje]
- Friedenskirche Loga (13e ieu)
- Luterske tsjerke (1675)
- Grutte tsjerke (1785-1787)
Oare bouwurken [bewurkje seksje]
- Jann-Berghaus-Brücke - grutste klapbrêge fan Europa
- Ledasperrwerk - wetterkearing
- Stedhûs en waach
- Wettertoer
Parken [bewurkje seksje]
- Schlosspark der Evenburg
- Philippsburger Park
- Julianenpark
- Naherholungsgebiet Leeraner Westerhammrich
Utgean [bewurkje seksje]
- Jugendzentrum - jeugdsintrum mei grut poadium dêr't wol ris grutte artysten komme
- Zollhaus - konsert en teater
Ekonomy en ferkear [bewurkje seksje]
Twa autobahnen (sneldiken) kruse benoarden Lier, de A 28 (Lier - Bremen) en de A 31 (Emden - Oberhausen, Ruhrgebiet). De stêd hat sels hat trije ferbinings mei de sneldiken. Noardwestlik fan de stêd giet de A31 fia de Iemstunnel ûnder de Iems troch. Ut it suden komt de B 70 fan Papenburch. De B 70 krúst yn Lier de B 436/E 22, dy't dêrmei nei Sande giet. It treinstasjon fan Lier is in oerstapstasjon mei út it suden/súdwesten wei de trein fan Grins en Munster, nei it noarden ta it spoar nei de haven fan Emden (mei grutte VW fabryk) en nei it easten leit it spoar nei Bremen. Noardlik fan de stêd leit it fleanfjild Lier-Papenburch dat passazjiers ferfiert nei oare fleanfjilden yn de buert, benammen toeristen nei de East-East-Fryske eilannen. In grut ynternasjonaal fleanfjild wat tichtby it fleanfjild fan Lier leit is dat fan Bremen. Yn 2002 krige de stêd in priis foar de meast fyts freonlike stêd yn Nedersaksen. Reden dêrfoar wie it grutte oantal fytspaden.
Lier hat in grutte haven mei in protte skippen - likernôch 20 persint fan de Dútske hannelsfloat is yn Lier registrearre. De Bünting groep [1] sit sûnt 1806 yn Lier en is ien fan de grutste wurkjouwers fan de stêd. Bünting is eigner fan ferskate supermerken, mar it bedriuw is mear bekend om syn East-Fryske tee.
Berne yn Lier [bewurkje seksje]
- Fokko Ukena (1370–1436), Eastfryske haadling
- Petrus Hofstede de Groot (1802-1886), Nederlânsk teolooch
- Onno Klopp (1822–1903), histoarikus
Bining mei Lier [bewurkje seksje]
- Ubbo Emmius (1547–1625), histoarikus
- Marron C. Fort (* 1938), taalkundige
Nijsgjirrich [bewurkje seksje]
- Ynwenners fan Lier wurde Leeraners neamd.
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lier fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |