Protter
protter | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Sturnus vulgaris | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De protter (Sturnus vulgaris) of rûts, staar, staring, stark en starring, is in lânseigen fûgel yn Jeropa en Aazje. Hy is ek oerbrocht troch de minsken nei Noard-Amearika, Súd-Afrika, Austraalje en Nij Seelân. Omdat protters harren maklik oanpasse wurde se yn inkele fan dy lannen al as in pleach sjoen.
Uterlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 19-22 sm grutte protter is hielendal swart mei grize spikkels. Hy hat glânzjende fearren mei in brûnsgriene of pearse gloed. De fûgel yt fan alles, bygelyks ynsekten, beien en wjirms.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De protter hat syn nest yn in holte, bygelyks yn in beam of in nestkast. Hy leit 3-6 aaien dêr't beide fûgels sa'n 2 wiken op briede. De jongen bliuwe 3 wiken op it nest foar at se útfleane.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de hjerst en winter foarmje de protters grutte kloften. By jûntiid sammelje sy har' yn in grutte groep en sykje in sliepplak op. De fûgels yn Nederlân binne foar it grutste part trekfûgel en lûke nei it suden en westen ta, sa as Frankryk en Grut-Brittanje. Op de plakken dêr't se oerwinterje foarmje de protters somtiden wol kloften fan oant 1 miljoen fûgels.
Protters binne by steat om de lûden fan oare fûgels nei te dwaan.
Protters op it menu
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn eardere iuwen stiene jonge protters yn grutte parten fan Europa op it menu. De jonge fûgels waarden fongen yn saneamde protterpotten, in keramyske nêstgelegenheid. De protterpot hie in fleangat en wie oan de efterkant, dy't tsjin de muorre hong, iepen, sadat de jonge fûgels der krekt foar it útfleanen maklik út heljen wienen. Oan wjerskanten fan it fleangat sieten gatsjes, dêr't men, as de fûgels grutter waarden, stokjes troch stuts om foar te kommen dat de protters útfleagen. It Nederlânsk sprekwurd "Ergens een stokje voor steken" komt dêr fan ôf. Protterpotten binne tsjintwurdich wer yn swang as nêstgelegenheid.
De protters waarden ferwurke ta pastei of der waard prottersop fan makke.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fûgelsoarte
- Protter
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn de Azoaren
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Yslân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Madeara
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Eksoat yn Alaska
- Eksoat yn Argentynje
- Eksoat yn Austraalje
- Eksoat yn Bermuda
- Eksoat yn Brazylje
- Eksoat yn de Falklâneilannen
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Fidzjy
- Eksoat yn Kanada
- Eksoat yn Meksiko
- Eksoat yn Nij-Seelân
- Eksoat yn Oerûguay
- Eksoat yn Perû
- Eksoat yn Sily
- Eksoat yn Sint-Pierre en Miquelon
- Eksoat yn Súd-Afrika