Yurizan Beltran

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Yurizan Beltran
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Yurizan Beltran.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Yurizan, Yuri Luv
echte namme Yurizan Beltrán Lebanue
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 7 novimber 1986
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
stoarn 13 desimber 2017 (31 jier)
stjerplak Bellflower (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Quebec.svg Kebekaansk
Flag of Brazil.svg Brazyljaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20102016
offisjele webside
www.sweetyurizan.com

Yurizan Beltran, echte namme: Yurizan Beltrán Lebanue (Los Angeles, 7 novimber 1986 - Bellflower (Kalifornje), 13 desimber 2017),[1] wie in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't earder ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Yurizan en Yuri Luv.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beltran wie hikke en tein yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Har heit wie in Frânsk-Kanadees, ôfkomstich út 'e provinsje Kebek, wylst har mem fan Brazyljaansk komôf wie. Yn 2005 sette Beltran útein mei har eigen eroatyske webside, SweetYurizan.com, wêrby't se har yn 't earstoan beheinde ta neakenfotografy. Yn 2010 makke se har debút yn in pornografyske film.

Dêrnei spile se yn hast 100 pornofilms, wylst se dêrnjonken yn 2008 ek in roltsje hie yn 'e mainstream-horrorfilm Werewolf in a Women's Prison. Yn totaal waard Beltran seis kear nominearre foar in AVN Award (de Oskars fan 'e pornowrâld), en dêropta ien kear foar in XRCO Award en twa kear foar in NightMoves Award. Yn 2016 beëinige se har karriêre yn 'e pornoyndustry. Op 13 desimber 2017 waard se dea oantroffen yn har hûs yn Bellflower (Kalifornje). Beltran waard 31 jier âld. De plysje fermoede dat de deadsoarsaak in oerdoasis drugs wie.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2009 AVN Award nominearre ynternetstjer fan it jier n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Mai Ly, Lela Star en Alyssa Reece) Not Monday Night Football XXX
Xbiz Award nominearre ynternetbabe fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste ynternetstjer n.f.t.
2012 AVN Award nominearre ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
NightMoves Award nominearre bêste Latino-akteur
2013 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Nyomi Banxxx en Chanel Preston) Training Day: A Pleasure Dynasty Parody
NightMoves Award nominearre bêste aktrise út in etnyske minderheid n.f.t.
Sex Award finaliste favorite webside fan in pornostjer (foar YuriLove.com) n.f.t.
2014 AVN Award nominearre ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Allie Haze) Lesbians Unchained
XRCO Award nominearre ûnbesongen sirene n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sophie Inge, Porn Star Yuri Luv (31) Dead, yn: The Daily Mail, 15 desimber 2017

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.