Springe nei ynhâld

Wopke Harmens de Vries

Ut Wikipedy
Wopke Harmens de Vries
persoanlike bysûnderheden
oare namme Grutte Wopke fan Kûkherne
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 12 maaie 1821
berteplak Ikkerwâld
stoarn 2 augustus 1893
stjerplak Kûkherne
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
aktyf as Wûnderdokter
reden
  bekendheid
Wûnderlike genêzingen
offisjele webside
gjin

Wopke Harmens de Vries (Ikkerwâld, Dantumadiel 12 maaie 1821 - Kûkherne, 2 augustus 1893) wie wûnderdokter út Kûkherne. Hy wie bekend as Grutte Wopke. Hy waard faak rieplachte by sykten dy't troch tsjoenderij feroarsake wêze soene; it folk neamde dizze singeliere man dêrom ek duvelbanner. Oant fier yn de 20e iuw giene der in protte ferhalen oer him.

Hy wie in soan fan Harmen Wybes de Vries en Minke Wopkes (Menke) van der Ploeg en boaske yn 1864 yn Tytsjerksteradiel mei Riemkje Luitsens Fink, dy't mar 39 jier wurde soe. It pear krige twa jonges, dy't jong stoaren, en in famke.

Wopkes heit wie hûsfeint en koetsier by dokter (Medicinae Doctor) Petrus H. Feenstra dy't op it slot Jagtlust yn Kûkherne wenne. At dokter it fjild yngie om genêskrêftige krûden en woartels te sykjen, naam er heit Harmen, en letter ek de jonge Wopke wol mei as 'assistint'. Sadwaande krige Wopke kennis fan de genêskrêft fan de ferskate planten. Dy kennis brûkte er ynearsten foar it better meitsjen fan fee, mar doe't dokter Feenstra yn 1852 kaam te ferstjerren en der gjin nije dokter yn Kûkherne kaam, begûn Wopke sels in medyske praktyk yn syn hûs oan de Swemmer. Hy wie doe 32 jier. Fan dokter Feenstra urf er ferskate medyske hânboeken.

Fan fier en hein kamen de minsken foar advys en genêzing nei Wopke de Vries, ek begoedige lju. Ut de ferhalen docht bliken dat Wopke ek in goed minskekenner wie en saaklik ynsjoch him net frjemd wie.

Wopke de Vries stoar yn de âldens fan 72 jier en kaam te hôf by de tsjerke fan Feanwâlden. Syn frou wie al weirekke yn 1869. Harren dochter Minke (* 1865) sette de praktyk fan har heit op beskieden wize fuort.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Vries, Wopke H. de.

Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1096.