Oerlis:Wopke Harmens de Vries

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Ieneach fan 'e Esk: Goejûn. Neffens my hawwe jo de nijste ensyklopedy oer Fryslân. Hat dy noch in stikje oer Grutte Wopke? It soe my wurk besparje kinne. Drewes (oerlis) 13 feb 2018, 18.14 (CET)[beäntwurdzje]

@Drewes: Goejûn. Ik haw yndie de Nije Ensyklopedy fan Fryslân, en ik haw even foar jo sjoen. Der stiet wol in lemma oer de man yn, mar ik betwifelje oft jo der folle oan hawwe sille, sa summier is it. Jo moatte wol even goed nei de berteplakken en -data sjen; dy haw ik hjirûnder goed oertypt, mar wike ôf fan wat der hjir yn it artikel stiet. De hiele tekst is:

Grote Wopke (Akkerwoude, 12.5.1821 - Kuikhorne, 2.8.1893). Volksbenaming voor de wonderdokter en duivelbanner Wopke Harmens de Vries. Begon op 32-jarige leeftijd een praktijk in Kuikhorne. Over hem zijn vele legendarische verhalen bekend. Zie: Henstra, K.R., Duivelbanners en Wonderdokters in de Wouden (2007).

Mear stiet der net yn, dat dêr sille jo it mei dwaan moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 feb 2018, 23.04 (CET)[beäntwurdzje]