Jagtlust (Kûkherne)
De bûtenpleats Jagtlust stie eastlik fan Kûkherne, besuden de Kûkhernewei, eastlik fan de Eastersingel en westlik fan de Kûkhernsterfeart yn de gemeente Dantumadiel.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hûs waard koart nei 1758 set. It hie in hege stoepe foar de foardoar. Oan wjerskanten fan de stoepe stiene twa stiennen liuwen, dy't elts in wapenskyld fêstholden, mei nei alle wierskyn it wapen fan de Van Haersma's. Neffens oerlevering kamen de Nassau's der faak om te jeien. Dat soene yn de 17e iuw de Fryske steedhâlders west hawwe. At it al sa west hat, dan wiene dy jachtpartijen wierskynlik incognito.
In Lykas Schwartzenberg boaske oan in Van Haersma, dy't op de Stania State wennen. Yn 1758 kocht er in bosk westlik fan Kûkherne en liet dêr in hûs sette om't er ticht by syn boskboubedriuw dêre wenje woe.
Ien fan de lettere eigeners wie kantonrjochter Wybe fan Haersma, mei de bynamme "Wylde Wibe". Nei syn dea yn 1822, bleau syn widdo Aalkjen Braunius yn it hûs wenjen. Sy stoar dêr op 4 maaie 1823 en yn septimber waard it hûs by in iepenbiere feiling ferkocht. It bûten waard omskreaun as: "de buitenplaats Jagtlust met belendende boereplaats (10 bunder) voorts 155 bunder bosch te Kuikhorne en Veenwouden in gebruik bij Mr. W. H. van Haersma".
Earst op 8 novimber 1824 waard it hûs ferkocht oan dokter Petrus H. Feenstra út Kimswert. Hy feroare in protte oan hûs en tún. Der waard in grutte fiver oanlein. De grûn dy't dêrby frijkaam waard brûkt om in hichte op te smiten, dêr't in belvédère op set waard.
Op dy belvedêre sette er in teleskoop dêr't er mei it hielal bestudearre. De dokter naam in koetsier yn tsjinst, Harm Durks de Vries, de heit fan Grutte Wopke fan Kûkherne. Dokter Feenstra stoar yn 1850 en yn de Ljouwerter Krante fan 1852 stie in advertinsje dêr't de "Verkoop der buitenplaats Jagtlust te Kuikhorne" oankundige waard.
It hûs waard kocht troch de pinsjoenearre seekapitein Dur Leu dy't troud wie mei in "Van Knijff". Faaks is Dur Leu yn 1872 stoarn, om't Jagtlust yn dat jier wer ûnder de hammer kaam. De ferkeap slagge net bot, want yn 1886 stie it wer te keap. Muglik is it fan doe ôf oan ferhierd en yn 1892 waard it wer te keap oanbean fanwege de widdo Dur Leu-Van Knijff. Doe waard it hûs úteilik kocht foar ƒ709,- [1] troch sigarefabrikant T. Wiegersma J.Rz. út Ljouwert. Hy wie fan doel dêr in sigarefabryk yn te begjinnen.
Om it fabryk better berikber te meitsjen, skreau er de oanswettende gemeenten oan, om de Swettewei befluorje te meien, mar dêr hat in soad striderij oer west. Doe't de Swettewei lang om let in strjitwei waard, wie it fabryk der al net mear.
Yn 1906 wurdt Jagtlust ôfbrutsen en de stiennen liuwen wurde by it âlde gemeentehûs yn Burgum (Van Sminiahûs) pleatst. Yn 1936 waard it gemeentehûs sloopt en de liuwen ferkocht oan Jhr. H.W.L. de Beaufort, eigener fan kastiel Leeuwenburg by Langbroek, gemeente Driebergen. De liuwen mei de Fryske wapens fan de famyljes Van Coehoorn en Van Scheltinga steane dêr noch altyd.
Fan Jagtlust binne allinne de kelders oer, mar dy binne lykwols folstoart mei pún.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- om 1758 Lykas Schwartzenberg
- - 1822 mr. Wybe van Haersma, troud mei Aalkjen Braunius
- 1822 - 1823 Aalkjen Braunius 1823 - 1824 erfgenamten mr. Wybe van Haersma
- 1824 - 1850 dokter Petrus H. Feenstra
- 1850 - 1852 erfgenamten Petrus H. Feenstra
- 1852 - 1872 seekaptein Dur Leu
- 1872 - 1892 widdo Dur Leu-Van Knijff
- 1892 - om 1900 T. Wiegersma J.Rz.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|