Kûkhernster Feart
Appearance
(Trochferwiisd fan Kûkhernsterfeart)
De Kûkhernster Feart is in wetter tusken Kûkherne en de Burgumer Mar. It is in part fan it streamkanaal De Swemmer nei Dokkumer Nije Silen.
Om 1450 is de ferfeanting yn dit gebiet al oan de gang. It Sint Nikolaaskleaster fan Burgum lei besuden Kûkherne. Wierskynlik hawwe de muontsen út dit kleaster de Kûkhernster Feart groeven om it fean fanút de Burgumer Mar ôf te fieren of om it fean berikke te kinnen.