Springe nei ynhâld

Wolmûzen

Ut Wikipedy
Wolmûzen
In keningstsjintsjilla (Chinchilla chinchilla).
In keningstsjintsjilla (Chinchilla chinchilla).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha)
tuskenskift: kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi)
lytsskift: kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha)
boppefamylje: tsjintsjilla-eftigen (Chinchilloidea)
famylje: wolmûzen (Chinchillidae)
Bennett, 1833

De wolmûzen (wittenskiplike namme: Chinchillidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi), it lytsskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha) en de boppefamylje fan 'e tsjintsjilla-eftigen (Chinchilloidea). Ta dizze taksonomyske groep hearre de 7 libbene soarten tsjintsjilla's, berchfyskatsja's en flaktefyskatsja's.

Dizze bisten komme foar yn súdlik en westlik Súd-Amearika, dêr't de measten yn 'e Andes libje, mei ien soarte, de fyskatsja (Lagostomus maximus), op 'e flakten fan 'e Gran Chaco en noardlik Patagoanje. Wolmûzen binne middelgrutte kjifdieren, mei in gewicht dat útinoar rint fan 800 g oant 8 kg. Se hawwe krêftige efterpoaten om mei te huppen, grutte earen en in boarstelige sturt. Har pels is tige tsjûk en sêft, en dêrom wurde guon soarten, yn 't bysûnder de tsjintsjilla (Chinchilla lanigera), wol holden yn 'e pelsdierfokkerij.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.