Springe nei ynhâld

Winkelsintrum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Winkelsintra)
The Mall, yn it Ingelske Bristol.

In winkelsintrum is in gebou of in rige byinoar hearrende gebouwen dêr't ferskate winkels en faak ek restaurants of oare ytgelegenheden en soms bioskopen yn fêstige binne. Tusken de winkels en oare saken troch rinne brede, oerdutsen gongen dy't op neibearde winkelstrjitten lykje en bredere oerdutsen romten dy't foar pleinen trochgean moatte. Winkelsintra hawwe meastal teminsten twa en soms mear boulagen, dy't mei roltreppen mei-inoar ferbûn binne. Under de begeane grûn is faak in parkeargaraazje makke, hoewol't it ek foarkomt dat der foar of oan 'e sydkant fan it winkelsintrum in grut parkearterrein yn 'e iepen loft is.

De ierste foarrinder fan it hjoeddeiske winkelsintrum wie nei alle gedachten de oerdutsen Merk fan Trajanus, dy't omtrint 100 of 110 yn Rome ûntstie. De Grutte Bazaar fan Isfahan, yn Iraan, dy't fierhinne oerkape is, datearret út 'e tsiende iuw en is noch altyd yn gebrûk. Ek ferskate oare bazaars yn it Heine Easten hawwe in lange skiednis. De Marché des Enfants Rouges, yn Parys, waard yn 1628 yn gebrûk nommen, de Oxford Covered Market yn Oxford yn 1774, de Grutte Gostiny Dvor yn Sint-Petersburch yn 1785, de Passage du Caire yn Parys yn 1798 en de Burlington Arcade yn Londen yn 1819. De The Arcade, yn Providence (Rhode Island), dy't yn 1828 iepen gie, wie it earste winkelsintrum yn 'e Feriene Steaten.

De konsintraasje fan winkels en oare gelegenheden is handich foar de klanten, dy't net fier hoege te rinnen om fan winkel nei winkel te gean, en it is ek oantreklik foar ûndernimmers, mei't op winkelsintra mear klandyzje ôfkomt as op losse winkels. Benammen by 't winter en by min waar is it noflik foar de klanten om oerdutsen winkelje te kinnen. By 't simmer, as it moai waar is en de minsken graach bûtendoar wêze wolle, kin it oerdutsen karakter fan in winkelsintrum just negatyf útpakke. Faak is de oanklaaiïng fan winkelsintra temarjochte, lykas mei de kryst, as der krystferljochting hinget en der in krystbeam opsteld is. Foarbylden fan bekende winkelsintra binne Winkelsintrum Saailân yn Ljouwert, Winkelsintrum Paddepoel yn Grins, Hoog Catharijne yn Utert, Winkelsintrum Alexandrium yn Rotterdam en Cityplaza yn Nieuwegein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.