Springe nei ynhâld

Wildlands Adventure Zoo Emmen

Ut Wikipedy
Wildlands Adventure Zoo Emmen
  dieretún
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeente Emmen (gemeente)
plak Emmen
adres Raadhuisplein 99
koördinaten 52°46′55″N 6°53′20″E
bysûnderheden
ôfkoarting Wildlands
type tradisjonele dieretún
oerflak 24 ha
tal bisten 7.000 (2016)
tal soarten 205 (2016)
wurknimmers 700 ("kearnbesetting": 300)
besikers 1,3 miljoen (2016)
netwurk(en) WAZA, EAZA, NVD, IAAPA,
   Klub fan Alve, IABES
skiednis
iepening 25 maart 2016
fuortk. út Dierenpark Emmen
gebou
namme gebou Wildlands Adventure Zoo
boujier 2013-2016
boustyl modern
boukosten €200 miljoen
offisjele webside
www.wildlands.nl
kaart
Wildlands Adventure Zoo Emmen (Emmen)
Wildlands Adventure Zoo Emmen
De lokaasje fan Wildlands yn Emmen.

Wildlands, folút Wildlands Adventure Zoo Emmen, is in bistetún yn Emmen. It park hat in oerflakte fan 24 bunder en is opdield yn trije temagebieten. Yn "Jungola" stiet de jungle sintraal, yn "Serenga" de savanne en de woestyn en yn "Nortica" de poalstreek. Yn in neibeard biotoop wurde yn elk gebiet karakteristike biste- en plantesoarten toand.

It park is ûntstien nei ferhuzing fan it eardere Dierenpark Emmen.[1] Foar dat park wie der yn de jierren 90 op en om har terrein oan de Haadstrjitte yn Emmen gjin romte mear foar útwreiding. It park krige dêrom yn 1998 in útwreiding oan de oare kant fan it sintrum, op de Noardbargeres. Nei jierrenlange diskusjes oer in folsleine ferhuzing, waarden yn 2007 plannen bekend makke dy't ynhâlden dat it bistepark it plak oan de Haadstrjitte ferlitte soe om him yn syn gehiel te fêstigjen op de Noardbargeres.[2]

Novimber 2013 waard begûn mei de bou fan it nije ferdivedaasjepark, in park mei trije temagebieten, attraksjes, bypassende gebouwen, hoareka, winkels, entertainment en in pear bisten. It waard op 18 maart 2016 offisjeel iepene troch kening Willem-Alexander. Mar al rap nei de iepening gie it ferkeard mei it park. Besikers bleaune fuort fanwegen de hege tagonspriis, de ôffallende atraksjes en om't der hast gjin bisten te sjen wiene.[3][4] Yn 2018 besleat de direksje fan it temapark om in achtbaan te bouwen om mear besikers te lûken yn in besykjen net fallyt te gean.[5][6] Achtbaan Tweestryd waard yn maart 2018 iepene, mar soarge net foar mear besikers oan it temapark. Krektoarsom, it tal besikers gie almar fierder omleech, en yn septimber 2018 stapte direkteur Frankwin van Beers dan ek op.[7].

It ynterimbestjoer gie daalks fan start mei plannen om fan it temapark wer in bistetún te meitsjen.[8] Ek waard fan novimber 2018 ôf de achtbaan op rêstige mominten diels stilsetten.[9][10] Ek waard in atraksje yn Nortica ferfongen troch in iepenbier akwarium mei haaien en roggen[11][12] en makke it stiennen entreeplein plak foar mear grien en in ferbliuw foar apen.[13] Ek waard it teätrale entertainment skrast[14] Troch de oanpassingen yn it park namen de besikersoantallen al yn 2019 wer ta, al draaide it park yn dat jier noch wol ferlies. Wol waard Wildlands yn dat jier troch Zoover útroppen ta bêste bistetún fan Nederlân.

It park is opdield yn trije grutte temagebieten, dy't elk model steane foar in biotoop, mei neist bistesoarten dy't karakteristyk binne foar it presintearre gebiet ek oanpaste gebouwen, hoareka en sûvenierwinkels. De yngong fan it park is in ûndertrochgong ûnder it Atlas Theater. Fuort achter de yngong is it eardere Kompasplein mei de entrees nei de trije gebieten, mar ek tusken de gebieten sels binne paden om fan it iene gebiet nei it oare te kuierjen.

Flintertimpel

Yn Jungola wurdt it tropysk reinwâld neibeard. It gebiet is ynrjochte mei in soad wetter en tropyske beplanting. De yngong fan it gebiet is de Flintertimpel, in tropyske kas dêr't neist in soad soarten flinters ek ûnder oare koartsnútkrokkedillen en netpytons húsfeste wurde.

Bûten de kas leit in gebiet dêr't deadskopaapkes frij tusken de besikers rinne kinne. Yn it binnenferbliuw fan de aapkes binne ek Azara's agûtys te sjen. Dêrneist is der in grut bûtenferbliuw foar de Aziatyske oaljefanten.

De grutste tropyske (bistetún)kas fan 'e wrâld, Rimbula, húsfêstet neist it binnenferbliuw fan 'e oaljefanten ûnderskate sûchdieresoarten en likernôch 30 soarten fûgels. Mei de Rimbula River kin in boattocht troch de kas makke wurde. Yn 2021 waard de kas opnaam yn it Guinness Book of Records as it grutste binnendoarreinwâld yn in bistetún. Bûten de kas is in ferbliuw foar lytsklau-otters.

Serenga stiet yn it teken fan drûge flakten, lykas de savanne en woestyn. It hat in iepen ynrjochting mei relatyf mar in pear beammen en in bytsje wetter. De yngong fan it gebiet is it saneamde Sinnepaleis, ien nei in moddermoskee foarmjûn gebou dêr't dwerchmangoesten yn libje. Op ien fan de muorren is in muorreskildering te sjen mei ferskate bisten. Dêrefter leit it Dogon-doarp, in bernebuorkerij dêr't de foarmjouwing fan ynspirearre is op de Dogon-kultuer. Besikers kinne hjir tusken de dwerchezels, Nubyske geiten, Westafrikaanske dwerchgeiten en hinnen omrinne. Ek Kameroenskiep binne hjir húsfêste.

It Sinnepaleis

It besikerspaad rint troch in ferbliuw mei swartsturtprêrjehûnen, in ferbliuw foar nylhoarsen (dy't sawol boppe as ûnder wetter besjoen wurde kinne); hjirnei liedt it paad troch in ferbliuw mei moeraswallabys en by de yngong fan Animazia del. Animazia is in 4700 grutte binnendoarboarterstún yn Serenga. In oerbliuwsel fan it eardere Noorder Dierenpark Emmen. Neist de boartersfoarsjenningen binne hjir ek in pear bisteferbliuwen makke, wêrûnder akwaria. Dêrta hearre ûnder mear in grut akwarium mei sopskyldpodden en ferskate lytsere akwaria mei readbúkpiranja's, seestjêrren en seeychels te finen. Ek is der in buizestelsel mei neakene molrotten. By de útgong sit in ferbliuw foar spoareskyldpodden.

Njonken Animazia sit in "woestyn" mei kamielen en onagers. In houten brêge foarmet de ôfskieding tusken in ferbliuw foar liuwen en in "savanne" mei Rothschildsjiraffen, wite noashoarns, steppesebra's, blauwe gnoes, wetterbokken en impala's. Om de savanne hinne is ek in ferbliuw foar stôksturtsjes, in as Masai-doarp foarmjûn ferbliuw foar seboes en pinsielswinen en ien as ferfallen amfiteater foarmjûn ferbliuw foar mantelbavianen te finen. Tusken de lêste beide is de tagong ta de Serenga Safari. Hjir kin in rûnrit oer de "savanne" en troch de "woestyn" makke wurde yn in frachtwein. Fierder is der in foliêre en in ferbliuw mei fikûnja's en nandoes.

Robbenhafen

It gebiet Nortica stiet yn it teken fan kâldere streken, lykas de poalstreek en de taiga. It gebiet ûnderskiedt him troch in soad wetter, rotsen en nullebeammen. De yngong fan it is foarmjûn as in yndustrieel Amerikaansk havenstedsje. Hjir binne in ferbliuw foar súdlike seebearen en Kalifornyske seeliuwen, in ferbliuw foar brune rotten en de Arctic 1, in as ekspedysjewein foarmjûne 4 D-bioskoop, dêr't in reis troch de poalgebieten mei simulearre wurdt.

Nortika herberget boppedat in "houtseagerij" mei oan beide siden in bisteferbliuw. Oan de iene kant libje streekte stjonkdieren, waskbearen en reinbôgeforellen en oan de oare kant Jeropeeske bevers, diamantsteuren en ek reinbôgeforellen. Om de houtseagerij hinne binne fierder in ferbliuw foar iikhoarntsjes út Sibearje en in foliêre foar snieûlen.

Flakby is ien as "ûndersyksstasjon" foarmjûn gebiet dêr't humboldtpinguïns en iisbearen sawol boppe as ûnder wetter besjoen wurde kinne. En in Noardsee-akwarium mei ûnder mear spikkelbûnte roggen, hûnehaaien, kattehaaien en in bûnte toanhaai.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: