Impala (antilope)
De impala of roaibok (Aepyceros melampus) is ien fan de meast algemiene antilopesoarten yn Afrika súdlik fan de Sahara. Hy is de iennige soarte út de ûnderfamylje Aepycerotinae en it skaai Aepyceros, hoewol't er bytiden ek ta oare ûnderfamyljes rekkene wurdt, lykas de Alcelaphinae of de Antilopinae.
Kenmerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De impala is in slanke, middelgrutte antilope mei in lange nekke. De facht is readbrún of gielbrún fan kleur, ljochter op de skouders, de nekke en de kop en it ljochtst op it ûnderste diel fan de skoften. De ûnderside is wyt fan kleur, lykas de kiel, kin, boppelippe, wynbrauwen en it binnenste fan de earen. De top fan de earen is swart, krektas de noas. Ek rint der in fertikale streek fan de sturt oer it efterste, en in streek oer de boppeside fan de sturt. Op de efterpoaten, boppe de hakke, sit in plom fan lang, swart hier. Der besteane ek swarte impala's, mar dy binne tige seldsum en wurde net folle yn it wyld sjoen.
Allinnich it mantsje hat hoarnen. Dy hoarnen binne slank, lierefoarmich en swier ringe, en kinne mear as 90 sm lang wurde. Wyfkes hawwe gjin hoarnen. Se binne ek lytser as de mantsjes. De âlderdom fan de manlike impala kin oant op 5 jier presys fan ôfstân oan de foarm fan syn hoarnen ôflêzen wurde. By de bronst wurdt de nekke fan it mantsje tsjokker en syn facht donkerder troch in fetlike ôfskieding.
De impala hat in kop-romplingte fan 120 - 160 sintimeter, in skouderhichte fan 75 - 85 sintimeter en in sturtlingte fan 30 - 45 sintimeter. Wyfkes wage 40-60 kilogram, mantsjes 45-80 kilogram.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De impala libbet op iepen flakten en yn licht beboske gebieten, tichtby wetter. Sy hawwe in foarkar foar it grinsgebiet tusken greiden en Akasiabosk, mei genôch fretten, drinkensplakken, en skûlplakken. It soarte libbet yn it reinseizoen mear yn iepen gebiet, en yn it drûge seizoen mear yn bosken. Hy komt foar fan Kenia, Uganda en Rwanda súdoan oant de Transfaal, Botswana en East-Angola, mei in isolearre populaasje yn Súdwest-Angola en Namybje.
Leefwize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy libbet benammen fan koart gers, mar syn fretten kin ek út blêden bestean, wêrtroch't dizze soarte him ûnder ferskillende kondysjes goed hanthavenje kin. Benammen yn it drûge seizoen binne blêden fan strewellen en beammen, neist siedden, pûlen en krûden, in wichtich ûnderdiel fan it dieet. Hy moat wol deisk drinke. De impala fiedet him benammen yn it skimertsjuster, mar ek betiid yn de jûn en nachts. Oerdei besteget er in grut part fan de dei mei wjerkôgjen en rêsten op in skadich plak.
De impala hat in treflik gehoar en rooksin, wêrtroch't er fijannen al fan fier fernimt. It sicht is lykwols net sa goed ûntwikkele. By gefaar kinne se hiel hurd flechtsje en sprongen meitsje fan alve meter lang en trije meter heech.
De impala libbet yn lytse kudden fan minstens 6 bisten, besteande út ien of twa dominante mantsjes en harren harem fan oant 30 wyfkes en harren jongen. Wyfkes bliuwe har hiele libben by deselde kudde, mantsjes ferlitte de kudde as se folgroeid binne. Gruttere kudden, besteande út mear as fyftich bisten, binne net ûngewoan, benammen yn it drûge seizoen, at der minder greide is. De rest fan de mantsjes libbet yn frijfeintegroepen. Bisten hâlde kontakt mei elkoar trochdat se mei klieren yn de hakke in rookspoar efterlitte. In mantsje is meastentiids 4 - 6 jier âld eardat hy sterk genôch is om in territoarium en in harem ûnderhâlde te kinnen. Benammen yn de brûnstiid wurdt der swier fochten mei oare mantsjes. Yn de brûnstiid dekt de haremlieder in oantal wyfkes, mar de bewaking fan de harem en de pearing kostje it mantsje safolle enerzjy dat hy nei in oantal dagen opjout en in oar mantsje út de frijfeintegroep syn liedende rol oernimme kin.
At it reinseizoen begjint, wurde alle jongen hast tagelyk smiten. Dit is in foarm fan ferdigening fan it soarte tsjin de liuwen en oare rôfdieren: trochdat it oanbod sa grut is, kin in grut diel fan de jongen de sa gefaarlike earste moannen oerlibje. De helte fan alle jongen sil yn de earste wiken pakt wurde troch in rôfdier. Nei in draachtiid fan ûngefear twahûndert dagen smyt it wyfke ien jong, op in goed ferstoppe plak. Se bliuwt by it gerskjen yn de buert fan har jong. Se siket it lykwols allinnich op om it drinke te litten. Nei inkele dagen folget it jong syn mem, mar sil skûlje by it minste alaarm. In wyfke is nei achttjin moannen geslachtsryp. De impala wurdt oant fyftjin jier âld.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Soms wurdt de impala ek wol it "fast-food fan de wyldernis" neamd. Dizze naam tankje se net allinnich oan de ienfâldige beskikberheid fan de soarte as slachtoffer, mar ek oan de swarte streek op de sturt tegearre mei de twa swarte streken op de billen, dy't by in fuortrinnend bist sterk tinken dogge oan it bekende M-foarmige logo fan McDonald's.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aepyceros fan Wikimedia Commons. |