Springe nei ynhâld

Wikipedy:De opbou fan in wikipedy biografy

Ut Wikipedy
Oersjoch behearsiden
Siden oangeande Wikipedy-rjochtlinen

De opbou fan in wikipedy biografy. giet faaks yn in fêst stramyn.

Wêrom in Standertfoarm foar biografyen?

[boarne bewurkje]

It soe aardich wêze as yn de Wikipedy soartgelikense artikels úteinlik in soartgelikense opmaak en opbou krije. Lykas mei alles yn de Wikipedy Brân mar los om dêr dyn eigen ynfolling oan te jaan. Hjirûnder stiet in 'suggestje' foar de opmaak fan in biografy, en yn it bysûnder de opmaak fan de ynlieding.

Foar libbene persoanen

[boarne bewurkje]

Ut de Wikimedia Foundation wei is oplein dat der bûtengewoane soarchfâldigens tapast heart te wurden foar alle ynformaasje oangeande libbene persoanen. (sjoch:WP:BLP) Dat hâldt yn dat de rjochtlinen foar ynhâld konsekwint strang tapast hearre te wurden en alles wat net op betroubere boarnen berêst mijd of ferwidere wurde moat. It hâldt ek yn dat alles wat gefoelich is allinnich opnommen wurde mei as it publyklik bekend is, dus foaral as de persoan sels it publyk makke hat: dat omfettet de bertedatum en bertenammen fan de persoan, gegevens oer it persoanlike libben, ensfh. Dizze tebekhâldendens jildt yn noch sterkere mjitte foar gegevens fan dy bern, en oare persoanen út syn net-publike libben. In ensyklopedy hat ommers de bedoeling om de publyklik bekende ferrjochtingen fan in persoan wer te jaan, net syn persoanlike libben (of it moat wêze dat publyklik bekend én relevant is).

Foarbyld

[boarne bewurkje]

Ynfoboks

[boarne bewurkje]

De side begjint opsjoneel mei in ynfoboks dizze ynfoboks komt yn it resultaat net boppe oan de side te stean mar linksboppe. Der binne foar persoanen ferskate ynfoboksen beskikber lykas foar skriuwers, keunstners en sporters. (Sjoch foar alle beskikbere ynfoboksen Wikipedy:Ynfoboks), brûk de ynfoboks, "Persoan algemien" foar eltsenien dy't net yn ien fan 'e neamde boksen past. In ynfoboks befettet de basis ynformaasje oer in persoan, hjir ûnder in foarbyld fan hoe't in ynfolle ynfoboks der út sjen kin.

foarbyld
{{Persoan algemien
| ôfbylding                    = Frou Wikipediaan 2015.jpg
| ôfbyldingstekst              = ''Frou Wikipediaan (2015)''
| ôfbyldingsbreedte            = 
| echte namme                  = Frou de Fryske-Wikipediaan
| oare namme(n)                = 
| nasjonaliteit                = {{NEDnasj}}
| berne                        = [[2 septimber]] [[2002]]
| berteplak                    = [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]
| stoarn                       = 
| stjerplak                    = 
| etnisiteit                   = {{FRLetn}}
| regionale identiteit         = 
| berop/amt                    = Stikjes skriuwster
| aktyf as                     = Ensyklopedist
| jierren aktyf                = 2002 -
| reden bekendheid             = 
| bekendste wurk(en)           = Wikipedy
| prizen                       = 
| webside                      = [https://fy.wikipedia.org/ Webstee fan Frou Wikipediaan]
}}

Ynlieding

[boarne bewurkje]

Daalks nei de ynfoboks folget de ynlieding, de ynlieding komt yn it resultaat boppe oan de side te stean. Skriuw yn de earste sin fan de Folsleine namme mei tsjokke letters '''Frou de Fryske-Wikipediaan'''. As namme brûkst hjir de namme dêr't de persoan ûnder berne waard (mar der binne in protte útsûnderingen fan minsken dy't suver allinne ûnder harren lettere namme bekend binne, lykas troude froulju, de pausen, en in tal artiesten en oaren) mei fuortlitting fan letter ferkrigen titel(s), pseudonimen ensfh. Brûk by foarkar by bûtenlânske nammen de yn it Fryske taalgebiet meast brûkte stavering fan de namme. Sjoch ek Transliteraasje - en transkripsjegids (wês wach mei it ienfâldichwei oernimmen fan de yn it Ingelsk gebrûklike (fonetiysk-Ingelske) stavering.)

Nei de namme folget tusken heakjes () it berteplak, en de berte datum. ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[2 septimber]] [[2002]]). Tusken berteplak en bertedatum komt in komma , te stean. As de persoan oer wa de biografy giet ferstoarn is dan komt der efter de berte datum in streekje te stean - folge troch it stjerplak en de stjerdatum. ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[2 septimber]] [[2002]] - [[Dokkum]], [[24 july]] [[2024]]) ek hjir komt der tusken it plaknamme en de datum in komma te stean. Nei dizze ynformaasje komt der in koarte oer ynlieding oer wa it is en wêr't dy persoan bekend om wurden is, as wat de persoan foar grutte prestaasje berikt hat. Beskriuw fjirder yn de earste sin(nen) de essinsje fan it artikel. De ynlieding jout ommers in priuwke fan de rest fan it artikel.

foarbyld

Haadtekst

[boarne bewurkje]

Nei de ynlieding folget de haadtekst somtiden is de de ynlieding ek al de haadtekst mar by langere biografyen is it goed om tuskenkopkes te brûken. Yn in koarte biografy binne tuskenkopkes wat te folle fan it goede. Tuskenkopkes binne ek tefolle fan it goede as elk tuskenkopke folge wurdt troch net mear as twa of trije sinnen. De haadtekst giet it yn it earste plak oer de karriêre fan de persoan. It priveelibben en dat wat bekend is oer opliedingen en jonkheid is bysaak.

Ferstjerren

[boarne bewurkje]

As de persoan ferstoarn is kinne je de haadtekst ôfslúte mei de sin Frou de Fryske-Wikipediaan ferstoar op 24 july 2024, yn 'e âldens fan 22 jier. mocht der sprake wêze fan in sykte dan kinne je dat omsrkiuwe as Frou de Fryske-Wikipediaan ferstoar op 24 july 2024, yn 'e âldens fan 22 jier oan de gefolgen fan... "folje-mar-yn". Mocht immen himsels/harsels te koart dien ha, as ferstoarn wêze nei eutanasy fanwegen in slimme sykte, dan is it net altyd winsklik om dit yn in biografy op te nimmen wês hjirre tige hoeden mei, de neibesteanden kinne wikipedy ek lêze! Yn gefal fan dat immen himsels/harsels te koart dien hat folstiet yn it algemien de sin "Frou de Fryske-Wikipediaan ferstoar op 24 july 2024, yn 'e âldens fan 22 jier". By eutanasy is de sykte de foarlizzende oarsaak fan it ferstjerren, en net de eutanasy. As it algemien bekend is dat it om in sels keazen dea giet, sil gjinien jo tsjinhâlde it yn de tekst op te nimmen, mar it hat net de foarkar.

Bibliografy/wurken/prestaasjes

[boarne bewurkje]

Yn gefal fan in skriuwer/akteur/regisseur/muzikant kin nei de haadtekst ûnder it kopke Bibliografy/Filmografy/Diskografy in gronologyske list as tabel mei útbrochte wurken stean. Mar ek by sporters kin der in list as tabel wêze mei prestaasjes en oanfoljende ynformaasje.

Keppeling om útens

[boarne bewurkje]

As relevant kinst hjir bygelyks ferwizingen nei mear ynformaasje pleatse, it kopke Keppeling om útens komt altyd ûnder de haadtekst en oanfoljende listen mar boppe de boarne fermelding. As der boppe oan de side gjin gebrûk makke is fan in ynfoboks dan kin ûnder it kopke Keppeling om útens ek de webstee fan de beskreaune persoan komme te stean as de persoan in eigen webstee hat.

Boarnemelding

[boarne bewurkje]

Hast hielendal ûnder oan de side en in lêste wat echt sichtber is op de side binne de boarnem. Wichtich is om hjir it berjocht {{reflist}} net te ferjitten oars wurde de yn de haadtekst neamde referinsjes en noaten net sichtber yn de list mei boarnen. de wize fan it meitsjen fan in referinsje is itselde as by in keppeling alline moatte de keppelingen no yn de haadtekst op it ein fan in sin tusken de koades <ref> en </ref> stean. Oare boarnen kinne ûnder it berjocht {{reflist}} ynfoege wurde.

{{boarnen|boarnefernijing=
{{reflist}}
* {{fy}} [https://fy.boarnemelding.org/ boarnemelding.org]
}}

Kategoryen

[boarne bewurkje]

En dan op it lêst hielendal ûnderoan de kategoryen. Om te soargjen dat it artikel goed alfabetisearre yn de kategoryen werom te finen is. wurd boppe de kategoryen it berjocht DEFAULTSORT brûkt. De efternamme komt earst en dan in komma , en dernei de foarnamme. {{DEFAULTSORT:Wikipediaan de, Frou}}. Dizze wize soarget der foar dat de side op efternamme alfabetisearre wurd.

{{DEFAULTSORT:Wikipediaan de, Frou}}
[[Kategory:Frysk Wikipediaan]]
[[Kategory:Persoan berne yn 2002]]